In edysje fan it Aldfryske hânskrift Jurisprudentia Frisica
De stúdzje fan it Aldfrysk begjint lang om let nasjonaal en ynternasjonaal it omtinken te krijen dat it fertsjinnet. Ferline jier kaam in edysje plus Ingelske oersetting út fan de ynkunabel Freeska Landriucht, printe om sirka 1485 hinne en tagelyk de kolleksje klassyk Aldfrysk rjocht dy’t men de muoite wurdich fûn om te printsjen én it âldste boek yn it Frysk. De edysje is foar eltsenien te downloaden fia open access en dat is dan al in pear tûzen kear bard. It jier dêrfoar, yn 2022, waard de grutste kolleksje Aldfryske hânskriften, de Von Richthofenkolleksje dy’t yn Tresoar yn Ljouwert leit, opnommen yn it Unesco World Memory Register.
Wêr’t dizze oandacht foar it Aldfrysk weikomt is net hielendal te ferklearjen. It hinget ûnder oaren gear mei de fernijde niget oan de (ier)midsiuwske skiednis fan Fryslân troch in jongere generaasje. Dit sil mei te krijen hawwe mei de populariteit fan Wytsingen en fantasyfilms en TV-riges, lykas Game of Thrones, Lord of the Rings ensfh. Dêrmei hinget gear it besef dat Fryslân earder folle grutter wie as no, en fan Seelân oant Denemarken rûn. Jonge Friezen meie wer grutsk wêze op Fryslân en harren Fryske identiteit. Dat hat wolris oars west. De nije hit fan de band Hûnekop, ‘Wy kam fram Fryslân’ is dêr in moaie yllustraasje fan (mei in soad tongue in cheek).
Westerlauwersk Aldfrysk: âld en jong
Jo soene ek sizze kinne dat it Aldfrysk in iisberch is dy’t stadich boppe wetter komt. Omdat it giet om in lytse disipline mei net in soad beoefeners, giet de foarútgong minder hurd. Mar der binne de lêste jierren wol wichtige stappen setten, sawol wat de ynsichten yn it Aldfryske korpus as midsiuwsk Fryslân oanbelanget.
Ien fan dy ûntjouwings is in better ynsicht yn de hânskriften dy’t út Westerlauwersk Fryslân komme. Dat binne yn it foarste plak de trije klassike sammelhânskriften Jus Municipale Frisonum, Codex Unia en Freeska Landriucht (of Druk). Sy befetsje in rjochtstradysje dy’t fan de 11e iuw oant sirka 1400 rint. Jus Municipale Frisonum wie al útjûn yn 1977, mar Codex Unia pas yn 2012 yn in foarriedige, digitale edysje, en Freeska Landriucht dus ferline jier.
Dizze hânskriften binne allegear letmidsiuwsk en/of problematysk (want ferdwûn, lykas yn it gefal fan Unia). de lêste jierren is troch kollega Arjen Versloot lykwols dit taalmateriaal histoarysk taalkundich sondeard op de âldste taallagen, en dan blykt dat jonge hânskriftlike materiaal net allinne tekstueel, mar ek talich âlde lagen befetsje. Ynkoarten mear oer it ûndersyk nei dit part fan it Westerlauwerske korpus.
De twadde groep Westerlauwerske hânskriften stamt ek út de 15e iuw, mar befettet ek materiaal út dy iuw. Koart nei 1400 ûntstie nammentlik in nije rjochtsteksttradysje, dy’t Excerpta Legum of Jurisprudentia Frisica neamd wurdt. Der binne twa Aldfryske hânskriften dy’t dizze tradysje werjouwe: Codex Aysma en Codex Roorda. En der binne hânskriften út de Grinzer Ommelannen, mei Nederdútske oersettings fan twa tuskenfasen fan dizze tradysje, dy’t yn de rin fan de 15e iuw útboud waard.
