Hoe fantastysk is it om in ferhaal út in Frysk berneboek te ferfilmjen en dat dy film yn premjêre giet op it wrâldferneamde Cinekidfestival yn Amsterdam? Filmregisseur Halbe Piter Claus kin deroer meiprate. Syn film ‘Bartele Bûse. De kaam fan juffer Lize’ is op 26 oktober foar it earst op it wite doek te sjen.
As lyts jonkje krige Halbe Piter Claus (1981) it berneboek Bartele Bûse foarlêzen troch syn heit. Sels lies er it wer foar oan syn soantsje. ‘Ik fyn it sa’n útsûnderlik fantasyryk boek. By it foarlêzen tocht ik: ik soe Bartele Bûse hiel graach ferfilmje wolle.’
Utjouwerij Bornmeer wie fuort entûsjast en stelde de filmrjochten beskikber. ‘It is de earste kear dat in Frysktalich berneboek -los fan projekten as Tomke dy’t as boekje en fideo ferskine- ferfilme wurdt. It is trouwens ek foar it earst dat in Frysktalige film op it Cinekidfestival, it grutste film- en mediafestival fan ’e wrâld, te sjen is,’ fertelt Halbe Piter entûsjast. ‘Yn itselde filmblok is ek de film De Swarte Krie van de Deelen te sjen, dêr’t Frysk praat wurdt.’
De skatten fan Bartele Bûse
It boek Bartele Bûse (út 1988) fan berneboekeskriuwer Berber van der Geest (1937-2019) giet oer it jonkje Bartele dat op strjitte allegear skatten fynt en dy mei nei hûs nimt. Syn heit en mem fine it goare binde en smite it fuort. Noch krekt op ’e tiid wit Bartele in part fan syn skatten út it jiskefet te fiskjen. Mei syn samling giet er nei Skelte ta, in keunster út it doarp, dy’t de wearde der wol fan ynsjocht. Spesjaal foar Bartele makket hy skilderijen fan de skatten en betinkt der spannende ferhalen by.
‘De ferhaaltsjes binne hiel leuk ferteld’, fynt Halbe Piter. ‘De haadpersoanen hawwe aparte karakters of meitsje rare dingen mei. Alles is hiel bot out of the box. Ik haw dêrnei in listke makke mei de ferhalen dy’t ik ferfilmje wolle soe. Ien dêrfan wie ‘De kaam fan juffer Lize’. Dy film is no klear. It plan is om noch trije koarte films te meitsjen.’
De kaam fan juffer Lize
It ferhaal fan ‘De kaam fan juffer Lize’ giet, yn it boek, oer Epke. Hy is it soantsje fan in kapper. Yn it bosk fynt it jonkje in kaam. Elts dy’t dêr syn hier mei kjimmet, hat de folgjende dei in flink bosk hier. Epke syn heit rûkt jild en set de tsjoenderskaam yn om klanten mei keale koppen of koarte kapsels te helpen. Dat giet goed oant der in bysûnder persoan yn de kapsalon ferskynt…
Fan boek nei doek
Yn it boek belibje ferskillende persoanen allerhanne aventoeren. Yn de film set Halbe Piter krekt Bartele sintraal. ‘In ferhaal dat goed foarlêst is net perfoarst ek in goed filmferhaal. Dêrom haw ik it bewurke en is Bartele de persoan om wa’t alles draait.’
De haadrol wurdt spile troch de 11-jierrige Yme Tielen út Garyp. ‘Hy is echt in fantastyske akteur. In natoertalint. Foarich jier spile hy in byroltsje yn it iepenloftspul fan Burgum en dêr foel hy op. Yme is hiel puer en goed te regissearjen. Hy is hielendal ‘knipt’ foar de rol fan Bartele.’
Eigentiidske Bartele Bûse
It boek Bartele Bûse, mei yllustraasjes fan Laura Tietjens, ferskynde yn 1988. Der kamen trije werprintings, wêrfan de lêste yn 2020. Yn 1991 waard Bartele Broekzak, de Nederlânsktalige oersetting útbrocht. In jier letter waard it opnaam op de IBBY Honourlist (ynternasjonale priis foar jeugdliteratuer).
It ferhaal fan Bartele sprekt nei al dy jierren dus noch altyd oan. ‘Dat komt tink ik troch de magy fan de ferhalen en troch de emoasjes dy’t foarby komme. Dat sprekt oan. Dochs haw ik der wol in sauske fan dizze tiid oerhinne getten,’ fertelt Halbe Piter. Sa komt bygelyks de Fryske fideoflogger Tjits Floch tegearre mei har nichtsje Yara yn de film foarby. Dy personaazjes haw ik der sels ynskreaun.’Oan de prachtige tekeningen fan Laura Tietjens woe Halbe Piter net foarby gean. ‘Wy hawwe se ferwurke yn de foarmjouwing fan de film, sadat ek dat aspekt fan it boek Bartele Bûse in plakje krijt yn de film.’
Ferhaal mei ferskillende lagen
De koarte film fan in lyts heal oere is bedoeld foar bern fan groep 4 oant en mei 6 en ek foar folwoeksenen. ‘It is sa prachtich om te sjen dat jonge bern noch hielendal iepen stean foar gekke ferhalen. Harren brein hat lokkich noch in soad romte foar fantasy.’ Sels sjocht Halbe Piter mei in soad wille werom op de aventoeren fan Sybe Satellyt, dy’t er yn syn eigen jeugd op skoaltelefyzje seach. ‘Sybe Satellyt belibbe ek altyd hiele aparte aventoeren mei syn hûntsje Sjef. Dy wille gun ik de bern fan no ek.’
Halbe Piter wol mei syn film sjen litte hoe moai oft it is om yn Fryslân en mei de Fryske taal op te groeien. ‘De sênes binne allegear yn Fryslân draaid en der wurdt Frysk praat, mar it giet oer in universeel tema, nammentlik dat fan helpe.’
‘Der sitte ferskillende lagen yn it ferhaal. Kinst dysels helpe, mar kinst fansels ek oaren helpe. Wêr kiest foar? Foar it bliid meitsjen fan oare minsken mei in moai kapsel of foar it fertsjinjen fan in soad jild? En wêr lizze dan de grinzen? Folwoeksenen tinke dêr miskien oars oer as bern. En dat makket it spannend.’
Grapkes
Ferskillende skoalklassen sette Halbe Piter yn as testpublyk. ‘We woenen wol seker witte oft de film oanslaan soe.’ En dat die it. ‘Der waard in soad lake. It is moai om te sjen dat de jongere bern wer om oare grapkes laitsje as de âldere. En ek merkst dat eltse leeftiid der wer wat oars úthellet.’
It alderspannendste fûn er it om it oan syn eigen bern sjen te litten. ‘Dochter Inez is 11 jier en soan Oliver 9. Ik haw de film makke om’t ik ek út leafde foar myn eigen bern wat moais meitsje woe. Sy fûnen de film goed slagge, dus dat foel gelokkich ta.’
Dit stik is earder ferskynd op de webside fan Tresoar.
Laat een reactie achter