Door Abe de Vries
Wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer bestiet al ieuwen. Dat begjint by midsieuske skiedskriuwers, ferhuzet nei it hôf fan de Nassaus en de universiteit fan Frjentsjer, fynt ûnderdak by it Frysk Genoatskip, efkes letter ek by it Frysk Selskip, en bedarret úteinlik yn 1938 yn in spesjaal foar dat doel oprjochte Fryske Akademy yn Ljouwert.
Wêrom hawwe oare provinsjes net sa’n ‘eigen’ ûndersyksakademy? Miskien hjirom: Fryslân hat wat aparts. Neam it ‘Fryske frijheid’, of in wiis wêzen mei de eigen taal.
Net tafallich binne it krekt dy twa ûndersyksgebieten, de skiedwittenskip en de taalkunde, dêr’t de Akademy yn syn 81-jierrige bestean fierrewei it measte omtinken oan jûn hat. Hieltyd út it idee wei dat yn Fryslân in eigen ‘Fryske’ identiteit bestie, dy’t belangstelling fan de wittenskip fertsjinne. En yntusken hawwe de produkten fan de Akademy sels ek ryklik bydroegen oan de konstruksje fan sokke identiteiten. In relatyf nije bewenner fan it Coulonhûs fan de Fryske Akademy is sûnt in oantal jierren de stúdzje fan meartaligens, itselde fakgebiet dêr’t professor Goffe Jensma him yn Grins mei dwaande hâldt.
Lykwols is it no tiid foar in yngripende renovaasje. Al langer is dúdlik dat de Fryske Akademy alle jierren tonnen tekoart komt. De bydragen fan de provinsje en de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW), dêr’t it ynstitút ûnder falt, binne net genôch om de besetting te rjochtfeardigjen. Der moat hast in miljoen komme om fierder te kinnen.
Foardielen sille komme moatte út mear gearwurking, bygelyks mei Tresoar, Afûk, it Historisch Centrum Leeuwarden en mei de Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins. It resint op it Provinsjehûs yntsjinne advys fan de kommisje-Hengeveld is dúdlik: ferheegje de oerheidsbydrage, ferhúzje de stúdzje Frysk fan Grins nei de Campus yn Ljouwert en stel Jensma oan as wittenskiplik direkteur fan de Akademy.
Modernisearring
It provinsjebestjoer, mei-finansier fan it ynstitút, sil no in antwurd formulearje op syn rol yn it gehiel. Wol Fryslân alle kosten tenei sels drage – wat sil de politike ynfloed fan de provinsjale oerheid dan wêze? Der is goede hoop dat der op de miljoenebegrutting fan de provinsje noch wol in hoekje oer is. Tagelyk is de noed dat der miskien ek in pear hurde klappen falle sille.
In belangrike fraach yn de kommende reorganisaasje, watfoar foarm dy ek krijt, is oft yn de takomst oare aksinten lein wurde moatte yn it ûndersyksprogramma. Dêr hinget ek de besetting mei fan ôf. De modernisearring fan de Akademy sil fierder fuortset wurde, mei noch mear omtinken foar nasjonale en ynternasjonale ferbannen. En ûndersyk nei meartaligens sil wer fierder opklimme yn de hiërargy. Mar Fryske skiednis sil nimmen ôfskaffe wolle, en taalkunde en leksikografy kin de Fryske taal net sûnder.
De romte foar nije inisjativen is dus beheind. Tige winsklik soe it opsetten fan in ôfdieling kultuerstúdzjes wêze; in fjild dat relatyf maklik profitearje kin fan oare fakgebieten en wêryn’t omtinken is foar Frysktalige kultuer en literatuer yn in meartalige kontekst.
Foar de literatuerstúdzje soe soks in foarútgong betsjutte kinne. De stúdzje fan de Fryske literatuer hat op de Akademy relatyf mar in lyts plak ynnaam; de klam lei lykas sein op de Fryske skiednis en de Fryske taal sels, syn stavering en leksikografy, de wurdboeken. ‘Oarsaak: jildkrapte en oare prioriteiten’, skreau linguïst Eric Hoekstra in pear jier lyn.
Al faker is pleite foar de oanstelling fan literatuerwittenskippers oan de Akademy, ûnder mear troch Jelle Krol fan Tresoar en Ernst Bruinsma fan de Afûk. Sûnt it ôfskie fan Philippus Breuker yn 2004 en it fertrek fan Jensma nei Grins yn 2008 is der net ien mear foar. En it oait romrofte Literêr-Histoarysk Wurkferbân (in Akademy-inisjatyf út de sechstiger jierren fan de foarige ieu, om ek amateurs by literêr ûndersyk te belûken) komt al sûnt 2005 net mear byelkoar.