Jurisprudentia Frisica
Dêrmei komme wy by it wurk dat al in pear jier troch in team fan fiif ûndersikers dien wurdt: it fersoargjen fan in moderne edysje fan de tekst Jurisprudentia Frisica, dy’t mear as 90% fan de ynhâld fan it hânskrift Codex Roorda útmakket. It team bestiet út Jan Hallebeek (eartiids heechlearaar rjochtsskiednis VU Amsterdam), Hylkje de Jong (no heechlearaar rjochtsskiednis VU Amsterdam), Han Nijdam, Oebele Vries (beide Fryske Akademy), en Marvin Wiegand. De útjefte fan de tekst is ynhâldlik oer de helte: it team hat noch in pear jier te gean.
Jurisprudentia Frisica is in tekst dêr’t de gearwurking tusken rjochtshistoarisi en Aldfrisisten foar nedich is. De tekst bestiet út in Aldfryske haadtekst, mei in útwreide glosse-apparaat der om hinne. De Latynske tekst is wol twa as trije kear sa omfangryk as it Aldfrysk. En wêr’t by Freeska Landriucht it Aldfrysk op himsels stiet en de glossen dêr in kommintaar op leverje, is it by Jurisprudentia Frisica gauris sa dat it Aldfrysk in oersetting is fan it Latyn yn de glossen. It gelearde rjocht wie yn dizze tiid, de lette 15e iuw, liedend.
Hiel lang wie de tekst opsletten yn it hânskrift. Hast net ien koe it Latyn yn de marzje mei syn ûntelbere ôfkoartings lêze, lit stean begripe. Der wie yn de twadde helte fan de 20e iuw eins ek mar ien persoan dy’t dizze matearje behearske, en dat wie de Aldfrisist en rjochtshistoarikus Pieter Gerbenzon. Hy promovearre yn 1956 op in stúdzje nei dizze teksttradysje. Mar it slagge him tidens syn karrière net mear om Jurisprudentia Frisica út te jaan. Yn 1987 lei er him dêr by del en skreau er in wiidweidich en trochwrocht artikel yn Tijdschrift voor Rechtsgeschiedenis.
Yn 1998 formearre him wer in groepke Aldfrisisten dat him talei op de lêste net-útjûne Aldfryske hânskriften: Codex Unia, Freeska Landriucht, Codex Roorda en de tekst Gesta Fresonum yn Codex Furmerius. Fan dizze fjouwer projekten ferskynde as earste in edysje plus Nederlânske oersetting fan de tekst Gesta Fresonum yn 1999 yn It Beaken. De bewurker fan Codex Unia ferstoar hommels yn 2002 en it wurk is troch in oar ôfmakke yn de foarm fan in diplomatyske digitale edysje dy’t yn 2012 online gong (sjoch link hjirûnder). Freeska Landriucht ferskynde lykas as sein ferline jier. Codex Roorda waard oppikt troch de Fries om utens Bram Jagersma, fakreferint oan de Universiteitsbiblioteek fan Leiden en ekspert op it mêd fan it Soemerysk. Bram sammele al it wurk dat al dien wie oan Roorda, foar it grutste part troch Gerbenzon, en dat yn typoskrift of op oare wize ferspraat lei. Dêrnei waard yn 2004 foar dit projekt it hânskrift digitaal fotografearre troch de kollega’s fan Tresoar en koe Bram noch in korreksjeslach dwaan. It risseltaat wie in Wordbestân fan sa likernôch 400 siden dat Bram belangeleas beskikber stelde oan in takomstich team dat de fereaske rjochtshistoaryske ekspertise oan board hie.
Dat team kaam der yn 2017, doe’t it team Nijdam, Hallebeek en De Jong sa likernôch klear wiene mei it wurk oan Freeska Landriucht. It team waard útwreide mei Aldfrisist Oebele Vries en yn 2017 begûn Marvin Wiegand oan syn promoasje-ûndersyk nei de ynfloed fan it gelearde rjocht yn Fryslân yn de 15e iuw. It team pakte doe as earste de titels oan dy’t Wiegand nedich hie foar syn ûndersyk. En it koe tankber gebrûk meitsje fan it foarwurk fan Bram Jagersma. Dat makke it wurk in stik makliker. It basismateriaal wie der al.
