Hart van Nederland bestege foarige wike oandacht oan it Frysk, mei in moai item oer Frysk ûnderwiis. Ferskate learlingen fan basisskoalle it Holdernêst fertelle wat hja moai fine oan meartalich ûnderwiis en wat hja letter wurde wolle (skriuwer!). Michiel Veenstra, skoallieder fan dizze trijetalige skoalle, beklammet hoe wichtich it learen fan de earste taal is foar de taalûntjouwing. Dat blykt ek út ûndersyk, sa ûnderstreket Martijn Kingma, taalkundige en promovendus oan de UvA en de Fryske Akademy.
L. zegt
*ûnderstreket