• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

21 maaie 2024: Sympoasium op Pinkstertiisdei – De ‘Fryske’ Lege Lannen yn it earste millenium

23 april 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op pinkstertiisdei organisearret Tresoar in sympoasium oer de Fryske midsiuwen. Dit jier stiet de dei yn it teken fan edukaasje. It programma is tige nijsgjirrich foar professionals yn it ûnderwiis en ûnderwiisprofessionals yn spee, mar ek foar oare professionals op it mêd fan skiednis en minderheidstalen.

De ‘Fryske’ Lege Lannen yn it earste millenium

Se praten ea Frysk yn wat no Den Haag, Utrecht of Amsterdam is. De Fryske gebieten rûnen yn it earste millennium ommers fan de Skelde oant de Wezer: de Nederlânske en Dútske kuststripe dêrtusken hiet ‘Frisia’. Dat makket dat de Fryske midsiuwen net in provinsjaal ferhaal binne, mar in nasjonaal en sels ynternasjonaal ferhaal.

Us heitelânske skiednis is net folslein sûnder it unike ferhaal fan de ‘Fryske’ Lege Lannen. Mar hoe ferwurkest dizze ‘Fryske’ Lege Lannen yn dyn skiednisles? As dielnimmer oan dit sympoasium – dizze earste kear folslein yn it ramt fan edukaasje – krijst as ûnderwiisprofessional ‘tips & tools’ om de ‘Fryske’ Lege Lannen in plak te jaan yn dyn lessen.

Unskiedber ferbûn oan dit ferhaal is de ‘Richthofenkolleksje’, de wrâldwiid grutste samling Aldfryske rjochtsboarnen, dy’t bewarre wurdt troch Tresoar. Yn 2022 ferliende Unesco in nasjonale erfgoedstatus oan dizze kolleksje. De samling is digitaal beskikber.

De fiertaal fan de dei is Nederlânsk.

Oanmelde kin hjir.

Programma

15.30 – 15 .50 Untfangst mei kofje / tee

15.50 – 16.00 Wolkom troch Arjen Dijkstra (dir. Tresoar)

16.00 – 16 .45 Ynlieding troch Vincent Robijn (dir. Collectie Overijssel)

16.45-18.00 Workshop (kinst 1 workshop kieze):

– Jelte Pinkster jout in workshop foar professionals en takomstige dosinten yn it basisûnderwiis/primêr ûnderwiis. Jelte Pinkster is dosint Frysk en Skiednis op Comenius Mariënburg en Beyers Naudé.

– Jacob Roep jout in workshop foar professionals en takomstige dosinten yn it fuortset ûnderwiis. Jacob Roep is edukaasjemeiwurker by Tresoar en dosint skiednis en maatskippijlear. 

– Jitske de Hoop jout in workshop foar professionals en takomstige dosinten yn it heger berops ûnderwiis. Jitske de Hoop is dosint Frysk en bestjoerslid by Dingtiid.

18.00 – 19 .30 Buffet (opsjoneel foar dielnimmers oan it middeisprogramma)

Jou by it bestellen fan dyn ticket oan oftst gebrûk meitsje wolst fan it fegetaryske buffet. 

Pinkstertiisdei

Dizze lêzing makket diel út fan Pinkstertiisdei: in dei yn it ramt fan de Fryske midsiuwen – ús dielde skiednis. Dit tema wolle wy fan no ôf alle jierren ûnder de oandacht bringe by publyk en professionals op ‘Pinkstertiisdei’. Want op de tiisdeis nei Pinkster, sa witte wy út midsiuwske boarnen, teagen rjochters út alle Fryske regio’s alle jierren nei de ‘Ustalsbeam’ – in plak by it East-Fryske Aurich – dêr’t se rjocht sprutsen en nije ôfspraken makken. De perfekte dei dus om nije ‘Aldfryske’ netwurken te smeien!

Jûns is der ek in publykslêzing, dy’t fersoarge wurdt troch dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. By dizze lêzing is ek it bredere, histoarysk ynteressearre publyk wolkom. Oanmelde kin hjir.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Agenda, Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: aldfrysk, middeleeuwen, onderwijs, Symposium, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d