Yn in tiid wêryn’t der in soad omtinken is foar kultureel ferskaat en taalrykdom, beljochtet it krekt ferskynde rapport “Ownership and Leadership module” (OWL +) fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen de yntegraasje fan fjouwer Europeeske minderheidstalen binnen en bûten it ûnderwiissysteem fan harren regio’s. It West-Frysk (Nederlân), it Mirandeesk (Portugal), it Súd-Samysk (Noarwegen) en it Letgaals (Letlân) steane sintraal yn it OWL+ projekt, dat net allinnich de ferskillen tusken dy talen beljochtet, mar ek de krúsjale rol dy’t se spylje yn it behâld fan kulturele identiteit.
Binnen it OWL+ projekt, wêrby’t OWL stiet foar Ownership and Leadership, wol men derfoar soargje dat minderheidstalen wer populêr wurde troch jongeren yn de mienskippen yn ’e kunde komme te litten mei de minderheidstaal fan harren regio en harren dêrfoar te ynteressearjen. Dat kin barre yn it ûnderwiis, mar it is ek wichtich dat jongeren bûten skoalle motivearre wurde om de minderheidstaal te brûken. It is pas mooglik om dit doel te berikken as der yn de mienskip minsken binne dy’t sjen litte dat se ferantwurdlikheid nimme (ownership) en liederskip toane (leadership) om de minderheidstaal te promoatsjen.
It OWL+ projekt hat dêrom yn in ynteraktive online module in wiidweidige ferliking makke tusken de konteksten fan boppesteande talen. Alle fjouwer talen binne minderheidstalen, mar eltse taal hat ferskate skaaimerken, mei fariaasjes yn it tal sprekkers, it deistich gebrûk en de offisjele erkenning. Wylst it West-Frysk en it Letgaals tige yntegrearre binne yn it deistich libben, ha it Mirandeesk en it Súd-Samysk in minder sichtber plak yn de mienskip. Erkenning en offisjele status hawwe gâns ynfloed op de hâlding oangeande dy talen.
Underwiis
Underwiis komt nei foaren as in belangryk ynstrumint foar it behâld en de oerdracht fan minderheidstalen. It West-Frysk en Súd-Samysk profitearje fan ferplichte taalûnderwiis, wiidweidich lesmateriaal en strukturearre learare-opliedings. Dêrfoaroer binne der foar it Mirandeesk en Letgaals inkelde obstakels lykas beheind materiaal, fakultative kursussen en it ûntbrekken fan spesifike learare-opliedings.
Yn it rapport wurdt wiisd op de needsaak fan in goed trochtocht kurrikulum, gaadlik lesmateriaal en kwalifisearre leararen om minderheidstalen op skoallen effektyf te yntegrearjen. Troch de minderheidstalen yn it ûnderwiis te koesterjen, ûntwikkelje learlingen net allinnich taalfeardichheden, mar krije se ek in djipper begryp fan de rike kulturele eftergrûnen fan minderheidsgroepen.
Nije generaasjes
It oerkoepeljende doel fan it ûndersyksprojekt is dúdlik: nije oandacht foar minderheidstalen en it stimulearjen fan ynteresse by de jongere generaasjes. Dy talen befetsje ommers djipwoartele kulturele wearden dy’t binnen de minderheidsmienskippen behâlde en beskerme wurde moatte.
De ynfloed fan minderheidstalen strekt him út bûten formeel ûnderwiis, bygelyks yn literatuer, media, keunst en sport. It West-Frysk en Súd-Samysk binne suksesfol yntegrearre yn ferskate kulturele aspekten, wêrby’t se it taalkundige ferskaat befoarderje, lykas mei teater en poezij. Sawol it Mirandeesk
en Letgaals binne beide ryk oan tradysje, mar se wrakselje om in sichtber plak te krijen yn iepenbiere romten. Dêrom binne inisjativen om dy talen mear omtinken te jaan needsaaklik.
Eignerskip en liederskip
It OWL+ projekt beklammet de ûnderlinge ferbining fan eigenerskip en liederskip (ownership en leadership) yn taalrefitalisaasje. Eigenerskip wjerspegelet in gefoel fan ferantwurdlikheid foar de taal en de mienskip, wylst liederskip it nimmen fan pro-aktive stappen ynhâldt om útdagings oan te pakken en de mienskip te fersterkjen.
De ynteraktive OWL+ module jout foarbylden fan in aktive oanpak binnen en bûten it klaslokaal, wêrby’t net allinnich taalfeardigens befoardere wurdt, mar ek in gefoel fan grutskens en eigenerskip oer de minderheidstaal ûntstiet by sawol de leararen as de learlingen. It behâld fan kultureel ferskaat en identiteit stiet of falt mei in doelrjochte oanpak binnen it ûnderwiis. Op dizze wize kinne minderheidstalen harren rol as dragers fan tradysjes en identiteit ferfoljen bliuwe, net allinne foar de hjoeddeiske, mar ek foar takomstige generaasjes.
It folsleine rapport “Ownership and Leadership module” is hjir te lêzen.
Besjoch hjir de ynteraktive Ownership and Leadership module.
Laat een reactie achter