• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Novimber: 80ste edysje FeRstival

21 oktober 2023 door Redaksje Frisistyk Reageer

Yn novimber is FeRstival der wer. Dizze Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen is dit jier foar de 80ste kear! Dit jier is ek in FeRstival-projekt yn Searje 36 en in gastles fan in Fryske dichter oer foardragen.

By FeRstival drage learlingen sa moai mooglik in Frysk gedicht foar. Alle jierren dogge der sa’n 90 learlingen út it fuortset ûnderwiis mei. Minsken as Rients Gratama, Nynke Laverman en Theun Plantinga hawwe allegearre harren earste stappen op it poadium set by FeRstival. Yn it boekje Fersefariaasje steane de gedichten dêr’t de learlingen foar de foarrondes út kieze kinne.

Learlingen kinne meidwaan yn trije kategoryen: Starters (klasse 1), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 of heger en studinten mbû en hbû). De winners út de foarrondes drage nochris foar yn ’e grutte finale. Der binne yn alle kategoryen prizen te winnen foar de nûmers 1, 2 en 3. De earstepriiswinners krije as ekstra priis in foardrachtklip.

De foarrondes binne dit jier op:

  • freedtemiddei 3 novimber yn De Stolp, Smidsstraat 6 Snits (13.30 oere)
  • freedtemiddei 10 novimber yn Iduna, Oliemolenstraat 16 Drachten (13.30 oere)
  • moandeitemiddei 13 novimber yn de Stadskas fan Explore the North, Oldehoofsterkerkhof, Ljouwert (13.30 oere)

De finale is op:

  • sneon 9 desimber yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean (13.30 oere)

Gastles FeRstival yn septimber of oktober (fol is fol)

Dichter Arjan Hut, âld-dielnimmer en aktrise Brecht Wassenaar en oare dichters fersoargje in workshop fan ien of twa lesoeren op skoallen. Dy gastles wurdt fergees oanbean mei help fan it projekt Keunstryk.

FeRstival yn Searje 36

Nei de simmerfakânsje stiet der in nagelnij projekt fan sa’n 4 wiken oer FeRstival yn Searje 36:

Mei it nije projekt FeRstival yn Searje 36 wurdt it foardragen fan in Frysk gedicht sintraal stelt. Learlingen komme yn de kunde mei it evenemint, dat yntusken al mear as 80 jier holden wurdt. Oan de hân fan nijsgjirrige filmkes mei Brecht Wassenaar en âld-winner Danian (dy’t in nij gedicht fan Jelle Bangma foardraacht) leare sy wat goed foardragen ynhâldt, hoe’t de sjuery dernei sjocht en krije sy in bulte tips mei. Dan wurdt der in kar makke út tsien gedichten, skreaun foar Fersefariaasje 2023, om sels mei te wurkjen en te oefenjen. De mooglikheid bestiet om de earder neamde gastles oer foardragen hjiroan ta te heakjen. Tige handich! De ein fan it projekt is in eigen wedstriid op skoalle. Wa draacht it moaiste syn of har gedicht foar? Wa sil de skoalle represintearje op it oankommende FeRstival? It poadium ropt!

Mear ynformaasje en oanmelde?

Sjoch op https://www.ferstival.frl/

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: cedin, FeRstival, Fryske gedichten, fuortset ûnderwiis, hbû, mbû, taalplan

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarmoanne

Jannewaris, earste moanne fan it jier 

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

31 jannewaris 2026: Finale FeRstival 2026

31 jannewaris 2026: Finale FeRstival 2026

15 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
27 jannewaris 2026: Webinar oer lêzen foar jonge meartalige bern

27 jannewaris 2026: Webinar oer lêzen foar jonge meartalige bern

15 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 jannewaris 2026: Akademylêzingen mei Johannes Boonstra en Paul ter Heyne

23 jannewaris 2026: Akademylêzingen mei Johannes Boonstra en Paul ter Heyne

4 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
21 jannewaris-1 febrewaris 2026: Nasjonale Foarlêsdagen 2026

21 jannewaris-1 febrewaris 2026: Nasjonale Foarlêsdagen 2026

2 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 jannewaris 2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’

15 jannewaris 2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’

30 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d