Op 8 april 2024 waard ûnder tafersjoch fan deputearre Eke Folkerts de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) ûndertekene troch Hugo de Jonge, minister fan Ynlânske Saken, en Arno Brok, Kommisaris fan de Kening yn Fryslân. It ûndertekenjen fûn plak by Firda yn Snits. Yn de BFTK, dy’t rint fan 2024 oant 2028, lizze Ryk en provinsje fêst hoe’t sy de beskerming en de befoardering fan de Fryske taal en kultuer stal jaan sille. Om de ôfspraken dy’t yn de BFTK fêstlein binne stelt it ryk in totaal fan €18 miljoen euro beskikber.
Yn dit besprek wurdt de nije BFTK trochnaam om te sjen wat de ambysjes en doelstellings binne en hoe’t Ryk en provinsje dit realisearje wolle. Fanwegen de omfang fan it dokumint sille net alle details beljochte wurde, mar komme benammen de haadsaken en wichtichste punten oan bod.
Earst efkes werom yn de tiid. De Fryske taal hat in beskermde status sûnt 1998: yn dit jier waard it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen’ ratifisearre. Hjirmei kommittearret it Ryk har oan sawol de beskerming as de befoardering fan de Fryske taal. Dit troch it fersterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis, it mooglik meitsjen fan it sprekken fan Frysk yn de rjochtbank en by oerheidsynstânsjes en it fasilitearjen fan Frysk yn de media. Boppedat waard mei it yn wurking gean fan de ‘Wet gebrûk Fryske taal’ (2014) it Frysk, neist it Nederlânsk, erkend as offisjele taal yn de provinsje Fryslân. Fierder regelet dizze wet dat Ryk en provinsje tegearre ferantwurdlikens en in soarchplicht hawwe foar it Frysk. Hjirfoar wurde der geregeld bestjoersôfspraken makke om dit yn te foljen. De BFTK 2024-2028 is de sechsde kear dat Ryk en provinsje ôfspraken oerienkomme om oan dizze ferantwurdlikens en soarchplicht te foldwaan. De nije BFTK formulearret fiif prioriteiten. Dit binne ‘sichtberens’, ‘digitalisearring’, ‘ûnderwiis en ûndersyk’, ‘taaloerdracht’ en ‘desintraal taalbelied’.
Yn 2022 binne mei it ‘Sichtberensakkoart Fryske Taal’ ôfspraken makke om – de namme seit it al – de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte te fergrutsjen. Yn de nije BFTK wolle Ryk en provinsje hjir fierder op ynsette. Dit ûnder mear troch ynformaasje fan it Ryk, dy’t de ynwenners fan Fryslân oanbelanget, ek yn it Frysk te kommunisearjen, troch twatalige strjittebebuording en paadwizers en troch it oanstellen fan in meartaligenskoördinator. Lêstneamde moat it taalbelied binnen de Fryske gemeenten befoarderje en ûntjaan. Hy of sy sil de gemeenten oantrúnje om it Frysk yn alle fasetten fan harren belied te brûken en te fersterkjen en moat boppedat fungearje as in brêge tusken oerheid en it taalfjild. Hy of sy siket ferbining mei en stipet de kulturele, sosjale en ûnderwiisorganisaasjes binnen de gemeente. Yn’e rintiid fan dizze BFTK stelt it ministearje fan Ynlânske Saken in totaal fan €1,7 miljoen beskikber om gemeenten oan te setten ta it oanstellen fan in meartaligenskoördinator. It is de bedoeling dat men de oankommende jierren hieltiten mear Frysk op strjitte en de iepenbiere romte tsjinkomme sil.
Oanmoediging fan it gebrûk fan it Frysk yn de iepenbiere romte betsjut ek dat der oandacht is foar de Fryske taal yn it digitale domein. Om’t de grutte technologybedriuwen dy’t soarchje foar de ûntwikkeling fan digitale tapassings harren benammen talizze op de grutte talen, bliuwe de lytsere talen, lykas it Frysk, hjir noch wolris by efter. Ryk en provinsje sille dêrom ûndersykje hoe’t sy de ûntwikkeling fan digitale ynnovaasjes om it Frysk fan spraak nei tekst oer te setten, en oarsom, bespoedigje en stypje kinne. Boppedat prate sy ôf om bliuwend oandacht te freegjen foar it Frysk yn it ûndersyk en yn digitale tapassings fan keunstmjittige yntelliginsje. Dit betsjut dat dêr wêr’t ûntwikkelingen te krijen hawwe mei it Nederlânsk, ek omtinken wêze sil foar it Frysk. Yn de BFTK is ôfsprutsen dat hjiroer elts fearnsjier in oerlis plakhawwe sil tusken Ryk, provinsje en de belutsen dossierhâlders. Dit, om op dit mêd aktiviteiten op te setten en om kânsen sa goed mooglik te benutten.