Sa net, ek dêrbûten wurde achter Fryske buro’s hieltyd minder minsken oantroffen dy’t oer Fryske literatuer skriuwe. In oerâlde literêre kultuer driget yn ús dagen fan ’e multykulturele kaart te ferdwinen en út deselde meartaligens skrast te wurden dy’t er krekt tsjinje moatte soe. Presys yn in tiid dat it begryp meartaligens sa yn ’e belangstelling stiet. Is dat net iroanysk?
Skriftekennisse
Yn it Fryske literatuerûndersyk hat in relatyf lyts oantal ûnderwerpen altyd omtinken krigen en is in relatyf grut oantal skriuwers, kwestjes en beneieringen ûnderbedield rekke. Dat hat allerhanne oarsaken, mar wis is dat de saneamde ‘Fryske skriftekennisse’, de stúdzje fan de Fryske literatuer, wol in oantrún brûke kin. Dan sil er himsels by de tiid bringe kinne, ek op teoretysk mêd. Dat is de muoite wurdich, want dy literatuer is in Fundgrube foar literatuerwittenskippers, historisy, sosjologen en antropologen allyk.
Kennis oer de (ynter)kulturele kommunikaasje yn literatuer is yn sitewaasjes fan kultureel ferskaat lykas dy fan ús fan grut maatskiplik belang. Ken jo sels, dan kenne jo de oar. Krekt op dat stik giet it wolris mis yn it meartalich, multykultureel mei-inoar libjen; tsjintwurdich, mar lang lyn ek wol. No hawwe gjin Akademy noadich om ús sosjale ferantwurdlikheid of ‘mienskip’ oan te learen, mar miskien wol om begripe te kinnen wêrom’t kultuer yn in minderheidstaal der soms oars útsjocht, en oars oanfielt as kultuer yn in mearderheidstaal.
Kulturele selsbylden en stereotypen kinne dan oan ’e oarder komme, en men kin freegje hoe’t dy ûntstean en hoe’t se har ûntjouwe. Meartaligens stiet altyd yn it ramt fan machtsferhâldingen en feroarjende maatskiplike balânsen. De Fryske literatuer mei syn meartalige skriuwers liket foar mear partijen in fruchtber field of interest .
Wy hawwe in Akademy noadich dy’t fragen oer (sub)nasjonale identiteit net út ’e wei giet: dy’t ús fertelle kin wêrom’t se opdûke, watfoar antwurden jûn wurde, watfoar antwurden mooglik binne. Dêrby fertsjinnet de nei-oarlochske en eigentiidse skiednis folle mear omtinken as foarhinne. Wêr is de stof opsmitende politike stúdzje oer de trageedzje fan it Frysk ûnderwiis? In skiednis fan lânbou en natuer? Fan oerheidsynspanningen om toeristen en bedriuwen te lûken? Fan net inkeld de emigraasje út, mar ek fan de ymmigraasje yn Fryslân? Elk kin tema’s betinke dy’t ticht op ’e hûd fan tiid en maatskippij komme.
Kultuerstúdzjes
De Akademy is op in krúspunt bedarre. Dan moat yn ’e regel in kar makke wurde. Tebek? Unmooglik. Rjochtút? Dan driget it fallisemint. Rjochtsôf slaan? Dat soe it byld wêze kinne fan in koerts nei in gelykbliuwend ûndersyksprogramma, isolearre dissiplines en sels-opsluting yn de ferliedlike twa- en trijelûden fan it Frysk en in spesifyk ‘Fryske’ kulturele identiteit. Mei it gefaar fan polityk of ekonomysk ynstrumintalisearre te wurden.
Linksôf slaan soe dan betsjutte kinne dat de klam komt te lizzen op wat oars. Nammentlik op in bredere, yn skiednis, ekonomy en taalsosjology ynbêde kultuerstúdzje nei regionaal bepaald taal- en byldgebrûk, taalferskillen en lês- en skriuwgedrach yn meartalige literatuer, media en deistich libben. En dat leafst yn Europeesk ferbân, en yn gearwurking mei Nederlânske en bûtenlânske ûndersyksynstellingen.
It is in aardich mûlfol. Foar sa’n ûndernimmen is in Fryske Akademy 2.0 ûnmisber. De hegeskoallen en de lytse stúdzje Frysk yn Grins binne dêr minder geskikt foar, inkeld al om’t har it oan personeel ûntbrekt.
Nije ynsjoggen sille nei foarren komme, âlde bylden sille langer net brûkber blike. Tradisjoneel ‘nasjonale’ fassinaasjes wurde op ’e nij hifke en, as it moat, ûntmytologisearre. Wylst dat nuvere Fryslân dochs wat aparts bliuwt.
Mocht in soarte fan fúzje tusken ‘Grins’ en de Akademy plakfine en it dy kant op gean, dan kin dat foarspoed en súkses opsmite. It liket sa logysk as wat. En meastal is dat in grut foardiel.
Dit stuk verscheen eerder in het Friesch Dagblad.
[…] Lês fierder by Abe de Vries op Neerlandistiek […]