Yn de Fryske literatuer falt in soad te laitsjen. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme. Douwe Kootstra, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof en Babs Gezelle Meerburg ferdjippen har yn de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart hâlden dêr it ôfrûne foarjier in lêzing oer yn Kafee De Gouden … [Lees meer...] overHumor yn de Fryske literatuer: Trinus Riemersma
Trinus Riemersma
De skjintme vurt ferbwólgwódde fan Trinus Riemersma
Freed 1 novimber is yn Tresoar de biografy Der is neat glêd te striken. Biografy fan Trinus Riemersma fan de hân fan Doeke Sijens ferskynd. Ta de presintaasje hat Pieter Duijff syn fyzje jûn op Riemersma syn roman De skjintme vurt ferbwólgwódde (1981). Trinus Riemersma skriuwt yn syn ienmanstydskrift De Kul yn de foarste jiergong fan 1983 op side 16 in koart ‘jênsteg … [Lees meer...] overDe skjintme vurt ferbwólgwódde fan Trinus Riemersma
Der is neat om glêd te striken
Trinus Riemersma (1938-2011) is in grut Frysk skriuwer. Hy wûn twa kear de heechste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis: yn 1967 foar syn debútroman Fabryk en yn 1995 foar syn masterwurk De reade bwarre. In man dy’t in biografy fertsjinnet en dy no ek krijt. Skriuwer is syn omkesizzer Doeke Sijens. ‘Us mem wie in suster fan Trinus, dus ik ha him en de famylje … [Lees meer...] overDer is neat om glêd te striken


