Wy sykje in entûsjaste, konstruktive en posityf krityske kandidaat, dy’t har/him mei de kollega’s yn de Ried ynsette wol foar it tafersjoch op in boeiende en ambisjeuze organisaasje op it mêd fan de Fryske taal, kultuer en skiednis.
Kandidaten moatte beskikke oer:
- brede bestjoerlike ûnderfining, by foarkar by relevante maatskiplike organisaasjes;
- kennis fan en belutsenheid by de taak en it wurkfjild fan de Fryske Akademy en by de
- spesifike maatskiplike en akademyske ûntjouwingen yn Fryslân en dêrbûten;
- goede konneksjes en in breed en aktyf netwurk yn Fryslân;
- it fermogen om de direkteur-bestjoerder as ôfsûnderlik lid en yn teamferbân fan de Ried fan
- Tafersjoch mei advys by te stean;
- goede sosjale en kommunikative feardichheden
Laat een reactie achter