Yn seizoen fjouwer fan it programma Denkend aan Holland fan Omroep MAX (2022) farre de BN’ers Janny van der Heijden en André van Duin troch bysûndere gebieten yn hiel Nederlân, om it Nederlânske lânskip te bewûnderjen. Yn dat seizoen hawwe se tegearre de Alvestêdetocht yn Fryslân fearn. Harren reis is ûnderferdield yn fjouwer ôfleveringen, dêr’t se it Fryske lânskip en de Fryske kultuer yn bewûnderje troch mei lokale ynwenners te praten, workshops te folgjen en te learen oer kulturele en histoaryske feiten oer de omjouwing.
By it sjen fan de ôfleveringen, frege ik my ôf oft it byld dat fan Fryslân sketst wurdt, wol doocht. My foel ek op dat it byld fan de Fryske taal en syn farianten net strykt mei de realiteit. Yn it ramt fan myn stúdzje Media en Kultuer oan de Universiteit fan Amsterdam haw ik yngeand nei de ôfleveringen sjoen. Yn myn bachelorsskripsje Tinkend oan Hollân of tinkend oan Fryslân? In ûndersyk nei stereotypearring fan de Fryske identiteit, haw ik in ûndersyk útfierd nei hoe’t de Fryske kultuer en identiteit ôfbylde wurde yn de media.
Framing
Dit ûndersyk is relevant yn in tiid dêr’t regionale identiteiten hieltyd mear yn ûnder druk stean troch globalisearring en de opkomst fan stedskultueren. De fraach dy’t sintraal stiet yn dit ûndersyk is: hoe wurde de Fryske identiteit en kultuer presintearre, en hokker stereotypen komme dêrby nei foaren?
De represintaasje fan Fryslân yn de media wurdt dominearre troch stereotypen dy’t de regio as efterbleaun, tradisjoneel en sels stoef ôfskilderje. Dat liedt ta in fertekene byld fan de Fryske identiteit, dy’t folle riker en diverser is as dy klisjees suggerearje. It telefyzjeprogramma Denkend aan Holland dat de skjintme en kultuer fan Nederlân, ynklusyf Fryslân, yn de skynwerpers set, biedt in nijsgjirrige kasus om dy represintaasjes te analysearjen.
Yn myn ûndersyk wurdt steld dat de wize dêr’t Fryslân op ôfbylde wurdt net allinnich ynfloed hat op de persepsje fan bûtensteanders, mar ek op hoe’t de Friezen harsels sjogge en identifisearje.
Undersyksopset
Om dy fragen te beäntwurdzjen, is der in kwalitative faksinsanalyze útfierd fan fjouwer ôfleveringen fan seizoen fjouwer fan Denkend aan Holland. By sa’n analyze wurdt sjoen nei de kulturele betsjutting fan it analysearre ûnderwerp, dy’t faaks fierder giet as de oarspronklike yntinsjes fan de makkers. De kar foar dit programma is strategysk, omdat it in breed publyk berikt en dêrtroch in signifikante impact hat op de byldfoarming fan Fryslân.
De analyze rjochte him op ferskate aspekten fan de Fryske kultuer, lykas it brûken fan de Fryske taal, tradysjes, en de wize dêr’t de Friezen op ôfbylde wurde. Dit byld wurdt fergelike mei de ôfbylding fan Janny en André, dy’t as Hollanners om samar te sizzen op in fuotstik pleatst wurde boppe de Friezen.
Wichtichste Befiningen
In opfallend ûnderdiel fan it ûndersyk is dat de Friezen faak represintearre wurde as ‘de oare’: in aparte groep yn de Nederlânske mienskip. Dat kin liede ta in gefoel fan distânsje, ferskil en sels in minderweardichheidskompleks by de Friezen.
De byldfoarming fan de Friezen as ‘de oare’, is bygelyks werom te sjen yn it brûken fan de Fryske taal yn it programma. Dat wurdt faak dien op in wize dy’t net serieus naam wurdt. De presintators meitsje bygelyks grapkes oer de útspraak fan Fryske wurden of brûke de taal op in denigrearjende wize. Dat kreëarret in byld dat de Fryske taal en kultuer minderweardich binne, wat bydraacht oan it idee dat Friezen ‘de oare’ binne yn ferliking mei de rest fan Nederlân.
Dêrneist wurdt it stereotype fan de ‘stugge Friezen’ ûnder de loep naam. It ûndersyk lit sjen dat dit byld ferâldere is en net mear oerienkomt mei de werklikheid. Friezen hechtsje tsjintwurdich in soad wearde oan hoe’t sy oerkomme op bûtensteanders en binne har bewust fan harren represintaasje yn de media. Dat liedt ta in iepener en gastfrijer imago, wat yn kontrast stiet mei de tradisjonele opfettingen oer de Fryske identiteit en hoe’t dy represintearre wurdt yn Denkend aan Holland.
Troch de Fryske kultuer te analysearjen binnen de kontekst fan in populêr telefyzjeprogramma, wurdt dúdlik hoe’t media net allinnich bylden kreëarje, mar ek de wize dêr’t mienskippen harsels en inoar op sjogge. It beklammet de needsaak om stereotypen te op ’en nij te besjen en it ferskaat fan regionale identiteiten rjocht te dwaan. Dat ûndersyk draacht by oan in breder begryp fan hoe’t kultuer en identiteit yn de moderne wrâld foarme en presintearre wurde.
Wa’t mear oer myn ûndersyk witte wol, kin myn skripsje krije troch in mailtsje te stjoeren nei lesinemöricke@gmail.com.
Laat een reactie achter