Ek stribje Ryk en provinsje dernei om it Frysk oansprekberder te meitsjen foar jongerein. Dit troch it sichtberder te meitsjen op plakken dêr’t sy in soad komme en dêr’t sy harren uterje. Troch folop oandacht te besteegjen oan de Fryske taal yn literatuer, kultuer en podiumkeunsten wolle Ryk en provinsje jongerein oansette it Frysk te brûken en te ferrykjen. De provinsje wol dan ek jild frijmeitsje om, yn gearwurking mei Leeuwarden-Fryslân Unesco City of Literature en Taalproductiehuis, jongerein te stypjen om kulturele en literêre foarmen lykas as podcasts, booktoks, bookzines, spokenword en poetsryslam te ûntwikkeljen en te produsearjen. Audiofisuele produksjes kinne dêrneist ek rekkenje op stipe. Sa sil de provinsje ûndersykje oft it ek helber is om in Frysk Filmfûns op te rjochtsjen om de regionale filmynfrastruktuer yn Fryslân te fersterkjen en om Frysktalige filmproduksjes fan de grûn te krijen. Boppedat sil it ministearje fan Kultuer, Ûnderwiis en Wittenskip de provinsje en Fryske filmhubs yn kontakt bringe mei streamingstsjinsten om sa de mooglikheden foar audiofisueleproduksjes yn Fryslân ûnder de oandacht te bringen.
Fierder wol men ynsette op in breed oanbod fan berneboeken, jeugdboeken en boeken foar jongfolwoeksenen. Dit net allinnich om de Fryske taal fitaal te hâlden, mar ek om de striid oan te gean tsjin de ûntlêzing ûnder sawol jongerein as folwoeksenen. Benammen foar it lêste sil de provinsje regelingen iepenstelle om orizjineel en oansprekkend Frysktalich wurk te ûntwikkeljen, út te jaan, te promoatsjen en tagonklik te meitsjen. Boppedat sil de provinsje it oersette fan moderne klassikers nei it Frysk fasilitearje. Hjirby sil de provinsje útfiering jaan oan subsydzjeregelings foar it útjaan fan Fryske literatuer, it skriuwen fan literatuer en jeugdliteratuer, de oersetting fan literatuer, it werdrukken fan populêre titels, it promoatsjen fan Fryske literatuer en it ûntwikkeljen fan nije foarmen fan literatuer en it stypjen fan jong talint.
Op it mêd fan ûnderwiis en ûndersyk sette Ryk en provinsje fierder yn op it Taalplan Frysk 2030. Yn gearwurking mei in oantal kulturele en ûnderwiisynstellings yn Fryslân – Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL-Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Semko en SFBO – wurket de provinsje oan de doelstelling dat yn 2030 alle skoallen yn it Frysk taalgebiet Frysk oanbiede. De ambysje fan de nije BFTK giet lykwols noch fierder: it wol Fryslân ûntwikkelje ta topregio oangeande ûndersyk en yntervinsjes om it lêsnivo fan jong en âld te fergrutsjen. Om dit te berikken wurdt der ekstra ynvestearre yn it primêr en fuortset ûnderwiis en wolle beide partijen it oprjochtsjen fan in praktoraat Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst fasilitearje. Lêstneamde sil fêstige wurde op mbû-ynstelling Firda. Yn it tiidrek fan dizze BFTK – dat wol sizze, 2024-2028 – sil it op te rjochtsjen praktoraat troch it ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip stipe wurde mei €500.000 per jier. Neist it mbû spanne Ryk en provinsje harren yn om de posysje fan it Frysk te fersterkjen yn it hbû en it wû. Hjirby wurdt der fuortboud op it resinte KNAW rapport oer de takomst fan de Frisistyk – dat, yn it koart, konstatearret dat it plak fan de Fryske taal op de Nederlânske universiteiten soarchlik is en dêrom pleitet foar in selsstannige universitêre stúdzje Frysk en in fulltime heechlearaar – en it earderneamde Taalplan Frysk 2030.
