• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Oprop Tresoar Fellow 2025

7 juni 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer en/of kultuer. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom. Alle ynteressearren foar de 2025-ronde kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.

Betingsten

  • De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2014).
  • Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar.
  • De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar.
  • De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by yn ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries.
  • By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte.
  • It fellowship set yn kalinderjier 2024 útein, uterlik foar 1 juny 2025.

Haadtema’s

Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út.
1.    Fryske skiednis
2.    Fryske literatuer
3.    Fryske kultuer
It ûnderwerp fan de Fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.

Stipendium

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkeazen fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1.500,00. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp-er oantsjutten wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is dêr oan mei te wurkjen).

Kritearia

Kandidaten foar de Fellow wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relevânsje foar ien fan neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje.

De sjuery let dêrby op de neikommende kritearia:

  1. Kwaliteit ûndersiker, dat moat bliken dwaan út in cv en in publikaasjelist
  2. De helberens fan it projekt
  3. It ynnovative en kreative karakter
  4. Oft it ûnderwerp oansprekkend is foar in breder publyk
  5. Wittenskiplike relevânsje fan it útstel
  6. Maatskiplike relevânsje fan it útstel.

Fasiliteiten

  • Tresoar stelt ûnder de normale kantoaroeren in fleksplak ta beskikking as dat winsklik is en biedt ûndersyksfasiliteiten yn argiven.
  • Fan Tresoar út wurdt in begelieder/kontaktpersoan oanwiisd.

It útstel

Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar freed 8 novimber 2024 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.

It útstel befettet:

  • in curriculum vitae fan de oanfreger
  • in wittenskiplik ûnderboud útstel mei in omfang fan tusken 1.000 en 1.500 wurden
  • in list fan relevante publikaasjes fan de oanfreger
  • in begjin- en eindatum foar it útstelde ûndersyk en in tiidpaad
  • in referinsje út de akademyske wrâld.

By fragen of opmerkingen nûgje wy jo út om diel te nimmen oan de online ynformaasjebyienkomst foar it Fellowship 2025 om 16.00 oere op moandei 24 juny 2024.

Foar oare fragen, of wannear’t jo net yn de gelegenheid binne om oan de online ynformaasjebyienkomst diel te nimmen, kinne jo telâne by Katja Westra, portefúljehâlder Fellowship út it bestjoer fan de stichting Freonen fan Tresoar.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: fellowships, literatuer, skiednis, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d