Yn 1994 brocht de advyskommisje nije útjeften fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) yn de Ljouwerter Kuriostsjerke, suver de thúsbasis fan de KFFB, advys út oer de yntsjinne romanmanuskripten foar it jier 1995. Ien fan de manuskripten hie as titel In libben as Styntsje. It bestjoer fan de KFFB krige in tige posityf advys oer it manuskript, dat in 1995 ferskynd is as nûmer 383 yn de rige KFFB-publikaasjes. De auteur fan it boek, sa die letter bliken, wie in Styntsje Piters. Wer letter waard dúdlik dat efter dy skûlnamme Jacobus Knol fan Dokkum siet. Knol wie yn dy tiid al bestjoerder fan de KFFB, en hy siet sadwaande by it besprekken fan de ynkommen manuskripten. Hy moat stille wille hân hawwe dat sýn manuskript bepraat waard, sûnder dat immen dêr aan fan hie. Mar soks paste no krekt wol by de man: in bytsje stilwei op de eftergrûn sitte, mar tagelyk al syn eigen gong wat gean.
Sa haw ik him ek kend yn de ferhâlding learaar-learling. Hy wie in learaar dy’t op de Dokkumer skoalle syn eigen paad wat socht, him net al te slim steurde oan de omballingen fan de skoalle. Hy hie ek op alderlei gebiet in útsprutsen miening. Sa wegere er om yn syn lessen Frysk omtinken te jaan oan de twatalige situaasje yn Fryslân. Neffens him hearde soks ûnder Nederlânsk behannele te wurden, want it Nederlânsk wie mandélich oan dy twataligens, net it Frysk. Hy stie foar de klasse foar syn fak en syn learlingen. Of better foar syn fakken, want hy joech sawol Nederlânsk as Frysk. En hy wie wier in meunster yn it lesjaan en it ynspirearjen fan syn learlingen. Tusken 1974 en 1978 hat er my allebeide talen ûnderwiisd, en ik sjoch him noch fol entûsjasme fertellen oer Middelnederlânske teksten, oer de moderne Nederlânske literatuer, oer Fryske boeken, de Fryske taal en stavering. Knol hat perfoarst net allinnich my ynspirearre om mei it Frysk (en Middelnederlânsk) fierder te gean. Hy hat my yn alle gefallen ek ta foarbyld west hoe’t men mei learlingen en studinten omgean moat.
Nei in skoft yn it basis- en fuortset ûnderwiis wurke te hawwe, bedarre er mei yngong fan it skoaljier 1972-1973 op de Dokkumer kweekskoalle, skean foar syn wenhûs oan de Rûnwei-West oer. Doe’t dy skoalle yn it begjin fan de tachtiger jierren opiten waard troch de Ljouwerter Pabo, ferhuze er mei nei in skoalle dêr’t er him net thúsfielde. Mei troch syn ûnderwiisjierren yn Yndonesië, koe er healwei de fyftich al in punt efter syn wurksum libben sette. Mar dêrnei hat er foar de frisistyk noch hiel wat wrottendewei by de ein hân.
Yn de santiger jierren wie er al aktyf wurden yn de frisistyk. Nei earst syn middelbere akte Nederlânsk helle te hawwen, gie er fierder mei de Fryske stúdzje oan de Noordelijke Leergangen, in foarrinner fan wat no NHL Stenden is. Foar syn masteroplieding, wat doe noch de MU-B-akte hiet, besoarge er yn 1977 It samle dichtwurk fan J.C.P. Salverda, mei ynlieding en oantekeningen. It boek ferskynde by de Fryske Akademy as nûmer 518 yn de Iduna-rige, in rige fan teksten út de Fryske skriftekennisse fan de njoggentjinde iuw. Knol siet tagelyk yn de redaksje fan dy rige mei mannen fan kwizekwânsje: Phillippus Breuker, Freark Dam, Klaes Dykstra, Jurjen van der Kooi en Ype Poortinga, dy’t him op it spoar fan Salverda sette. Fan dy redaksje in no allinnich Phillippus Breuker noch yn libben. Yn it foaropwurd yn it weardefolle boek spriek Knol de winsk út dat it Iduna-dieltsje ‘gâns Friezen yn de kunde mei ien fan Fryslâns “fergetten” dichters’ bringe mocht. Lange jierren nei it ferskinen fan it boek, oant neist in tweintichtal jierren by de learare-oplieding fan NHL Stenden amper mear omtinken oan âldere literatuer jûn wurdt, waard it dêr in soad brûkt om aktelearders Frysk bekend te meitsjen mei de wurken fan dy njoggentjinde-iuwske dichter. Yn itselde jier 1977, grif op basis fan de tekstútjefte, waard Knol beneamd ta lid fan de Fryske Akademy.
Yn deselde santiger jierren ferskynde der in nije Fryske Bibeloersetting. Doe’t dúdlik waard dat dy oersetting yn 1978 ferskine soe, twa jier foardat de stavering fan it Frysk op in tal punten feroare wurde soe, waard mei rjocht besletten dat de nije Bibel yn de nije stavering ferskine moast. De teksten moasten sadwaande mei faasje omset wurde neffens dy oanpaste staveringsregels. Knol siet ticht by de Bibeloersetting en hy regele dat syn Dokkumer learlingen ûnder de lessen Frysk manmachtich oan it omstaverjen gienen. Dat typearre Knol: der moast in put dien wurde en hy levere dêr net in lytse bydrage oan.
Yn syn lange pensjoentiid hat er hiel wat putten by de ein hân. Neist syn bestjoerswurk foar de KFFB, die er dêr ek in soad redaksjewurk foar. Mar net allinnich foar KFFB-boeken krewearre er. Hy hat ek in wichtich oanpart hân yn Ypk fan der Fear har roman In earme swalker yn ’e wrâld: roman oer it libben fan Jan Cornelis Pieters Salverda (1988). Salverda, dy syn wurk siet Knol goed yn nei de publikaasje fan It samle dichtwurk fan J.C.P. Salverda. In grut ferskaat oan boeken hat er oerset nei it Frysk ta, foar ferskillende útjouwers fersoarge er korreksjewurk. Oan alles wat er út de wei set hat, is te sjen dat er in alsidich man wie. In man dy’t net op de foargrûn stie, mar leafst yn rêst bodde foar syn Fryske idealen. Tagelyk ferstie er de keunst om yn syn beskiedenens minsken te ynspirearjen.
Op it leedbrief fan Jacobus Knol stiet in fersrigel fan Fedde Schurer:
‘God glimke en die him sêft de eagen ticht.’
Laat een reactie achter