De BFTK formulearret wat dit oanbelanget fiif spearpunten. Dit binne de tarieding en start fan in folweardige, duorsume en tagonklike universitêre oplieding Frysk, it fergrutsjen fan it oantal leararen dat it Frysk oanbiede kin fan it primêr ûnderwiis oant it hbû en wû, de start fan in minor Fryske taal en kultuer foar oankommende sjoernalisten, mear oandacht foar it Frysk as beropstaal by oare opliedings fan NHL-Stenden Hegeskoalle en, as lêste, ekstra maatregels om de gearwurking en ôfstimming op it mêd fan hbû, wû en ûndersyk te ferbetterjen en om de kennisynfrastruktuer – de ynfrastruktuer dy’t nedich is om kennis op tiid en yn de goede foarm op it goede plak te krijen – duorsum te fersterkjen. Om dit te realisearjen stelle Ryk en provinsje foar it tiidrek fan de BFTK jierliks €560.000 beskikber foar de akademyske Frisistyk en jierliks €1.4 miljoen foar de oplieding fan dosinten yn it primêr en fuortset ûnderwiis.
Boppedat, om it Frysk folweardich oanbiede te kinnen op it fuortset ûnderwiis en fanwegen de ûntwikkelings yn it mbû, binne der folle mear dosinten Frysk nedich. NHL-Stenden Hegeskoalle biedt dêrom in bachelor en master dosinte-oplieding Frysk oan en fersoarget yn’e mande mei de Ryksuniversiteit Grins in akademyske oplieding ta earstegraads dosint. Boppedat wurket NHL-Stenden Hegeskoalle op it stuit oan in nije opliedingsstruktuer dêr’t studinten twa foegen tagelykertiid helje kinne. Dêr’t it Ryk en de provinsje de ambysje hawwe om, neist de ûnderbou, it Frysk as eksamenfak oan te bieden op it fuortset ûnderwiis, binne der mear dosinten mei in earstegraads foech nedich dy’t it Frysk oanbiede kinne yn de boppebou. Dêrom wurdt der yn it tiidrek fan dizze BFTK ekstra maatregels troffen en middels beskikber steld om de werving en oplieding fan dosinten Frysk oan de universiteit en de hegeskoalle te stypjen.
Fierder wolle Ryk en provinsje yn de nije BFTK de oerdracht fan de Fryske taal befoarderje. It docht nammentlik bliken dat it oandiel âlders dat Frysk praat mei harren bern stadichoan ôfnimt. Boppedat brûke bern it Frysk minder aktyf troch de dominante posysje fan it Nederlânsk op de berne-opfang en it ûnderwiis. Om dizze ûntjouwing tsjin te gean komt der mear omtinken foar âlders dy’t graach it Frysk oerdrage wolle op harren bern mar hjir net altiten yn slagje. Dit, troch yn te setten op ynfrastruktuer en de sprieding fan Frysk- en twatalige opfanglokaasjes en troch te soargjen foar genôch materiaal, lykas boekjes, filmkes en apps wêrmei’t jonge bern yn oanrekking komme mei it Frysk. Hjirmei is ek in wichtige rol weilein foar de gemeenten yn Fryslân: de provinsje stimulearret en stipet harren om foldwaande en tagonklike berne-opfanglokaasjes te fasilitearjen. Dit moat derta liede dat yn 2026 alle gemeenten – konfoarm de ‘Wet Gebrûk Fryske Taal’ – yn harren feroarderings en subsydzjeregelings fan oanbieders fan berne-opfang ferwachtsje dat sy meiwurkje sille oan in passend oantal twatalige lokaasjes, mei in goede sprieding en tagonklikens. Sterker noch, de provinsje sprekt yn de BFTK de ambysje út dat yn 2028 80% fan de berne-opfanglokaasjes twatalich is en dat der foar elts bern op fytsôfstân in twatalige lokaasje beskikber is. Ek wolle Ryk en provinsje ynwenners fan Fryslân, dy’t de Fryske taal noch net behearskje, oanmoedigje om it Frysk te learen. Dit, trochmiddel fan ôfspraken mei gemeenten, it ûntwikkeljen fan learmetoaden en it oanbieden fan in tagonklike kursusrige Frysk op inisjatyf fan de provinsje. Dêrneist wolle beide partijen ynvestearje yn it ûntwikkeljen fan Nederlânsk-Fryske taallearapp, mei in eventuele útwreiding nei Ingelsk-Frysk, Dútsk-Frysk en Arabysk-Frysk.
