De Fryske Akademy siket om in
direkteur-bestjoerder
dy’t de wittenskiplike taak fan it ynstitút fuortsterkje kin op it mêd fan de Fryske taal, skiednis en kultuer, minderheidsstúdzjes en meartaligens.
Taken
De direkteur-bestjoerder hat in funksje mei bestjoerlike en wittenskiplike taken. Jo kinne jo eigen wittenskiplike dissipline foar in part útfieren bliuwe. Yn ’e mande mei de Ried fan Tafersjoch, de meiwurkers en oare belutsen partijen, jouwe jo foarm oan it strategysk belied en binne jo ferantwurdlik foar de tarieding en útfiering dêrfan. Dêrby steane jo noed foar de wittenskiplike kwaliteit, it maatskiplik draachflak en de finansjele fuortgong fan ’e organisaasje.
Dêrneist behertigje jo de eksterne kontakten en fertsjintwurdigje jo de organisaasje by partners dêr’t mei gearwurke wurdt, oerheden en oare belanghawwenden. Jo bouwe dêrby aktyf oan en partisipearje yn ferskate regionale en lanlike netwurken.
Mear ynformaasje
De folsleine fakatueretekst fine jo hjir (pdf).
Wy freegje jo foar 15 septimber 2020 te regearjen fia wurkje@fryske-akademy.nl.
[…] stiet der lykwols yn de fakatuere, yn de folsleine tekst en yn de ferkoarte ferzje foar de parse? “Jo kinne jo eigen wittenskiplike dissipline foar in part útfieren bliuwe”, mei in […]