Middeis fan 14.45 oere kinst oanslute by de feestlike presintaasje fan de nijste roman fan Bart Kingma: Flarde, in ferhaal oer ferlet, ferlangen en ferbylding. Gerard de Jong giet mei Bart yn petear oer syn nije boek en fierder binne der bydragen fan dichter Syds Wiersma en theremin-spiler Gerben Gerbrandy. Oan ‘e ein fan it programma is der fansels gelegenheid om it boek te … [Lees meer...] over14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma
boekewike
11-22 maart 2026: Boekewike 2026
De (nasjonale) boekewike is in feest foar jong en âld, want der is in boek foar elkenien. Mei it tema ‘Myn generaasje’ rôlet it CPNB de reade loper út foar elke generaasje. De boekewike 2026 giet oer boeken, ferhalen en taal dy’t sjen litte hoe’t generaasjes foarme wurde. Ofsto no in boomer bist of zoomer, millennial, alfa of X: dyn generaasje is foaral in gefoel. Oer wa … [Lees meer...] over11-22 maart 2026: Boekewike 2026
Meindert Talma skriuwt Frysk Kadoboek 2024
Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skriuwt it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre hy mei de autobiografyske roman Dammen met ome Hajo, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel De Blauwe Fedde yn petear. Yn 2003 ferskynde fan him de roman Kriebelvisje. Dêrop … [Lees meer...] overMeindert Talma skriuwt Frysk Kadoboek 2024
3-12 novimber: Fryske Boekewike
Op freedtejûn 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike fan 4 o/m 12 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek fan Anita Terpstra, útjûn by de Afûk, presintearre wurde dat ferfolgens de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen is by besteging fan op syn minst €15,00 oan Fryske Boeken. It Fryske Boekefeest mei de presintaasje … [Lees meer...] over3-12 novimber: Fryske Boekewike



