• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing

6 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn de earste edysje fan kultuermanifestaasje Arcadia brocht Ljouwert UNESCO City of Literature ‘Utsteld gelok’: 100 nij skreaune ferhalen, foarlêzen yn 100 tunen yn Fryslân. De ferhalen foelen yn de smaak by it talrike publyk. Om se foar noch mear minsken beskikber te meitsjen frege de organisaasje letterkundige en skriuwer Henk Pröpper om in seleksje te meitsjen foar in bondel. Op tongersdei 5 oktober is it earste eksimplaar fan sawol de Nederlânsktalige as de Frysktalige blomlêzing oan Ljouwerter boargemaster Buma oerlange. De bondels binne dêrnei te keap yn de boekhannel.

De skriuwers dy’t Ljouwert City of Literature útnûge om in ferhaal te skriuwen, kamen út Fryslân, Nederlân en oare lannen. Ynspiraasjeboarne wie Bocaccio’s Decamerone. Henk Pröpper makke net allinne in seleksje út de hûndert ferhalen, mar skreau ek in ynlieding: “U zult er een aantal lijnen in ontdekken, samen vormen ze een groter verhaal, het verhaal van onze tijd. Het is mooi, soms indrukwekkend, soms beangstigend om te zien hoe schrijvers een wereld in crisis ontleden en welke methoden, welke paradijzen ze ontwerpen, ofwel om aan de tijd te ontsnappen, ofwel om die juist onder ogen te zien.” Pröpper, dy’t yn Parys wennet, wie yn syn karriêre ûnder mear direkteur fan it Institut Néerlandais, it Nederlands Letterenfonds en útjouwerij De Bezige Bij. Hy is dêrneist resinsint by de Volkskrant.

Yn de blomlêzing binne ferhalen opnommen fan ûnder mear Annelies Verbeke, Albertina Soepboer, Cynan Jones, Jannie Regnerus, Etgar Keret en Rob van Essen. Sawol de Nederlânsktalige as Frysktalige bondel is fan 6 oktober ôf te krijen by útjouwerij Afûk (yn de winkel en de webshop), Boekhannel Van der Velde en by oare webwinkels en boekhannels.

Oer Utsteld gelok

Foar Utsteld gelok liet Ljouwert City of Literature troch hûndert skriuwers in koart ferhaal skriuwe. Dy waarden yn de hûndert Arcadia-dagen hieltyd yn in oare tún yn Fryslân foarlêzen. It literêre projekt luts goed 3.600 besikers. De ferhalen binne noch altyd te beharkjen yn de taal dêr’t se yn ferteld binne en te lêzen yn trije talen (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) op uitgesteldgeluk.nl.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Email a link to a friend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share on Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Share on WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Share on Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Share on LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Nieuws Tags: city of literature, Frisistyk, verschenen

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Sellemoanne

Febrewaris

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

1 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

24 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d