Sinjalemint
Henk Wolf (Hrsg.) (2023), Saterfriesische Beobachtungen. Festschrift zum Anlass des 50-jährigen Bestehens der Gemeinde Saterland. Ramsloh: Gemeinde Saterland. 120 Seiten
By prefester Nils Århammar krige ik yn Grins op it kolleezje Fryske dialekten, hiel lang lyn dus, koart in tekst fan it Sealtersk ûnder eagen en dat wie it dan ek. Ik tink dat de measte frisisten yn dy tiid net mear as dat sjoen hawwe. Op syn bêst binne se noch wol in kear troch de trije doarpkes Schäddel (Scharrel), Roomelse (Ramsloh) en Strukelje (Strücklingen) fan de gemeente Sealterlân (Saterland) riden, krekt oer de grins by Nijeskâns rjochtsûnder Lear, en in foto nommen fan de dûbeldtalige plaknambuorden. No is der ein ferline jier in behindich boekje útkommen mei Saterfriesische Beobachtungen dêr’t wat biten en brokken oer dat Frysk yn jûn wurde. Saterfriesischbeauftragte Henk Wolf hat in rige saakkkundigen (sjoch hjirboppe) op allerhanne mêd frege om in koarte bydrage te skriuwen oer in bepaald aspekt fan dizze lytste taalminderheid fan Europa (Guinness Book of Records). Sels hat er in pear taalkundige stikjes levere. It hat in grienmank oan oersichtlike artikeltsjes opsmiten dy’t nijsgjirrige ynformaasje oer dit lytse bruorke fan ús Frysk jouwe. It boekje is yndield neffens de hjirboppeneamde ‘Themabereichen’ as Sprachgeschichte en sa. Ik pik út guon haadstikken in pear ûnderwerpen om de lêzer in yndruk te jaan.
Sa iepenet taalkundige Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy it boekje yn it haadstik Sprachgeschichte mei it ynbêdzjen fan it Sealtersk yn it histoaryske ferhaal fan de Fryske taal. Terjochte begjint Hoekstra dat ferhaal yn de fyfde iuw doe’t der in nije befolking fan Germanen delstruts oan de Nederlânsk-Dútske kuststripe fan de Noardsee en dy’t Friezen neamd waard. Ek it begjin fan harren taal set er yn dy tiid; ‘Altfriesisch’.* Yn de fierdere útlis wurdt in belangrike taalkundige opdieling makke yn in Easterlauwersk gebiet fan Eemsfrysk, dêr’t de taal fan Grinslân ek ûnderfalt, en Wezerfrysk, de taal oan de eastkant fan East-Fryslân. Sa’n bytsje it hiele Easterlauwerske gebiet ûntfrysket nei de fjirtjinde iuw. Der bliuwe lang om let yn de tweintichsteiuw twa ‘eilantsjes’ oer. Wezerfrysk op in echt eilân, Wangereach, en it Eemsfrysk op it ‘taaleilân’ Sealterlân, dat yn it isolemint lei troch de ûntagonklike sompen deromhinne. Nei’t it Wangereagersk útstoar, bleau inkeld it Sealtersk noch oer. De rest fan East-Fryslân praat no in eigen soarte fan Nederdútsk, tsjintwurdich ‘Ostfriesisch’ neamd, ek al is dat gjin Frysk.
By it haadstik Grammatik beskriuwe Henk Wolf en Eric Hoekstra in nijsgjirrige meartalsfoarming mei de getallen 2 en 3. It meartal fan twa manlju twaïn Herene is oars as it taalkundich geslacht froulik is, bygelyks twa dochters two Wuchtere. Inselde ferskil is der tusken trije soannen träi Wäänte en in froulik meartal as trije hagen trjo/tjo Hägen. It is in frij seldsum gefal dat inkeld ek noch yn it Noardfrysk en it Yslânsk foarkomt.
By Sprachunterricht kom ik sels op ’e tekst oere de Frisiatoets dy’t Henk Wolf spesjaal makke hat om te sjen oft immen meidwaan kin oan in kursus Sealtersk op A2-nivo neffens it Europeesk referinsjeramt. By it goed beantwurdzjen fan 75 prosint fan de 40 fragen is dat nivo berikt. De lêzer kin sels op ynternet besjen oft er dat hellet: https://www.seeltersk.de/saterfriesisch-a2-test Yn in oare bydrage fan dit ûnderwiishaadstik wurdt de metoade Seeltersk lopt (https://www.seeltersk.de/archiv/seeltersk-lopt/) foar de basisskoalle besprutsen troch de skriuwster Edith Sassen dy’t ek Platt löppt – de leechdútske metoade – skreaun hat en Ingeborg Remmers, ko-skriuwster fan de Sealterske metoade. De opbou fan de ynhâld is neffens de swierte fan it Europeesk referinsjeramt mei ûnderwerpen as freonen en famylje, iten en drinken, skoalle, ensfh. Der sitte opstapkes yn foar de learlingen om ienfâldige om dialogen te hâlden. Neffens de skriuwsters foldocht de metoade de learkrêften goed. Dosinte Frysk (Gymnasium fan Piter Jelles yn Ljouwert) Maaike Andringa hat foar har masterskripsje ûndersyk dien nei it fuortsterkjen fan de taalhâlding troch les te jaan oer de mienskiplike taal en kultuer fan ús Fryslân en dy fan Sealterlân en Noardfryslân. Sy giet der fan út dat kennis oer de eigen kultuer in wichtige motivaasje foarmet foar in positive hâlding dy’t ek trochwurket yn in bettere taalbehearsking. Andringa hat dêrfoar in ûnderwiispakket oer dit ûnderwerp gearstald foar de twadde faze (hafû en twû) fan it fuortset ûnderwiis. Dêryn binne ûnder oare fideo-opnamen fan sprekkers fan de beide Fryske fariëteiten yn Dútslân te hearren. Ut har evaluaasjeûndersykje achterôf die bliken dat de presintearre ynformaasje goed ûntfongen waard troch de learlingen.
Om koart te kriemen: Saterfriesische Beobachtung is in behindich boekje mei aardich wat nijsgjirrichheden oer ús net sa fiere famyljelid.
* Dy namme ‘(Alt)friesisch’ is my krekt wat tefolle út ús eigen tiid wei tocht. De namme ‘Frysk’ is pas folle letter oerlevere (12de iuw). Hoe’t yn de iere midsiuwen kontemporên oer de taal fan de Friezen tocht waard, binne mar in pear fynplakken fan. De hagiograaf fan Liudger bygelyks beskreau Bernlef (8ste iuw) as de ‘Thiudiscae linguae poeta’ [dichter fan de Dútske taal] en Dútsk moat hjir as de sprutsen folkstaal begrepen wurde, oars as de skreaune taal fan dy tiid, it Latyn. As taalsosjolooch soe ik earder oer ‘Proto-Frysk’ prate, it soarte folkstaal dêr’t it Frysk yn de lette midsiuwen út ûntstiet. Hoekstra befynt him oars yn goed selskip mei dy anagronistyske oantsjutting fan de taal fan de Friezen yn de iere midsiuwen. De Hollânske kronikeur Melis Stoke lei Willibrord (1235-ca. 1306) de ‘Vriessche tale’ yn de mûle doe’t er de Friezen oan dizze kant fan de Noardsee bekeare woe. Sjoch fierder ek Henk Meijering oer it beneamen fan de taal fan de Friezen as Dútsk.
Laat een reactie achter