• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Eppie Dam en Ammerins Moss-de Boer beneamd ta lid fan de Fryske Akademy

13 september 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Fryske Akademy yn Ljouwert hat op de jierlikse Akademydei twa nije leden beneamd: skriuwer en dichter Eppie Dam en tolk-oersetter Ammerins Moss-de Boer. De leden binne beneamd op grûn fan harren bysûndere bydrage op it mêd fan de wittenskip of de maatskippij oangeande de Fryske taal en kultuer.

Eppie Dam (71, wenjend te Sleat, berne te Bitgummole)

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Eppie Dam hat foar, tidens en nei syn wurksum libben as skoalmaster, earst op Urk, doe yn Balk, ûnbidich bydroegen ta de Fryske literatuer. Hy publisearre in stik as 20 dichtbondels en ien dêrfan waard yn 2017 bekroane mei de Gysbert Japicx-priis, Fallend ljocht. Njonken dy dichtbondels skreau Dam ek in tal berneboeken, yn ’e selde oarder fan grutte. En dan binne der noch tsientallen lieten, oratoaria, liturgyen en kantates dêr’t Eppie Dam de tekst foar levere hat en dy’t minsken it gefoel jûn hawwe, dat dêryn har djipste libbensoertsjûging oansprekkend ferwurde is. Minsken teksten oanrikke dy’t har reitsje foarby libben en dea – in gruttere bekroaning is der net.”

Ammerins Moss-de Boer (50, wenjend te Bitgummole, berne te Dokkum)

Ut de laudaasje troch ds. Liuwe Westra:

“Ammerins Moss-de Boer is net allinnich beëdige tolk-oersetter fan it Ingelsk nei it Nederlânsk, mar sûnt 2021 ek fan it Ingelsk nei it Frysk en oarsom. Se is ien fan ’e driuwende krêften efter de beweging om in bettere regeling te krijen foar de Fryske tolken by de rjochtbank. As sekretaris fan It Skriuwersbûn fertsjintwurdiget Ammerins Moss ek de kollektive stim fan alle Frysktaligen: de stim fan ’e literatuer. (…) Hja is ien, dy’t de Fryske minske de kâns jout om him- of harsels hearre te litten mei it eigen lûd, just op mominten dat it derop oankomt, en hja stimulearret de Fryske mienskip om mei in eigen lûd mei te dwaan yn ’e wrâld.”

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: benoemingen, Eppie dam, Fryske Akademy

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d