• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

17 oktober 2024: Lunchlêzing Goffe Jensma oer ‘De Obe fan no’

21 september 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dizze lêzing is yn it Frysk en wurdt organisearre yn gearwurking mei it Obe Postma Selskip 

De wichtichste moderne dichter fan Fryslân, Obe Postma (1867-1963), hat lang libbe. Foar in part wie er in 19 e-iuwer, foar in oar part hearde er ta de 20ste iuw. Mar hoe soe de Obe Postma fan ús tiid derút sjoen hawwe? Hoe soe er him ferhâlde ta de einleas groeiende meartaligens fan de 21ste iuw? En de komst fan de digitalisearring en fan sosjale media, dy ’t oer hieltyd gruttere ôfstannen minsken mei-inoar ferbine wolle? Soe in oeuvre as dat fan him yn ús tiid en yn ús wrâld noch kâns fan slagjen hawwe? 

Nei de lêzing ûntfange eareleden Siebren van der Zwaag en Philippus Breuker in oarkonde út namme fan it Obe Postma Selskip. 

Oer Goffe Jensma

Goffe Theunis Jensma (09-03-1956) wurke nei syn ôfstudearjen yn 1981 jierrenlang as freelance histoarikus. Syn ûndersyk rjochte him benammen op wittenskips – en universiteitshistoaryske ûnderwerpen. Yn 1993 begûn er as ûndersykmeiwurker oan de teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins mei syn dissertaasjeprojekt oer it Oera Linda-boek. Hy liet yn ûnderskate publikaasjes sjen dat dy omstriden mystifikaasje de measte betsjutting krijt as er lêzen wurdt as in troch François HaverSchmidt betochte iroanyske allegoary op de striid tusken ortodoks en frijsinnich yn de 19de iuw.

Yn 2004 promovearre hy cum laude op de dissertaasje De gemaskerde god. François HaverSchmidt en it Oera Linda-boek en yn 2006 publisearre er in nije tekstedysje fan it boek. Jensma hie ûnderwilens yn 2001 in betrekking krigen as ûndersiker by de Fryske Akademy op it mêd fan kultuer – en literatuerskiednis. Hy skreau in grut tal boeken en artikels oer identiteit en kultuer. Besjoch biografy.

Oer Obe Postma

Obe Postma wie Frysktalich dichter, wis – en natuerkundige en histoarikus. Hy waard berne op 19 maart 1868 yn Koarnwert, as âldste fan sân bern yn in boerehúshâlding. Postma begûn om 1900 hinne mei dichtsjen. Hy keas, sa skriuwt syn biograaf Phlippus Breuker ‘foar de taal fan syn hert’: it Frysk. Lês mear oer Obe Postma yn syn biografy.

Lunchlêzing

De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (2 broadsjes* en 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, foarôf te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Jou by it oanmelden ek oan mei hoefolle minsken ast komst.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: goffe jensma, lunchlezing, Obe Postma, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d