Yntrigearre troch de earste reis nei Ingelân dy’t de Jongfryske foaroanman en letterkundige Douwe Kalma (1896-1953) eksakt hûndert jier lyn makke, beprate ik mei myn maat Binne Keulen, de yndertiid ek yn it Frysk ôfstudearre dosint sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim om Douwe Kalma foar in part nei te reizgjen.
Kalma hie yndertiid wikenlang yn Ingelân west en fan syn reis yn achttjin ûnderskate ôfleveringen yn it tydskrift Sljucht en Rjucht fan 1924 wiidweidich ferslach dien. In jier letter hied er – wer yn deselde moannen, juny en july – syn twadde Ingelânreis makke. Foar in part gie er doe nei deselde plakken ta. Syn ferslach yn Sljucht en Rjucht oer dy twadde reis is wat minder wiidweidich – dy kear yn mar tolve ôfleveringen – mar net minder lyrysk.
Yn syn earste grutte publikaasje De Jongfryske Biweging (1915) hie Douwe Kalma pleite foar mear kontakt mei Ingelân. Ommers, sa makke Kalma dúdlik, de Ingelske taal is, mear as it Hollânsk en it Dútsk, besibbe oan it Frysk. Boppedat wie Kalma alhiel ûnder de tsjoen rekke fan dichters as Percy Bysshe Shelley (1792-1822), Algernon Charles Swinburne (1837-1909) en Lionel Johnson (1867-1902). Gjin wûnder dat er dus de oerstek meitsje woe.
Hy gie ûnder oare nei Stratford upon Avon, it berteplak fan Ingelân syn ferneamdste skriuwer, William Shakespeare, waans wurk Kalma alhiel yn it Frysk oersette soe. Ek socht er de biblioteek yn Birmingham op dy’t alhiel oan Shakespeare wijd is. Dêr beseach er de doe al besteande Fryske oersettingen fan Shakespeare syn wurk.
Om’t wy mei ús folle aginda’s mar ien wike frijmeitsje koene en wy Kalma syn beide reizen yn ien wike tropje woene, waarden wy teriede dat wy allinne dy plakken opsykje soene dêr’t wy noch net west hiene. Sa koene wy de reis aardich bekoartsje. Krekt as Kalma fearen wy by Cap Gris Nez lâns, Kaap Skiernoas, sa’t Kalma skreau. Hy ferfryske graach geografyske nammen om sa de klam te lizzen op de oerienkomsten tusken Fryslân en Ingelân.
Us earste oernachtingsplak wie by Canterbury; Kinterboarch by Kalma. Dêr besochten wy ûnder oare it Beaney House, yn Kalma syn tiid benammen in biblioteek, mar no mei as ekstra de museäle funksje dat minsken dêr sels har eigen kolleksjes toane kinne.
Yn Winchester sochten wy de kostskoalle op fan Lionel Johnson, de dichter dy’t Kalma sadanich ynspirearre, dat er Johnson syn wize fan dichtsjen alhiel yn guon fersen imitearre. Yn 1916 publisearre Kalma nammentlik de ‘Lieten fan Lionel’ yn it algemien Frysk wykblêd Fryslân. Kalma sei oer dat neidichtsjen fan him:
‘Fen alle dichters, dy’t ik oant nou ta lies, forearje en ljeavje ik de Ingelske njuggentiger Lionel Johnson, it meast. Om’t syn lûd al sûnt fjirtjin jier swijt, en de fielings, yn myn fersen útsongen, tichte komme by, dy’t hy ferklanke, haw ik it weage, se him yn ’e mûle to lizzen’ (sjoch ek: Douwe Kalma, Samle fersen (1996), s. 230-238 en de noat op s. 718).
Yn de tún by Winchester College is in plakette wijd oan Lionel Johnson. Yn syn reisferslach hellet er dêrfan de wurden ‘In memoriam Lionelli Johnson […] huius loci […] amantissimi’ oan en set dy oer as ‘ta’n oantinken fen Lionel Johnson, dy’t dit plak ynlik ljeaf hawn hat’ (Sljucht en Rjucht, 1924, 369).
