• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Meindert Talma skriuwt Frysk Kadoboek 2024

20 februari 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Meindert Talma. Foto: Reyer Boxem.

Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skriuwt it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre hy mei de autobiografyske roman Dammen met ome Hajo, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel De Blauwe Fedde yn petear. Yn 2003 ferskynde fan him de roman Kriebelvisje. Dêrop folgen de dichtbondel Laat het orgel jammeren (2011) en de romans mei muzykalbums Kelderkoorts (2013), Je denkt dat het komt (2017) en Gezinsverbijstering (septimber 2024).

Meindert Talma: “Doe’t ik belle waard mei de fraach oft ik it Kadoboek 2024 skriuwe woe, tocht ik: o nee!, want ik wie krekt dwaande mei it dien meitsjen fan myn nije boek. Mar ik ha in soad nocht oan it skriuwen fan it Kadoboek. It wurdt in autobiografyske, tragykomyske novelle, dy’t him foar it grutste part ôfspilet yn Fryslân. En it kriget in frij dramatysk ein.”

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 1 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike, fan sneon 2 novimber o/m snein 10 novimber 2024, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2024 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Regaad. It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: boekewike, Meindert talma

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d