• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Puzelstikjes fine

22 september 2024 door Marijke de Boer Reageer

Professor Alderik Blom naam in pear moannen frij om as gastûndersiker oan de Fryske Akademy nei Ljouwert te kommen. De heechlearaar Keltology bestudearre yn de argiven fan Tresoar de nei-oarlochske kontakten tusken Bretanje en Fryslân.

Yn 1948 ferskynde in spesjaal temanûmer fan Frysk literêr moanneblêd De Tsjerne. It gie oer Bretanje mei omtinken foar it keltyske Bretonsk, dat krekt as it Frysk in minderheidstaal is. Trije jier letter ferskynde fan it Bretonske tydskrift Al Liamm in temanûmer oer Fryslân. Anne Wadman wie ien fan de Fryske skriuwers dy’t de kontakten hie.

Alderik Blom (1978, Diever) wurket oan de universiteit fan it Dútske Marburg. As soan fan Fryske âlden koe er – as bykommend foardiel – foar dit ûndersyk de Fryske taal aktyf brûke. ‘By myn stúdzje Aldgermanistyk learde ik Aldfrysk, mar it Frysk fan no koe ik inkeld as de thústaal fan ús heit en mem.’

Yn 1946 kamen de earste ferbiningen tusken Fryslân en Bretanje ta stân troch Feijo Schelto Sixma baron van Heemstra dy’t de nammen en adressen fan minsken yn Parys hie. As Tsjerneredakteur gie Wadman nei Frankryk. ‘Hy wie ynteressearre yn oare literatueren dy’t yn deselde sitewaasje as it Frysk sieten. Dy earste kontakten wienen lykwols net echt mei literatoaren, mear mei bytiden militante politike aktivisten. Dat sinde Wadman net sa bot, sa ha ik yn de notulen en syn deiboeken lêzen.’

Geandewei kamen dy kontakten mei Bretonske skriuwers, sa as Pêr Denez, der wol. It doel wie om yn beide talen literêre teksten, skôgingen en besprekken te publisearjen en oer te setten. ‘Yn Bretanje wie men fierder. In skriuwer as Roparz Hemon skreau modern toaniel en hy wie in ynspiraasje foar Wadman dy’t de Fryske literatuer ‘achter de kowesturten’ weihelje woe.’

Yn it nûmer fan Al Liamm stienen sa’n 15 Fryske bydragen fan ûnder oare Wadman, Obe Postma, Fedde Schurer en Douwe Tammminga. De bydragen wienen út ferskate talen wei oerset, út it Frânsk, Ingelsk, Dútsk en sels Esperanto. ‘Safolle muoite dienen se der foar. De blêden wienen wol ferskillend. De Tsjerne wie mear in literêr blêd en Al Liamm mear in bewegingsblêd. Bretanje wie mear op polityk en nijs rjochte. Sa waard yn de rubryk ‘Nijs fan ús Fryske freonen’ de rebûlje fan Kneppelfreed yn 1951 breed útmetten, en ek waard meld dat Wadman in soan krigen hie.’

Blom hat hûnderten brieven en oare stikken lykas deiboeken lêzen om út te finen wêrom’t de Friezen en Bretons sa yn elkoar ynteressearre wienen. Bysûnder is dat in part fan it Bretonske argyf by Tresoar bewarre wurdt. ‘Wadman en Denez wienen befreone rekke en tal fan brieven leinen noch by de soan fan Pêr Denez, dy’t se koartlyn oan Tresoar skonken hat. Dêrtroch is dit stik no fan twa kanten tagonklik, en kin ik de korrespondinsje fan beide kanten lêze.’

‘Ik analysearje de publisearre teksten en de brieven: wat ha pommeranten yn de Fryske beweging skreaun? Troch yn de argiven te spitten, kin ik in rekonstruksje meitsje. Hoe tinke se oer oare skriuwers, oer politike saken lykas mear selsstannigens foar Fryslân, wat is it selsbyld? Deiboeken binne dêrby hiel nijsgjirrich. Sa skriuwt Wadman yn it begjin dat er de Bretons yn Parys hiel rankuneus en mar wat nuver fynt, en wol er der earst net safolle mei te krijen ha.’ Letter wurde de kontakten better en ferskynt it temanûmer. ‘By dit ûndersyk ha ik puzelstikjes fûn, brieven dy’t ferklearje wêrom’t it sa rûn is. Ik ha boppedat folle mear fûn as dêr’t earder oer skreaun is.’

Blom hat in holistyske opfetting fan wittenskip en besjocht de skiednis út ferskillende perspektiven wei. ‘Alles hinget mei elkoar gear. Dat blykt no ek wer. Kinst dizze ûntwikkeling fan it oer de grinzen sjen net los fan de tiid sjen. It federalistyske tinken fan nei de Twadde Wrâldoarloch, mei kreten as mear selsstannigens foar Fryslân yn in Europeesk ramt, is in reaksje op it eardere nasjonalistyske tinken fan de jierren tritich. De jierren om 1950 hinne binne in oergongsperioade, nei in nij Europa, fol hoop en idealisme, alhoewol’t dy earste hoop achternei wol wat fergees like te wêzen. Dat sjochst net allinne yn Fryslân en Bretanje, mar op mear plakken yn Europa. Wadman woe it Frysk ferheffe as kultuertaal, hy besocht it Frysk op plakken te brûken dêr’t dat oant dy tiid net brûkt waard. Wat Douwe Kalma yn 1915 sei mei syn Fryslân en de wrâld, it idee dat Fryslân him net langer opslute en blynhâlde moast foar wat der yn de wrâld te rêden wie, waard doe praktisearre.’

Yn koarte tiid hat de ûndersiker tal fan argiven besjoen en lêzen. Mei in soad oantekeningen en ideeën kin er begjinne oan de folgjende faze: it skriuwen. Benijd nei de útkomsten? Op de Conference on Frisian Humanities fan de Fryske Akademy yn 2025 yn Ljouwert is er ien fan de sprekkers.

Dit artikel is earder ferskynt ynLetterhoeke, 2024-2

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: bretons, Fryske Akademy, keltologie, letterkunde, minderheidstalen, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d