Yn datselde Winchester rûnen wy, krekt as Kalma, by in sydstream fan de rivier de Itchen del dêr’t John Keats ynspiraasje fûn foar syn ‘Ode to Autumn’. Dêrwei gie it nei it St Cross Hospital. Kalma krige dêr as reizger, krekt as wy, ‘bread and ale’ oanbean.
‘Ta gelok’, sa skreau Kalma, ‘kaem ik hwet letter op ’e dei, en de twastriid twisken myn sin for tradysje en âlde brûkmen oan de iene, en myn bigjinsel as hielûnthâlder oan de oare kant, bleau my sadwaende bisparre’ (Sljucht en Rjucht, 1924, 320). Om’t wy net it begjinsel fan hielûnthâlding oanhingje, koene sy wol in swolchje ‘ale’ nimme; it stikje bôle hawwe wy dêr lekker by opiten.
Yn Oxford besochten wy, krekt as Kalma, de Taylor Institution Library, in biblioteek spesjaal foar frjemde talen en taalwittenskip. Johanneke Sytsema, dy’t yndertiid op de Provinsjale Biblioteek wurke, late ús dêr rûn en liet ús boeken sjen dy’t Kalma oan dy biblioteek skonken hie, mar bygelyks ek in Aldfrysk wurdboek dat yn besit west hie fan J.R.R. Tolkien, de ferneamde auteur fan The Hobbit en Lord of the Rings.
Yn Stratford-upon-Avon beseagen wy de bekende Shakespeare-attraksjes, dy’t Kalma as Shakespeare-bewûnderer en -oersetter fansels ek sjoen hie, lykas syn bertehûs en de tsjerke dêr’t hy en syn famylje begroeven leit.
Hiel bysûnder wie ús besite oan de Shakespeare Memorial Room, boppe-op de grutte troch de Nederlânske arsjitekte Francine Houben ûntwurpen en yn 2013 iepene biblioteek. Dy Memorial Room siet yn de tiid fan Kalma yn de Shakespeare Memorial Library (nei de Folger Library yn Washington D.C. de biblioteek mei de grutste Shakespeare-kolleksje).
Yn ferbân mei it hieltyd grutter wurden fan de Shakespeare-kolleksje en de stêdlike ûntjouwing fan Birmingham moast foar de Shakespeare Memorial Room in nij plak socht wurde en sadwaande waard dy Viktoriaanske keamer yn syn hiele hear en fear ferhuze nei de boppeste ferdjipping fan de nije biblioteek. It wurk fan Ingelâns wichtichste skriuwer en dichter waard sa net allinne symboalysk mar ek fysyk de hichte ynstutsen.
Om’t dy keamer lykwols fiersten te lyts is om de hiele Shakespeare-kolleksje in plak te jaan, siket men dêr omdôch om alle oersettingen fan it wurk dy’t Kalma makke hat. Dy binne wol yn Birmingham, mar binne feilich opburgen yn depots. De fraach is fansels oft se ea lêzen en bestudearre binne. Wy koene der net by komme.
Doe’t Kalma Ingelân foar it earst besocht, wie it noch mar seis jier lyn dat de Earste Wrâldoarloch ta in ein kommen wie. Hy wie bot ûnder de yndruk fan al de monuminten dy’t foar de slachtoffers oprjochte wiene. Wy rekken ûnder de tsjoen fan it multykulturele libben yn Ingelân. Wylst oan de iene kant yn Londen in prosesjetocht hâlden waard yn ferbân mei it islamityske feest Asjoera, hâlde net fier dêrwei Kening Charles III yn fol ornaat syn rede by de iepening fan it nije Parlemint.
Yn de hûndert jier nei Kalma syn earste Ingelânreis is in soad itselde bleaun, mar hat it grutte Impearium fan doetiidsk syn wjerspegeling krigen yn it hiele Ingelske libben fan hjoed-de-dei.
Dit stik is earder ferskynd op de webside fan Tresoar
Laat een reactie achter