• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Advysbrief DINGtiid ‘Set yn op in breed tagonklike minor Frysktalige sjoernalistyk’

8 februari 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Wat is der nedich om de kwaliteit fan de Frysktalige sjoernalistyk te ferbetterjen no’t nije generaasjes sjoernalisten de Fryske taal minder goed yn de macht hawwe? Dy advysfraach krige DINGtiid yn april 2023 fan de ministearjes fan BZK en OCW, as gefolch fan in troch de Twadde Keamer oannommen moasje út desimber 2022. 

Yn ús advysbrief oan BZK en OCW skriuwe wy dat it ferlet fan it ferstevigjen fan de Frysktalige sjoernalistyk út ferskate hoeken wei komt. Media, Provinsje Fryslân, ûnderwiis- en taalynstellingen binne al yn petear om yn dat ferlet te foarsjen en sette yn op in minor Frysktalige sjoernalistyk. DINGtiid is fan miening dat dat in weardefol inisjatyf is en jout dêrby de folgjende oanbefellings:

Oangeande de fersterking fan de Frysktalige sjoernalistyk:

  • Oan BZK en OCW: Gean yn petear mei sjoernalistike nijsbedriuwen, ûnderwiis- en taalynstellingen oer hoe’t der synergy berikt wurde kin om de kwaliteit fan it Frysk ûnder sjoernalisten en mediaprofesjonals te fersterkjen;
  • Oan OCW: Gean troch mei it ynvestearjen yn projekten lykas ‘Versterking lokale journalistiek door samenwerking’ en jou dêrby spesifyk omtinken oan it behearskjen fan it Frysk en kennis fan in meartalige mienskip;
  • Oan BZK en OCW: Undersykje de mooglikheden om de kêsten 11.1.g en 11.1.e fan it Europeesk Hânfêst te ratifisearjen, lykas oanbefelle troch de Committee of Experts en de Advisory Committee fan de Ried fan Europa en lis dy fêst yn de nije BFTK 2024-2028;
  • Oan BZK: Nim de oanbefellings út de Tuskenevaluaasje BFTK 2019-2023 fan DINGtiid mei;

Oangeande de minor Frysktalige sjoernalistyk:

  • Oan BZK en OCW: Stel finansjele middels beskikber foar it opsetten, it yn-stân-hâlden en it promoatsjen fan in minor Frysktalige sjoernalistyk;
  • Oan BZK en OCW: Meitsje, fanút it bewustwêzen dat sjoernalisten lang net altyd fia in oplieding sjoernalistyk yn it heger ûnderwiis ynstreame, in minor Frysktalige sjoernalistyk ek tagonklik foar oare stúdzjerjochtingen, besteande sjoernalisten en oare doelgroepen dy’t net mear studearje, en nim dêrby it ferlet fan in garânsjestelling foar in minor mei;
  • Oan BZK en OCW: Stypje de ynstellings om dy oplieding fierder te ûntwikkeljen en foar oare wurkgebieten nijsgjirrich te meitsjen, sadat ek sektoaren lykas rjochtspraak, oerheid en soarch fan sa’n minor profitearje kinne;
  • Oan BZK en OCW: Undersykje hoe’t dizze minor ek tagonklik en erkend wurde kin foar studinten út it universitêr heger ûnderwiis;

Fierder:

  • Oan BZK en OCW: Set noch mear yn op de fersterking fan de ‘Trochgeande learline Frysk’ om yn de basis yn it ferlet fan Frysktalich personiel, ek yn oare domeinen (lykas rjochtspraak, oerheid en soarch) te foarsjen;
  • Oan BZK: Nim (lytsere) talen lykas it Frysk ek mei yn technologyske kânsen oangeande Keunstmjittige Yntelliginsje (AI).

Lês hjir de folsleine (twatalige) advysbrief Frysktalige Sjoernalistyk oan BZK en OCW (23 jannewaris 2024)

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: beleidsadvies, DINGtiid, Frysk studearje, journalistiek

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d