Oankommende tongersdei organisearret de Kommisje Ynlânske Saken fan de Twadde Keamer in saneamd rûnetafelpetear oer it Frysk. Underskate spilers út it fjild wei binne útnûge om nei De Haach te kommen om de keamerleden by te praten oer de stân fan saken, knipepunten en ambysjes oangeande it Frysk. Dat wie in oanrekommendaasje fan de Ried fan Europa út syn lêste rapport:
“Include representatives of Frisian speakers, in the negotiation process on the administrative agreement on the Frisian language and culture 2024-2028.”
De provinsje hat him goed oan dy oanbefelling holden troch it fjild it lêste jier yngeand te beheljen by it opstellen fan de konseptteksten foar de nije bestjoersôfspraak. Dy konseptteksten wurdt no fierder oer ûnderhannele troch amtners en bestjoerders fan Ryk en Provinsje.
Namste wichtiger is it dêrom dat it fjild no noch de kâns krijt om keamerleden by te praten. Dat bypraten sil wêze yn fjouwer sesjes: 1) Kultuer/wittenskip/media, 2) Rjochtspraak, 3) Underwiis en 4) Bestjoer. As tarieding foar de keamerleden mochten alle dielnimmers in saneamd position paper fan ien of twa kantsjes yntsjinje, dêr’t se harren stânpunten yn nei foaren bringe koenen. Op de webside fan de kommisje binne al dy stikken te finen en te lêzen.
De Ljouwerter Krante hat syn sjoernalistike taak dêryn mei faasje oppakt troch dizze wike út te roppen ta Fryske wike en alle dagen in koart fraachpetear mei ien fan de dielnimmers te publisearjen: op moandei wie dat direkteur-bestjoerder fan Omrop Fryslân Houkje Rijpstra, dy’t tongersdei fansels by it ûnderdiel Media oanheakje sil. Tiisdei wie it presidint fan Rjochtbank Noard-Nederlân Fred van der Winkel, dy’t miskien as iennige fan alle dielnimmers nét sa ambisjeus liket te wêzen.
It rûnetafelpetear ferrint neffens ûndersteand programma en sil fia dizze link live te folgjen wêze.
Blok 1: Kultuer, Wittenskip en Media (14.00 – 15.00)
H. Rijpstra, direkteur-bestjoerder Omrop Fryslân
J.J. Hoebe, vice-presidint Screen Talent Europe
M. Hospers, algemien direkteur Explore the North
N. IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy
Blok 2: Rjochtspraak (15.00 – 16.00)
F.B. Dijkstra, rjochtbanktolk
A.R. van der Winkel, presidint Rjochtbank Noard-Nederlân
J. Koster, foarsitter DINGtiid
B.G. Kooi, advokaat Kooi Advocaten
Blok 3: Underwiis (16.00 – 17.00)
A.A. Merkuur, taalkundige en universitêr dosint Fryske taal en kultuer Ryksuniversiteit Grins
A. Wallinga, dosint Fryske taal en kultuer Drachtster Lyseum
A.P. Walsweer, associate lector Meertaligheid & Geletterdheid NHL Stenden
H. van der Molen, direkteur Marketing, Communicatie en Public Affairs Firda
S. de Boer, direksjelid Sintrum Frysktalige Berne-opfang
Blok 4: Bestjoer (17.00 – 18.00)
A.A.M Brok, Kommissaris fan de Kening provinsje Fryslân
R. de Groot, twadde vice-foarsitter fan it komitee fan saakkundigen foar it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden
G. Benedictus, adviseur Steatekomitee Frysk
A.J. Soepboer, wethâlder Noardeast-Fryslân
Laat een reactie achter