Yn de audiokolleksjes dy’t wy by it Frysk Film & Audio Argyf oan it digitalisearjen en beskriuwen binne, ûntdutsen wy koartlyn bysûndere fraachpetearen út de jierren santich. Prof. Tony Feitsma stjoerde studinten mei bânrecorders op ’en paad om âldere minsken te freegjen nei har oantinkens oan de begjinperioade fan de Jongfryske Mienskip.
Dizze jonge idealisten joegen de Fryske kultuer yn it ynterbellum in nij elan en hienen hege dreamen oangeande Fryslân en it Frysk. Gjin kliemsk nasjonalisme en provinsjalisme, mar in folweardich geastlike, kulturele en talige ûntjouwing fan Fryslân yn de wrâld. De finsters iepen, it boarst foarút. In fermaaklik petear is dat mei de Grouster skippersdochter Janneke Ratsma (1896-1976). Sy fertelt prachtich en wiidweidich. Nei har oplieding yn Amsterdam waard se skoaljuffer yn Alde Leie, mar troch har kommunistyske sympatyen kaam se op in stuit yn Fryslân net mear oan de bak en ferhuze se nei Enschede. Hoewol’t se relatyf koart yn Fryslân wenne, moat se ien fan de fûlste en meast idealistyske meistriders fan de Jongfryske Mienskip west ha.
Ratsma hearde Douwe Kalma foar it earst sprekken by de Fryske Krite yn Amsterdam. Se seit dat se hiel wat sprekkers meimakke hie, mar dat Kalma de kroan spande. In jongkeardel, mei in speech op papier, mar hy spriek foar de fûst wei oer ‘Fryslân Frysk’, út in wier idealisme wei, dat Ratsma ek eigen wie. De kommuniste Ratsma fûn yn de Jongfryske Mienskip in soarte fan sosjalistysk thús. Neffens har wie Kalma yn wêzen sosjalistysk fan aard. De simmerkampen op de Waadeilannen foarmen in lytse ôfspegeling fan de ideale maatskippij dy’t dizze jongelju foar eagen stie. Se hiene wat foar elkoar oer, en foar it grutte ideaal. Oaren dy’t dy de Jongfriezen sa oerdwealsk oan de gong seagen, spytgnysken oer ‘dy heilsteat fan jimme’. En dan ropt Ratsma út: ‘Mar it wíé de heilsteat! Wy hiene alles oer foar it kulturele ideaal.’ It gie yn de Jongfryske Mienskip yn ’t foarste plak om de Geast, net om de Wet of om de matearje. En dat seit wat oer it soarte fan nasjonalisme dat propagearre waard: net perfoarst polityk, mar mear in autonome en selsbewuste wize fan omgean mei taal en kultuer, yn it gruttere gehiel fan Europa en de wrâld. Oan ’e ein fan it petear dielt Ratsma har soargen oer it materialisme yn de wrâld: ‘it is sa dreech dy iene fonk yn minsken oan te blazen, de ferlokking fan de materiële wolfeart is sa grut’.
Hoe’t Janneke Ratsma har fyzje op de Jongfryske Mienskip him ferhâldt ta de oare ynformanten is in nijsgjirrige fraach. De petearen binne digitalisearre en yn detail beskreaun. Dy beskriuwingen binne (foarearst) hjir te lêzen. De lûdsfragminten binne op oanfraach beskikber
Dit artikel komt út Letterhoeke nr. 3-2023.
Laat een reactie achter