De Fryske Boekewike hat dit jier in rekôr brutsen: it kadoboek Oan ’e ein fan De Oere fan Anne-Goaitske Breteler is folslein útferkocht. Noch nea earder wie der sa’n grutte fraach nei it spesjaal útjûne Kadoboek. It Kadoboek ferskynde yn in oplage fan 1.500 eksimplaren. Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân: “It kadoboek wie healwei de Boekewike al hast útferkocht, en doe moast … [Lees meer...] overSuksesfolste Fryske Boekewike oait
Frysk Boekefeest
7-16 novimber 2025: Frysk Boekefeest en Fryske Boekewike 2025
Freed 7 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2025. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’ fan Anne-Goaitske Breteler presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 8 o/m 16 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15 … [Lees meer...] over7-16 novimber 2025: Frysk Boekefeest en Fryske Boekewike 2025

