Lang om let lêze
In oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?
Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?
Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn ‘e kast?
Híel werkenber…
Dêrom organisearret Tresoar de Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 500 lokaasjes yn 50 lannen oer de hiele wrâld! En fan 23 novimber 2023 ôf is Ljouwert oan dit ynternasjonale listje taheakke.
Nim dyn boek mei nei Tresoar en sykje in plakje yn ús smûke kafee.
Wy soargje foar in noflik plak om yn dyn boek te dûken. Mei oare lêzers!
Moetsje en lêze
Sjenre of taal? It makket neat út. Do meist alles lêze!
Prate oer in boek (of oare dingen) mei, mar hoecht net.
Diel dyn boeketips mei oaren, of hâld se lekker foar dysels 😉
Lear nije minsken kennen en genietsje mei elkoar fan in goed boek.
Koartsein: gjin tradisjonele boekeklup, mar in lêsselskip sûnder ferplichtingen.
Neat moat, alles mei!
“Bring Your Own Book”
Plof del yn ien fan ús hearlike stuollen. Pak in kessen, kleedsje en soargje datst lekker sitst.
Kinst in bakje kofje of tee helje. Of nim dyn eigen lekkers mei.
Ferjit fansels ek dyn boek net 🙂
19.45 – 20.00 Kom deryn en tref oare lêzers, of sykje daliks in plakje om te lêzen
20.00 – 21.00 In oere mei elkoar lêze, yn alle rêst sûnder steurd te wurden
21.00 – 21.30 Lês dat iene haadstik noch efkes út, meitsje in praatsje of gean wer nei hûs
It kostet neat en foarôf oanmelde is net nedich. Hoe moai is dat 😉
Laat een reactie achter