It by elkoar bringen fan it Aldfrysk fan de haadtekst en de Latynske glossen is te ferlykjen mei in roas dy’t iepen giet. Hiel faak blykt it Aldfrysk fan de haadtekst dan in oersetting fan de glosse dy’t der by heart. Ien foarbyld folstiet hjirre. Yn paragraaf 11 fan titel 1 (de totale tekst hat 87 titels) is it folgjende te lêzen:
- 1:11 TO jenst dyn jeen deer dat riucht moya wil off foerkera wil een is neen playtien Ende to foeryeuis byjarith hy help dis riuchtis deer to jenst dat riucht is misdwaen
- 1:11 One is not obligated to plead against someone who wants to obstruct or pervert the law, and someone who acts against the law will desire help from the law in vain.
De marzjinale glosse dy’t dêr by heart is yn it hânskrift markearre troch in saneamd lemma: in koart stikje út de haadtekst, sadat de lêzer wit wêr’t nei ferwiisd wurdt. En dan lêze wy it folgjende. Let dêrby op it fet markearre stikje, in participium praesens yn it Latyn, dy’t yn it Aldfrysk ek sa oerset is. Dizze konstruksje wie it Aldfrysk net eigen en sawol it tiidwurd playtia ‘pleitsje’ as de grammatikale konstruksje binne ûntliend oan it Latyn.
- Glossa 6. Toe Jenst dyn Jen. Contra calumpniatorem iusticie non est placitandum, quia “frustra legis auxilium inuocat, qui committit in legem”, extra de elect. c. Bone memorie (X 1.6.23) de usuris c. Frustra (X 5.19.14).
- Gloss 6. Toe Jenst dyn Jen. (against someone). There is no need to plea against a violator of justice, because “the one who acted against the law, will seek its aid in vain ”, see X 1.6.23 and X 5.19.14.
De letter X yn de glosse ferwiist nei ien fan de boarnen fan it kanonike rjocht, it saneamde Liber Extra fan paus Gregorius IX (1234), in kompilaasje fan pauselike dekretalen.
Der is in hiel soad oan ‘e hân yn Jurisprudentia Frisica: net allinne beynfloedet it Latyn it Frysk, mar it gelearde rjocht giet in dialooch oan mei de Aldfryske ynheemske rjochtstradysje, mei ferskillende útkomsten. Soms ferdwynt it Aldfryske rjocht hielendal nei de achtergrûn ûnder ynfloed fan it Kanonike en Romeinske rjocht. Soms ek hâldt in ynheemske tradysje stân en sizze de glossen yn de marzje dan safolle as ‘hjir kinne wy neat mei’. In foarbyld is it saneamde niaer of naastingsrjocht, no noch bekind troch de útdrukking ‘earne it near op lizze’. Koartsein giet it om it rjocht fan neistlizzers of famylje om de keap fan in stik lân oer te nimmen as it iepenbier te keap oanbean waard. Sa in partij koe dan klaime dat hy mear rjocht hie om dat stik lân te keapjen as de bûtensteander dy’t it keapje woe. It gelearde rjocht koe dizze rjochtsfiguer net, mar de Friezen holden der oan fêst, en sa krige it in titel yn de tekst.
It ûndersyk nei Jurisprudentia Frisica is no foarsichtich begûn mei de dissertaasje fan Marvin Wiegand, dy’t er yn oktober ferline jier mei súkses ferdigene oan de Vrije Universiteit. Mar der sit noch folle mear yn it fet. Dat sil lykwols pas dúdlik wurde as de hiele tekst útjûn en oerset is. Muontsewurk wie it doedestiids om it te meitsjen en it hânskrift fol te skriuwen, en muontsewurk is it no op ‘e nij om de tekst wer bleat te lizzen. Mar wol hiel tankber muontsewurk.
Links
Edysje Freeska Landriucht
https://brill.com/edcollbook-oa/title/62164
Von Richthofenkolleksje
https://richthofen.nl/collectie
Digitale edysje Codex Unia
https://tdb.fryske-akademy.eu/tdb/index-unia.html
e-codices
https://brill.com/edcollbook-oa/title/62164
Titel 1 par. 11 (image 25)
UniversalViewer (ecodices.nl)
Laat een reactie achter