• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

In Frysk Urdd Eisteddfod?

19 september 2024 door Welmoed Sjoerdstra Reageer

De trije asega’s mei de maskotte fan Urdd Eisteddfod

In festival dat folslein yn it teken stiet fan de Fryske taal en kultuer? Foar guon sil it as in dream klinke. Yn Wales is it lykwols de realiteit. Dêr wurdt elk jier it Urdd Eisteddfod organisearre: in taal- en kultuerfestival foar jongerein dy’t it Welsk yn it sintsje set. Dit jier wie it evenemint yn Maldwyn en Arjen Bloem, Kyra Rottiné en Welmoed Sjoerdstra gienen der as Asega’s út namme fan DINGtiid hinne, mei as doel om kennis oer it festival en de Welske minderheid op te dwaan.

It Urdd Eisteddfod

Lykas de provinsje Fryslân, is ek Wales drok dwaande mei it befoarderjen fan harren minderheidstaal. Wales hat in aktyf taalbelied en stribbet nei in beskaat oantal sprekkers yn it jier 2050, nammentlik ien miljoen (Nannon Evans, persoanlike kommunikaasje). Ek Urdd Eisteddfod is ûnderdiel fan dit belied. It festival is ûntstien yn 1922, doe’t de Welske taal hieltyd mear ferdreaun waard troch de dominantere Ingelske taal. Syr Ifan ab Owen Edwards, in pasjonearre foarfjochter foar de Welske taal en kultuer, rjochte de organisaasje op om de jongerein fan Wales te ferienigjen en te ynspirearjen om harren kulturele erfgoed te koesterjen en te promoatsjen (Urdd Eisteddfod, n.d.).

Wat ûntstie as in dream oan ‘e keukentafel, groeide út ta in grut sukses. Yntusken besykje jierliks sa’n 100.000 minsken it evenemint. It festival biedt jongerein in platfoarm dêr’t sy harren talinten toane en ûntwikkelje kinne. It brûken fan de Welske taal en kultuer wurdt dêrby oanmoedige. Jongerein út hiel Wales komme byinoar om te striden op it mêd fan muzyk, literatuer, dûns en poadiumkeunsten. Eltsenien docht al sûnt se jonge bern binne mei oan de wedstriden en ferskillende skoallen út de Welske mienskip stride entûsjast tsjin inoar. Dat wurket hiel binend foar minsken, en omdat eltsenien it al wend is fan basisskoalle oant in jier as 25, heart it echt by de Welske kultuer (Nannon Evans, persoanlike kommunikaasje).

By it besite oan it festival hawwe de asega’s û.o. in tradisjonele dûnswedstriid, in teäterwedstriid en in koarkompetysje bywenne. Dy wedstriden hienen plak yn ferskillende festivaltinten dêr’tst tusken de optredens troch sa yn en út rinne koest. It wie motivearjend om te sjen hoe’t de jongerein fol grutskens en entûsjasme mei-inoar de striid oangie. De Welske taal en kultuer wurdt troch de festivalgongers echt omearme en dat is te merken.

In koarwedstriid waard goed besocht

Wat kinne wy fan it evenemint leare?

Wales lit sjen dat in festival rjochte op it befoarderjen fan in minderheidstaal grif in sukses wêze kin. Lykas Wales hat ek Fryslân in rike kultuer en taal.  In festival lykas it Urdd Eisteddfod soe helpe kinne om de Fryske taal en kultuer te fersterkjen en te promoatsjen ûnder jongerein. It organisearjen fan in soartgelyk evenemint soe jongeren oanmoedigje om grutsk te wêzen op harren erfgoed en harren stimulearje om aktyf by te dragen oan it behâld derfan.

It sukses fan it Urdd Eisteddfod leit foar in grut part yn de wize wêrop’t it jongerein belûkt. De jongerein binne de takomst en dêrom is it krekt sa wichtich om harren oan te trunen om it Frysk mear te brûken. Fryslân kin in foarbyld oan Wales nimme troch eveneminten te organisearjen dy’t spesifyk rjochte binne op de jongerein en dy’t harren in platfoarm biede om harren talinten te ûntwikkeljen en sjen te litten.

Boppedat bringt it Urdd Eisteddfod minsken fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar, wat bydraacht oan in sterk mienskipsgefoel. Fryslân kin soartgelikense inisjativen nimme om mienskippen te ferienigjen en in gefoel fan ienriedigens te befoarderjen. Sa sille bygelyks bern út de Fryske Wâlden harren bewuster wurde dat der ek oare gewoanten ensafuorthinne binne.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: Asega, DINGtiid, Taalpromotie, Welsh

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d