Troch Aant Mulder
Ik hie mei in oar ûnderwerp komme wollen, mar dat wurdt him net. As der Frysk nijs ynkomt, dan kin en wol ik dêr net omhinne. En dat Fryske nijs is der. De fjirde taalatlas is ferskynd en dêr steane nijsgjirrige dingen yn. De taalatlas fan 2019/2020, dy’t no krekt beskikber kommen is, dat is de fjirde op rige. Om de fjouwer jier wurdt sa’n taalatlas gearstald en útjûn. Wy ha it dus oer de jierren: 2007, 2011, 2015 en 2019/2020. Wat der ek mei it Frysk bart, de folgjende taalatlas komt grif yn 2023 út. Wy ha no dus fjouwer taalatlassen, rapporten dy’t oer it generaal aardich posityf binne.
No’t ik dat sa betink, komt my tagelyk in oare systematyske rapportaazje yn ’t sin. Ik doel op de rapporten fan de ûndersykskommisje fan de Ried fan Europa, dy’t him dwaande hâldt mei de fuortgong fan de lytse talen dy’t yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen neamd wurde. Dêr heart it Frysk ek by. Sadwaande komt om de trije jier in ûndersykskommisje del om de situaasje fan it Frysk te hifkjen. Yn 2019 kaam dy kommisje foar de seisde kear. Dat betsjut dat it earste rapport fan om ende by 2004 datearje moat. Ik ha de rapporten der net op neisjoen, mar it komt derop del dat dy kommisje no al seis kear sein hat dat der te min oan it Frysk en benammen te min oan Frysk ûnderwiis dien wurdt.
Der is in oerienkomst tusken taalatlassen en ûndersyksrapporten. Wat der ek mei it Frysk bart, dy rapporten en atlassen komme mei grutte regelmjittigens út. Der hâldt de ferliking daalks ek op. De ynstânsjes dy’t troch de Europeeske kommisje befrege wurde, komme ivich en erflik te let mei de ynformaasje dy’t de kommisje yn ’t foar opfreget. Mar goed, as de ynformaasje ynlevere is en as de petearen west ha, komt de kommisje eins alle kearen weroan ta deselde konklúzje. Der moat mear dien wurde om it Frysk it plak te jaan dat it takomt.
De taalatlassen jouwe dus ornaris krekt wat in oar byld fan it Frysk. Yn dy prachtige dokuminten mei in protte grafiken en oersjoggen wurde op grûn fan in grut tal fragelisten konklúzjes lutsen. Dy konklúzjes komme der koartsein op del dat it goed giet mei it Frysk, dat it yn alle gefallen better giet as ferwachte. Dy konklúzjes wurde basearre op sa’n 6500 fragelisten fan meidoggers. Der waarden lykwols wol 22900 Friezen nûge. Dat betsjut dat mar 29 persint fan dy nûge minsken de fragelist ynfolle hat. Dat binne de entûsjastelingen. Dat binne de minsken dy’t it goed foar ha mei it Frysk. It betsjut wol dat maklik in te posityf byld fan it Frysk jûn wurdt, want fan 71 persint witte we neat.
Dat it goed giet mei it Frysk wurdt útdroegen. De deputearre is fergulde mei de neamde sifers. Wat sei, sy hie al bliid west as de situaasje stabyl bleaun wie. Sels de LC is posityf: ‘Het gaat poerbêst met de Friese taal’ lês ik yn ’e krante fan woansdei 2 septimber. De konklúzje soe yn dat gefal wêze kinne, dat wat minder wy oan it Frysk dogge (ûndersykskommisje), wat better it giet (taalatlas). Yn dat gefal is it dus neat net slim dat skoallen oan 2030 ta de tiid krige ha om it Frysk op in goede wize stal te jaan. Mar sa is it fansels net.
De berjochten fernuverje my. Soe it echt sa wêze? Ik sykje de taalatlas op en begjin te lêzen. Foar de sifers ha ’k apart omtinken. Ik kom ta de konklúzje dat troch de jierren hinne mear Friezen it Frysk lêze en skriuwe kinne. Dat jildt net foar ferstean en praten. De sifers binne: ferstean yn 2015: 85,1 persint en yn 2019: 84,1 persint. En foar praten yn 2015: 66,6 persint en yn 2019 64,1 persint.
Yn de taalatlas wurde ek ûndersiken neamd dy’t oan dy fjouwer taalatlassen foarôfgiene: Pietersen 1967, Taal yn Fryslân 1980 en Taal yn Fryslân 1994. As ik de sifers fan Pietersen foar ferstean en praten mei dy fan no ferlykje, dan binne we aardich efterútbuorke Dat liket my reden ta grutte soarch! Dêr stiet foaroer dat de sifers foar lêzen en skriuwen der hiel dúdlik better foar steane.
