• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Kening & Kening: fan printeboek nei famyljefoarstelling

5 juni 2024 door Froukje Sijtsma Reageer

Hoe makkest fan it populêre foarlêsboek Kening & Kening in oansprekkende famyljefoarstelling? Dy útdaging grypt regisseur Theo Smedes fan iepenloftspul Burgum mei beide hannen oan. Op freed 24 maaie giet it stik yn premjêre.

It printeboek Kening & Kening, skreaun troch Friezinnen Linda de Haan en Stern Nijland, is in lytse 25 jier nei it ferskinen noch altyd bot populêr. It giet oer in prins dy’t earst trouwe moat foar’t er de kroan fan syn mem oernimme kin. Tal fan prinsessen wurde oan him foarsteld, mar gjinien kin syn oandacht lûke. Mar as der ynienen in prachtige prins ferskynt, fielt er flinters yn syn liif. Se trouwe en libje noch lang en lokkich.

It debút fan De Haan en Nijland, beide opgroeid yn Tytsjerksteradiel, is troch de jierren hinne oerset yn tolve talen en op ferskillende wize op de planken brocht: as balletfoarstelling yn Meksiko, as poppespulteäter yn Argentinië, as toanielfoarstelling yn Dútslân en Ingelân en as ferfilming op platfoarm Tsjil. Oan Theo Smedes, dy’t al ferskate iepenloftspektakels regissearre hat, de eare om oan dy list in Frysktalige foarstelling ta te heakjen. Smedes koe it boekje noch net. ‘Ik haw sels ek jonge bern en fûn it in hearlik ferhaal. It is hiel simpel en ienfâldich en dochs ek wer grôtfol fantasij. Doe’t ik it lies seach ik it fuort foar my om der in moaie foarstelling fan te meitsjen. It is bysûnder dat de tematyk nei 25 jier noch altyd minstens sa aktueel is.’

Yllustraasjes as ynspiraasje

Kening & Kening hat net folle tekst. ‘Ast hiel flot lêst, hast it yn in pear minuten út. Ik haw dêrom bot nei de prachtige yllustraasjes sjoen. Hoe sjogge de minsken, wat dogge se en wat bart om har hinne? Portretten dy’t skean oan de muorre hingje, in gekke kat of in ring dy’t op de grûn falt. Op alle siden wurde sa neist it ferhaal fan de prins minyferhaaltsjes ferteld. Dy haw ik dêrnei útwurke ta sênes. De sinnen komme allegear letterlik werom yn it stik.’

Diskusjes oer gender en identiteit

It iepenloftspul is fan in hiel oar kaliber as dat fan twa jier lyn. ‘Doe fertolken we Schinder’s List oer de Twadde Wrâldoarloch, mar dizze foarstelling is wer op in oare wize útdaagjend.’ Smedes doelt dêrby op felle diskusjes oer identiteit en gender. ‘Ik lit it dêrom ekstra ‘schuren’. De prinsen wurde spile troch twa jonges, mar de oare personaazjes wurde spile troch de oare sekse. Manlju spylje froulju en oarsom, al kinst dêr fansels ek wer in aparte diskusje oer begjinne wat man of frou is.’

Ek kwa dekôr en kostúms sil Burgum útpakke. ‘Wy hawwe keazen foar de keunstfoarm Drag, hiel teatraal.’ Ien fan de spilers is Rowan Veltman, bekend fan it telefyzjeprogramma Holland’s Got Talent. ‘Hy fynt it hiel belangryk dat der oandacht is foar dizze tematyk en wurket dêrom graach mei, mar der binne ek minsken dy’t krekt hjirom gjin audysje dwaan woenen.’

Taboes besprekke

It moaie oan it ferhaal fan Kening & Kening fynt Smedes datst de makkers gjin statement meitsje oer de ferealens tusken de twa prinsen. ‘Sa is it, sa rint it. Der folget gjin diskusje oer dat it net kin.’ Wêr’t it yn it boek gjin taboe is, dêr snijt Smedes de diskusje yn syn foarstelling wol oan. ‘Ik soe wolle dat it gjin taboe is, mar de aktualiteit is oars. Dêr wol ik net oan foarby gean. Wêr’t de keninginne de relaasje gjin inkeld probleem fynt, dêr lit in lakei syn miening wol hearre.’

In famyljefoarstelling moat geskikt wêze foar jong en âld. Smedes skreau it stik dêrom yn ferskillende lagen. ‘Foar bern is it in moai mearke. Foar folwoeksenen haw ik der komyske stikken yn ferwurke, bygelyks troch knypeagen út te dielen oer de aktualtiteit fan ús eigen keningshûs en oare Europeeske royals.’ Alles is foar Smedes ynspiraasje. ‘Ik lês graach boeken, sjoch films en hâld de aktualiteit yn de gaten. Ek lês ik graach Fryske literatuer. Op dit stuit bin ik dwaande yn Testamint fan de siel fan Hylke Speerstra, koartlyn lies Op klompen troch de Dessa, ek fan Speerstra en It Parfum, de Fryske oersetting fan Das Parfum troch oersetter Jan Popkema.

Talinteshow

Fan auteurs Linda de Haan en Stern Nijland krige Smedes carte blanche foar syn foarstelling. ‘Wy hawwe mei-inoar om tafel sitten en sy hawwe ek ynput jûn, mar ik woe it ferhaal wol graach sels skriuwe. Doe’t se de earste ferzje liezen, kaam der fuort akkoart op. Dat wie hiel noflik.’ Sa hat Smedes der ek situaasjes by betocht. ‘De prins moat in partner kieze en dus besykje de ferskillende prinsesen harsels yn in talinteshow sa goed as mooglik foar it fuotljocht te bringen. Sa kinst it ek oantreklik meitsje foar teäter.’

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: diversiteit, kinderboeken, theater

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d