Ta slút wolle Ryk en provinsje it Frysk taalbelied op desintraal nivo – tink oan Wetterskip Fryslân, Feilichheidsregio Fryslân en de Belestingtsjinst, ensf. – fersterkje. Sy freechje dizze tsjinsten dêrom om oandacht foar de ‘Wet Gebrûk Fryske Taal’. Dizze wet ferlanget fan harren dat sy yn 2026 Frysk taalbelied foar de eigen organisaasje opsteld hawwe. Foarbylden hjirfan binne de mooglikheid om by de regionale plysje-ienheid Noard-Nederlân oanjefte yn it Frysk te dwaan of de mooglikheid om yn it Frysk melding dwaan te kinnen by de meldkeamer fan Feilichheidsregio Fryslân. De provinsje sil as Taalskipper it foartou nimme yn de fierdere ûntwikkeling fan sok belied: it bringt de desintrale oerheden byinoar en stjoert by dêr wêr’t kânsen ûnbenut bliuwe.
Ek wichtich, en okkerdeis regelmjittich yn it nijs, is de fersteviging fan de posysje fan it Frysk by de rjochterlike autoriteiten. Dêr’t yn steatsrjochtlike sin de wetjouwende en rjochterlike macht fan inoar skieden binne, hawwe de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert yn oerlis mei Ryk en provinsje yn kaart brocht hoe’t sy it Frysk yn it rjochtsferkear fasilitearje kinne. De ‘Wet Gebrûk Fryske Taal’ regelet nammentlik dat in fertochte, partij, tsjûge of belanghawwende by sittings fan de gerjochten Frysk prate mei. As in belanghawwende foarnimmens is Frysk te praten op’e sitting, dan wurdt hy of sy frege om dit foarnimmen acht dagen foar de sitting troch te jaan. Dit, sadat de rjochter in tolk oanwize kin. Dêrneist kinne yn strafsaken, sivile saken en bestjoersrjochtlike saken de prosesstikken yn it Frysk opsteld wurde (mei útsûndering fan dagingen yn strafsaken) en mei de eed, belofte of befêstiging troch ynwenners fan Fryslân in hiel Nederlân yn it Frysk ôflein wurde. Om hjir oan temjitte te kommen, biede de oanbelangjende ynstânsjes in kursus Frysk oan oan harren meiwurkers, stelle sy ynformaasje beskikber oer de mooglikheden fan it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear op www.rechtspraak.nl en komt der mear omtinken foar it Frysk yn harren kommunikaasje – tink oan rjochterlike útspraken yn it Frysk, Frysktalige wurdfierders en Frysktalige bebuording op de gerjochtslokaasjes yn Ljouwert.
Al by al kin sein wurde dat dizze nije BFTK net tekoart komt oan ambysje foar de Fryske taal. Boppedat is der dúdlik oandacht foar it Frysk yn alle fasetten fan it iepenbiere libben, by oerheidsynstânsjes, yn kulturele aktiviteiten en yn it ûnderwiis en ûndersyk. Dit docht bliken allinnich al út de som fan €18 miljoen dy’t der foar frijmakke is en it feit dat dizze BFTK mei syn 103 siden hast twa kear sa tsjok is as syn foargonger. Sa as altiten it gefal is by oerheidsbelied hingje it sukses en de impact yn de praktyk ôf fan de útfiering derfan. Dat sil de tiid útwize moatte.
Ryk en provinsje binne harren der fan bewust dat in langetermyndoelstelling mist, in doelstelling dy’t fierder giet dan de fiif jier rintiid fan de BFTK. Nettsjinsteande wolle sy sa’n doelstelling graach formulearje: sy hawwe DINGtiid – it orgaan dat de provinsje en it Ryk advisearret oer de Fryske taal – frege om yn’e mande mei maatskiplike organisaasjes, boargers en eksperts ûndersyk te dwaan nei gaadlike langetermyndoelen. Dit foar 2051, 100 jier nei Kneppelfreed. De ambysje dy’t út it dokumint sprekt mei der lykwols wêze. It Frysk hat de wyn mei.
Lútsen zegt
Yn dit skriuwen tilt it op fan taalflaters; te folle om hjir op te neamen.