It is net alle dagen dat der nije stikken Aldfrysk fûn wurde, en as dat al bart, dat soks dan fier fan Fryslân wêze moat: yn Wenen. Dochs is it sa. Prof. dr. Robert Nedoma fertelt deroer yn in skriftlik fraachpetear nei oanlieding fan syn publikaasje fan de fynst.
In skoftsje lyn krige de Österreichische Nationalbibliothek yn Wenen in bondeltsje hânskriftfragminten oerlange fan de erfgenamten fan dr. Josef Bick (1880-1952). Omreden fan privacy kin de biblioteek net fierder yn details gean, mar safolle is helder dat de stikken út de priveebiblioteek fan dr. Bick kamen. Bick wie by syn libben direkteur fan de nasjonale biblioteek, mar koe doe of nei syn pensjoen blykber gjin ôfstân fan de fragminten dwaan. Of soe er net witten hawwe hokker stikken oft it wiene doe’t er se as studint yn 1904 yn Praach op ’e kop tikke? Hoe dan ek, de fragminten kamen yn 2022 telâne op it buro fan de konservator hânskriften en âlde drukken, dr. Katharina Kaska. Hja seach dat de tolve dûbelsidich beskreaune papierblêden neist Latynsk materiaal ek tekst yn in Germaanske taal befetten. Dat sadwaande naam se kontakt op mei dr. Elke Krotz, de spesjalist yn Aldheechdútsk fan de Weenske universiteit. Krotz koe de taal as Aldfrysk werom en tocht fuort oan har kollega prof. Robert Nedoma, de iennichste âldgermanist yn Wenen dy’t him wol ris faker mei it Aldfrysk dwaande holden hie.
Yndie, Nedoma hie mear as ienris oer Fryske runeynskripsjes skreaun en ek it Vollständiges Wörterbuch zum westerlauwersschen Jus municipale Frisonum (1996) fan Wybren Jan Buma wiidweidich besprutsen. Nedoma seach al gau dat er mei Westerlauwersk Aldfrysk te krijen hie. “Ik wist al dat ik Aldfrysk sjen soe, mar dat soks nije teksten wêze soene, koe ik net witte. En ik waard hieltyd opteiner doe’t ik nei wat yngeandere stúdzje yn ’e rekken krige hokker teksten oft it wiene.”
It pièce de résistance binne fjouwer siden yn in fyftjinde-iuwske hân, mei seisentweintich bepalingen út de Wilkerren fan de Fiif Dielen (ff. 11r-12v). Dy wilkerren as sadanich binne wol bekend; hja binne oerlevere yn it niisneamde Aldfryske hânskrift Jus municipale Frisonum, mar ek yn Codex Unia en yn Druk, it earste yn it Frysk printe boek. “It bysûndere lykwols fan de passaazjes yn dizze fragmenta Vindobonensia, sa’t ik de fragminten neamd haw”, sa seit Nedoma, “is de taalfoarm fan de Wilkerren. Dy is folle âlder as it hânskrift sels en kin op basis fan in protte taalkundige kritearia datearre wurden op it begjin fan de fjirtjinde iuw. Dêrmei kin dizze redaksje fan de Wilkerren kwa datearring lyksteld wurde mei de âldste parten fan Codex Unia en mei de âldst oerlevere Fryske oarkonde, út 1323.” Nedoma kin fêststelle dat it net de orizjinele tekst fan de Wilkerren is, mar dat it in ôfskrift út in sammelbân oanbelanget. It wichtige fan dy konklúzje is neffens Nedoma dat om 1300 hinne yn Westerlauwersk Fryslân likegoed as yn Easterlauwersk Fryslân sammelhânskriften mei Fryske rjochtsteksten yn omrin wiene. Wy koene soks oant no ta wol oannimlik fine, mar hawwe no mear stipe foar dy hypoteze.
In oare ferrassing dy’t de fragminten opsmiet, wie in side mei fiif Aldfryske rjochtsbepalingen (f. 10v), mei ferwizingen nei it kanonike en Romeinske rjocht. Twa dêrfan steane ek yn oare Aldfryske hânskriften, mar de oare trije, sa’t it liket, hawwe gjin wjergader en fertsjinje neier ûndersyk; Rolf Bremmer en Anne Popkema binne dêrmei dwaande.
De Latynske stikken, dy’t it grutste part fan ’e Weenske fragminten útmeitsje (ff. 1r-10r), binne passaazjes út ’e Doctrinale puerorum, in tige populêre grammatika yn fersfoarm fan Alexander de Villa Dei (c. 1170-1240), in kommentaar en in pauslike bul, beide net fierder identifisearre. It wettermerk fan it papier is noch net fêststeld, mar wannear’t dat ienris bekend is, dan kin it helpe om it hânskrift te datearjen en te sjen oft alle blêden fan deselde partij papier binne. As dat sa is, dan soe dat betsjutte kinne dat it hânskrift op ien plak makke is. Dat soe dan earne yn Eastergoa wêze moatte, alteast as wy op it Frysk ôfgean: ‘wêze’ ferskynt as wasa op f. 10v en foar swera ‘swarre’ stiet seis kear suara yn de Wilkerren op ff. 11r-12v. In a dêr’t ornaris in koarte e stiet is in typysk noardeastlik ferskynsel.
Oer Wenen, ONB, fragm. 1780: Robert Nedoma, “Ein neuentdecktes Fragment der altwestfriesischen Willküren der fünf Dele in der Österreichischen Nationalbibliothek (Wien)”, Die Sprache. Zeitschrift für Sprachwissenschaft 56 (2024), 180-208. It artikel ferskynt yn ’e rin fan augustus.
Laat een reactie achter