
Ofrûne moandei 14 april krigen learlingen fan basisskoalle It Bynt yn Winsum in Lêskiste mei Fryske berneboeken kado út hannen fan René de Vries, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn’t alle skoallen fan de gemeente in fergeze Lêskiste oanbean krije. Yn de meartalige gemeente kin it fansels net oars as dat der kisten gearstald binne mei boeken yn it Frysk, Biltsk én Frjentsjertersk.
Njonken It Bynt krije dizze moanne ek de oare 28 basisskoallen, de trije skoallen foar fuortset ûnderwiis én de AZC-skoalle yn de gemeente in Lêskiste oanbean. De lêskisten binne beskikber steld troch de gemeente Waadhoeke, dêr’t Gerard de Jong meartalichheidskoördinator is. ‘Foorleze en leze, nije werelden ontdekke fia boeken, is och soa belangryk foor kines. ’t Raakt an alles: begripend leze, taalferriking, empathy, fantasy. ’t Belang fan leze en foorlezen worre is niet te overskatten. As gemeente wille wij dat graag stimulere. Wij binne d’r och soa wiis met dat de skoalen in deuze gemeente dat belang onderstreke, de ‘lêskist’ anfroegen hewwe en de Berneboekeambassadeur workshops geve late’, ljochtet De Jong ta.
Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, is optein: ‘It is sa wichtich dat bern harrensels weromfine kinne yn in boek, fia it ferhaal, mar ek just fia de taal. Dêrom is it sa moai dat skoallen no boeken yn it Biltsk, Frysk of Frjentsjertersk yn de boekekast stean hawwe. In streektaal of dialekt is likegoed de taal fan jins hert as in offisjele taal. Der is in berneboek foar elkenien, foar jong en âld, foar elke smaak is der wol wat.’ De Berneboeke-ambassadeur giet de kommende tiid by de skoallen yn de gemeente Waadhoeke del om te fertellen oer hoe fijn en moai (foar)lêzen yn de memmetaal is en om workshops te jaan wêrby’t de wille yn taal en ferhaal foarop stiet.
Ek oare skoallen yn Fryslân kinne harren fergees opjaan foar in besite fan de Berneboekeambassadeur, en spesjaal troch de Berneboeke-ambassadeur selektearre Fryske boekepakketten bestelle. Sjoch foar mear ynformaasje en it fergees útnûgjen fan de Berneboeke-ambassadeur op: www.berneboekeambassadeur.frl.
Laat een reactie achter