Benammen mei it skriuwen giet it foar wûnder, fan sa’n tsien nei hast fjirtich persint. Dat is suver te moai om wier te wêzen. Dy hegere skoares foar lêzen en skriuwen begjinne yn 2007. Dat is typysk de tiid dat Facebook en Twitter ynboargere reitsje. It is in hiele aardichheid en brûk op dy sosjale media it Frysk. Ik bin der in grutte foarstanner fan, doch it sels ek. As dy media lykwols it kritearium wurde oft jo Frysk lêze en skriuwe kinne, dan begryp ik de sifers wol.
It soe moai wêze as de foarútgong as it giet om lêzen en skriuwen in echte foarútgong wêze soe. Om dêr wis fan te wêzen soe der op de iene of oare wize omtinken komme moatte foar it behearskingsnivo. Hawar, It makket wol dúdlik dat der in tanimmende belangstelling is om it Frysk te brûken. Dat is moai. Dat Frysk moat goed brûkt wurde kinne. Dat is de taak fan it ûnderwiis. Dat moat dêrfoar soargje. Dat wurdt him net earder as yn 2030, want safolle tiid ha de skoallen yn it provinsjaal Taalplan Frysk-2030 krige. Dat betsjut dat we dan alwer twa taalatlassen fan de Provinsje en trije ûndersyksrapportaazjes fan de Europeeske ûndersykskommisje fierder binne. Wy kinne no hast wol opskriuwe wat deryn komt te stean. Minsken, dat moatte we net wolle. It Frysk yn it ûnderwiis moat earder en better syn gerak krije. Dwaan.
Deze column is eerder verschenen op ItNijs.frl.
Wouter Steenbeek zegt
Ik sjoch ek wol dat it tebek rint mei it Frysk. Mar ik wit net of’t je dêr mei better ûnderwiis sa folle oan dwaan kinne. De bern dy’t op’e skoalle Frysk prate en ferstean leare, moatte it letter ek brûke ôm it sels mar te ûnderhâlden. Yn Yrlân moatte alle bern Yrsk leare, mar op in paar ferstokte nashonalisten nei ferjitte se it letter krekt sa maklik wêr. Of tink hjiroan: hast eltsenien in Nederlân learret Fransk en Dútsk op’e skoalle, mar wat docht men dermei? Hielendal neat. Ik kin hast nimmen fan myn leeftyd dy’t mei Dútskers net fuortendaliks te Ingelsk praten begjint. En sa sil it in Fryslân ek wol gean: as Jantsje fan hûs út Nederlânsk sprutst en Pytsje Frysk, dan sil it petear hast fansels yn it Nederlânsk wêze. Om it Frysk echt ljibbend te hâlden, moat de mentaliteit optimaal wêze – en dat kin net fan boppeôf regele wurde.
Henk Wolf zegt
Ta in hichte kin it it ûnderwiis dêr net in soad oan dwaan, dêr hast gelyk oan. Men sjocht rûnom deselde sosjale prosessen en de beweging is altyd nei de statusrike taal ta en fan de statusearme taal ôf. Der is lykwols al in grut ferskil tusken Ierlân en Fryslân as it om ‘e útgongssituaasje giet. Yn Ierlân kin men jin bûten de Ghaeltacht eins net foarstelle dat it Iersk in libbene taal is, wylst men it Frysk yn Fryslân rûnom hearre kin. It oanpassingsproses wurket op it stuit noch twa kanten út: alle Frysktaligen krije it Nederlânsk yn ‘e macht, fan de net-Frysktaligen yn Fryslân leart de helte om it Frysk ridlik oant goed te praten. Dat is wol ûngelyk, mar sa dramatysk as yn Ierlân leit it der net hinne.
It is oars wol mooglik om troch de wei fan it ûnderwiis in taalbelied te fieren dat fertuten docht. Dan moat dat al mear om ‘e hakken ha as inkeld mar lessen yn de minderheidstaal, sa’t alle emansipaasjebelied yngripe moat yn besteande maatskiplike prosessen. Yn Kataloanië en ta in hichte ek yn Baskelân en Wales sjogge wy dat skoallen in fermidden skeppe dêr’t de streekeigen taal in funksje en status krijt, wat makket dat dy in slinger krijt. Dat sil mei ien fan ‘e redenen wêze dat de Rie fan Europa der alle kearen wer by Nederlân op oanstiet om te foldwaan oan de Hânfêstferplichting om “een aanmerkelijk deel van het onderwijs” yn de Fryske taal te jaan.