Krekt bûten Easterwierrum sit in unyk bedriuw. Oan de bûtenkant fan it hûs is neat te sjen, mar yn de smûke wenkeamer wurdt al gau de passy fan de bewenners dúdlik: boeken. Se steane oeral, sels yn it smoute hoekje fan de eardere bedstee. Al mear as fyftich jier wenje Jan en Marja Schotanus tusken de boeken. Se binne de betinkers fan en driuwende krêften achter Audiofrysk, dat Fryske harkboeken makket. Krapoan hûndert titels hawwe se sûnt it begjin yn 2007 útjûn. Wat driuwt har?
It nijste projekt is in boek mei twa literêre novellen fan de ferline jier ferstoarne Aggie van der Meer. ‘Dit bysûndere wurk is yn boekfoarm eins nearne mear te besetten. Nij is it útferkocht en twaddehânsk komme je it net tsjin. Dus hoopje wy dat dizze harkboekferzje syn wei nei de minsken fynt’, fertelt Jan Schotanus.
Harktip : Klik op de hyperlink yn de tekst en harkje nei in fragmint fan it oanbelangjende audioboek.
It begjin
‘Ik mocht sels graach nei harkboeken harkje, meastentiids oer skiednis. Nederlânsktalige romans wienen doe ek al as harkboek beskikber, mar net yn it Frysk’, giet Jan Schotanus fierder. ‘En ik fûn dat soks der wol wêze moast.’ En sa begûn de missy fan de berneboekeskriuwer. Hy wie út it ûnderwiis en it wurk wie goed te kombinearjen mei it tekstburo fan syn frou Marja.
It wie pionierjen yn it begjin. Der kaam allerhanne technyk by sjen: hoe op te nimmen en te montearjen, watfoar materiaal is geskikt? ‘We binne gewoan begûn en rôlen der geandewei mear en mear yn.’ Klopjend hert fan it bedriuw is it kantoar boppe dêr’t de kompjûters en printers stean. Jan Schotanus docht alles sels: fan it (soms) ynlêzen oant de montaazje en fan it brânen fan de cd’s oant de distribúsje. Yn de wurkkeamer yn de tún, mei sicht op de greiden, stiet de foarried mei harkboeken, klear om de wrâld yn te stjoeren.
De kolleksje bestiet ûnderwilens út romans, berneboeken, Fryske klassikers en ferskate rigen mei lêzingen. ‘We begûnen mei de berneboeken, de Mentha Minnema-rige, dêr’t ik sels ek foar skreaun ha. Skriuwers as Anny de Jong en Riemkje Hoogland-Pitstra liezen har eigen wurk yn.’ Sels die Jan Schotanus dat ek, gewoan thús. ‘Us eardere fotodoka is in geskikte, lûdtichte romte. Mei in opspjeldmikrofoantsje en opname-apparatuer bist der al.’ De earste roman dy’t as Frysk harkboek ferskynde, wie De Mjitte fan Koos Tiemersma. It boek fan 264 siden waard in boks mei acht cd’s. Yn goed tsien oeren is it boek te beharkjen.
Is elk boek geskikt?
‘Nee, net elk boek is geskikt as harkboek. It ferhaal moat trochrinne en net tefolle flashbacks hawwe of ferskillende fertelperspektiven. Kinst ommers net weromblêdzje lykas mei in boek. Hiel soms jouwe we in oanwizing, mar soks dogge we eins leaver net.’
Nei in grutte ynhelslach yn de begjinjierren om de katalogus op te bouwen, ferskine no sa’n trije oant fiif nije titels yn it jier. Se hâlde goed by wat oan nij Frysk wurk ferskynt en wat oansprekt by it publyk, lykas de romans fan Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides. ‘By de toppers hearre al jierren de boeken fan Hylke Speerstra en Rink van der Velde, en oersettingen lykas De Hobbit fan Tolkien en Jappy en it Sûkeladefabryk fan Roald Dahl dogge it goed en in ferhalebondel fan in minder bekende skriuwer as Jan van der Leij is noch altyd populêr.
Grutsk fertelt Jan Schotanus dat ien fan de resint útbrochte titels neamd is yn in lanlike krante. ‘Yn de Volkskrant waard Covidwiksel fan Sietse de Vries koart besprutsen. ‘Na vier uur bent u een verhaal en een taal rijker’ stie der. In soad nije bestellingen of útlieningen smiet dat net fuort op. ‘It is in kwestje fan lange azem en wurket op langere termyn troch.’
Kin elkenien in boek ynlêze?
‘It moaist is as de skriuwer syn eigen wurk foarlêst, net elk kin en wol dat. It kostet in hoop tiid, mar se kinne it thús dwaan, ast gjin ferkear fan bûten hearst of in tikjende klok. Oaren misse de dissipline om sitten te gean en nimme it leaver op yn de studio, dy’t we dan mei in technikus hiere.’
De keunst is om dy eksakt oan de tekst te hâlden.
As de skriuwer net sels ynlêst, sykje Jan en Marja der in stim by. Yn al dy jierren witte se sa stadichoan wat wurket. ‘Doe’t we krekt begûnen mei Audiofrysk, krigen we tal fan spontane oanmeldingen. Benammen froulju seinen dat it har sa moai like om in boek yn te lêzen. Uteinlik wienen mar in pear echt geskikt. De keunst is om dy eksakt oan de tekst te hâlden en te lêzen wat der stiet. Wat foar toanielspilers soms lestich is, kamen we achter. Dy wolle noch wolris wat ymprovisearje. Dat docht Hylke Speerstra trouwens ek. Hy lêst prachtich, mar net altyd letterlik wat der stiet. Hy fertelt eins mear en heakket geregeld wat ta. Dêr is er frij yn, it is ommers syn boek.’
Ien fan de fêste stimmen dy’t boeken ynlêst, is Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân. ‘En dêrmei drage we ús stientsje oan de wittenskip by. Foar ûndersyk op it mêd fan spraaktechnology is ferlet fan teksten dy’t yn skrift en yn audio beskikber binne en sok materiaal is der net folle. Om’t it dêrby fan belang is dat de stim safolle mooglik itselde is, binne de harkboeken troch Geartsje poergeskikt om de klanken te learen.’ Yn it ûnderwiis krije harkboeken ek hieltyd mear plak. Bern dy’t muoite mei lêzen hawwe, kinne sa tagelyk lêze en hearre. En dat is ek in moaie manier om it Frysk te learen.
Hoe populêr binne harkboeken?
It harkboek hat in enoarme flecht naam de lêste jierren. ‘De sichtberheid fan harkboeken is grut ast online sikest. Fan nije titels ferskine tsjinwurdich faak tagelyk audioboeken. In platfoarm as Luisterrijk hat mear as tsientûzen audioboeken. Ek al ús titels stean dêrby, lykas yn de online biblioteek, dêr’t se in soad liend wurde.’ Wat fansels bot holpen hat, is dat elk mei in smartphone tagong hat ta online bestannen en mei earkes oeral en altyd harkje kin. ‘Want sis no sels, wat is no moaier om yn in oare wrâld te wêzen, wylst op de fyts, auto of trein ûnderweis bist?’
Dit artikel is earder ferskynd op de webside fan Tresoar.
Laat een reactie achter