• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Teäterselskip Frets soarget foar Frysktalige oersetting fan berneboek Gozert

21 februari 2024 door Froukje Sijtsma Reageer

It is in dream dy’t útkomt: Frysk teäterselskip Frets giet mei it bekroande berneboek Gozert de teäters yn. Patrick de Vries (35), Johannes Hospes (32) en Freerk Hospes (32) fan teäterselskip Frets binne noch altyd út de skroeven. Doe’t útjouwerij Lemniscaat en skriuwer Pieter Koolwijk harren tastimming joegen om it berneboek Gozert as teäterfoarstelling op te fieren, wienen se al hiel bliid. Se koenen harren lok lykwols hielendal net op doe’t sy ek entûsjast wienen oer in Frysktalige foarstelling.

‘Oant de simmerfakânsje fiere wy it stik op foar basisskoallebern yn ferskate Fryske teäters. Ek is der op 1 maaie 2024 ien iepenbiere foarstelling yn Snits. Dêrnei gean wy oer op it Nederlânsk yn oare provinsjes’, fertelle de manlju grutsk. Neist harren trijen sels spylje ek akteurs Eline de Vries en Ella de Jong mei yn de foarstelling. In oantal data binne sels al útferkocht.

It ferhaal fan Gozert giet oer it jonkje Ties dat mei syn ûnsichtbere freon Gozert in hiel soad aventoeren belibbet, mar dêrtroch ek geregeld yn de problemen rekket. Ties syn famylje wol dat hy mei medikaasje ôfskied nimt fan syn selsbetochte freon. Patrick, dy’t lykas Freerk en Johannes sels heit is, wie fuort entûsjast oer it boek. ‘Meist as bern dysels wêze en ôfwike fan de noarm? Of moat in bern perfoarst yn in hokje passe om goed genôch te wêzen foar ús mienskip? Ik fûn dat in hiel fassinearjend tema.’

De trije manlju kenne inoar al in skoft. Johannes en Freerk binne neven en Patrick learden sy kennen op de Pabû. ‘Goed tsien jier lyn hienen wy ûnder oaren kolleezje fan skriuwer Mindert Wijnstra. Hy learde ús om ferhalen te fertellen yn it Frysk. As stúdzjeprojekt hawwe wy doe, yn oparbeidzjen mei de Afûk, in teäterfoarstelling makke en opfierd. Wy dienen dat op basis fan it Frysktalige berneboek De stilte fan Joachem fan Mindert Wijnstra. Dat wie sa’n grut sukses, dat wy dêrnei trochgien binne as teäterselskip Frets, neist ús wurk yn it ûnderwiis en maatskiplik wurk.’  Stadichoan hawwe de manlju de folsleine oerstap makke nei teäter.

De freonen komme alle trije út Gaasterlân en binne ek allegear muzikaal en kreätyf. Sa is Freerk mei syn frou Tryntsje aktyf yn de muzyk ûnder de namme Mister & Mrs. ‘Wy sjonge ek geregeld covers, oerset nei it Frysk, dy’t wy op ús Instagramkanaal diele.’

Wat se ek gemien hawwe is harren leafde foar de Fryske taal. ‘It is ús memmetaal, al prate wy it trouwens ek mei ús heiten hear, haha. Hoe dan ek: it is de taal fan ús hert. Wy skriuwe teksten en ferskes yn it Frysk en nimme sels meditaasjes op yn dy taal. En fansels prate wy it ek wer mei ús eigen bern.’

Fierder fine Patrick, Johannes en Freerk it ek hiel belangryk dat der yn it ûnderwiis omtinken is foar it Frysk. ‘It opfieren fan teäterfoarstellings mei Fryske ferskes is in geweldige wize om bern mei it Frysk yn kontakt te bringen. Seker as bern de taal net fan hûs út meikrije. De rykdom fan it Frysk is prachtich foar op toaniel.’

Yn 2021 waard Gozert, skreaun troch Pieter Koolwijk, bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Koolwijk – de auteur dy’t ek it bernewikegeskink fan 2024 foar syn rekken nimme mei – wennet yn Drinte, mar hat Fryske foarâlden. Om’t de teäterfoarstellings yn Fryslân yn it Frysk opfierd wurde, ûntstie it idee om it berneboek ek oer te setten. ‘Yn gearwurking mei útjouwerij Afûk is Rymke Zijlstra frege om de Frysktalige oersetting te fersoargjen.’

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: berneboek, teater

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d