Freed 1 novimber is yn Tresoar de biografy Der is neat glêd te striken. Biografy fan Trinus Riemersma fan de hân fan Doeke Sijens ferskynd. Ta de presintaasje hat Pieter Duijff syn fyzje jûn op Riemersma syn roman De skjintme vurt ferbwólgwódde (1981).
Trinus Riemersma skriuwt yn syn ienmanstydskrift De Kul yn de foarste jiergong fan 1983 op side 16 in koart ‘jênsteg feansiervud’. Hy skriuwt, en no sitearje ik him:
‘Mar dût ut no jûnneg vaar en Hij mar tróch spriek oer ut noed stean fon de swakken en de earmen en ut lyk rjócht fwar elkenien, begónnen Syn learlingen óm te vynen en ja ûnderbrieken Him sezende: Och, Heare, soenen Jo de bergrede ek vot ynkwatsje kenne? Vij voenen Dallas noch sjen.’
Mei Dallas ferwiist er nei in Amerikaanske soapsearje dy’t tusken 1978 en 1991 útstjoerd waard. Deselde searje waard ek yn op de Nederlânske telefyzje útstjoerd. Op ’en measten seach yn Nederlân fan de fjirtjin miljoen ynwenners de helte nei elke ôflevering. Dat Trinus net in fan fan de searje wie, docht bliken út it oanhelle earnstige fearnsjierwurd. Wat men suver yn Trinus syn hiel oeuvre sjocht, is syn grutte kennis fan de Bibel en syn brûken fan in soarte fan Tale Kanaäns. It is dan ek hielendal net tafallich dat er it oerflakkige fan de telefyzjesearje typearret mei Jezus syn Berchredetaal. Dy Berchrede is sa’n bytsje de kearn fan de evangeeljes yn it Nije Testamint fan de Bibel.
Twa jier foardat er him yn syn ienmanstydskrift kritysk oer de telefyzjesearje útspriek, wie de roman De skjintme vurt ferbwólgwódde útkaam. Men soe hast sizze kinne dat er dêr in gearfetting fan de hiele roman joech. In gearfetting fan in hiele roman yn fjouwer rigels! In grutte prestaasje. Yn sawol dy ‘gearfetting’ as yn de roman is Trinus in profeet en dan net yn de betsjutting fan ‘foarsizzer’, mar yn de sawol Aldtestamintyske as Nijtestamintyske Bibelske betsjutting fan immen dy’t in godlike iepenbiering krijt en dy oan oaren mei te dielen hat, immen dy’t opdracht hat om yn namme fan God fermoanningen en warskôgingen út te sprekken. Trinus wol en moat sizze ‘sjoch net nei de ûnwierheid fan Dallas, mar bekroadzje jimme om it leed yn de wrâld. En datselde seit er mei oare en mear wurden yn de roman De skjintme vurt ferbwólgwódde. Hoe docht er dat?
De roman is skreaun út it personale point of view wei. Dat wol yn dit gefal sizze dat wy de tinkwrâld fan de manlike haadpersoon allinnich sjogge út it perspektyf fan de ferteller wei. De lêzer fan de roman wurdt hielendal neat gewaar oer wat de minsken om de haadpersoan hinne tinke en fiele. Wy krije dêr allinnich weet fan as dy minsken harren tsjin de haadpersoan uterje.
Wa is dy haadpersoan? It is in manspersoan fan, lit ús sizze om de tritich jier hinne âld, syn krekte âldens wurdt de lêzer net gewaar. Hy rydt yn in opfallende auto fan it net-besteande merk ‘Brainward’. Yn dy ‘patserauto’ fielt er him machtich, machtich yn syn eigen feilige blikken wrâld. Yn de fiif haadstikken fan it boek toant er himsels as in egoïstysk persoan, dy’t yn alles der allinnich mar ferlet fan hat om ta syn eigen doelen te kommen. Hy is tagelyk net de persoan dy’t him sosjaal opstelle kin, dy’t niget oan de minsken om him hinne hat. As er op syn reis mei de Brainward yn kontakt komt mei in hearke en in muonts dy’t him it kwea fan de wrâld, en tagelyk it kwea fan harrensels foarhâlde, dan lit er mar wat tsjin him oan kletse. Hy lit in hâlding sjen fan ‘wat kin my de hiele wrâld skille, se sykje it mar út’. Wylst er mei de wein te riden is, kin er it bygelyks net litte om lju bûten syn eigen auto te narjen. In foarbyld dêrfan is:
‘Dur rón un pearke rjóks fan de dyk, jerrems óm enwar hinne. Hij jage se mai de klaksón yn de bêrem. Hij lake. Hij stelde ut spegeltsje bij, mar se vjinnen ol net mear te sjen.’ (s. 9).
De haadpersoan, dy’t yn de roman fierdersoan gjin namme krijt, stiet model foar in universele boarger dy’t it wol leaut mei de maatskippij, dy’t gjin inkelde writen docht om te bouwen oan in maatskippij dy’t moreel yn ’e es is. Hy is in persoan dy’t mar wat hannelet sûnder al te djip nei te tinken. Dy’t leafst mar wat ûnderút hinget op de bank om nei Dallas te sjen.
De hiele roman troch set de ferteller in persoan del dy’t it allegearre wol leaut, dy’t himsels op nûmer ien set en gjin inkelde wearde hechte oan de skjintme dy’t de maatskippij eigen wêze moatte soe. De haadpersoan hat yn it fiifde en lêste haadstik syn uterste bêst dien om syn eigen ferletten harren gerak te jaan. Om de skuld te ûntrinnen flechtet er wer yn syn feilige blikken kokon dy’t Brainward hyt. Mar syn eangst wint it fan himsels en krekt dy feiligens fan syn auto rêdt him út de niten:
‘Sa’n betónnen pylder, os mun dêr tsjinoan knalde, dot mûst genô wêze. It wji ut lêste vot de Brainward fwar him dwan kû. Sû dy teminsten ek net yn oare honnen fôle. Hij skêkele en ried achterút, un pear hûndet meter. Noch mar un ain fwar de visseghyd. Sa mûst ut genô vêze óm óp topsnelhyd te kómmen.’ (s. 181)
Sels de auto gunt de egoïst dus nei syn dea nimmen.
It moat de lêzer wol foldwaning jaan as de roman beslút mei de sin:
‘De pylder kwaam mai in góng fon twahûndet kylometer óp him ta.’ (s. 181)
De ferteller makket in ein oan ferboelguodzjen fan de skjintme. Men bliuwt as lêzer sitten mei gjin inkeld perspektyf op in maatskippij dy’t nét nei Dallas sjocht. Men bliuwt al mei de realiteit sitten. Mei in realiteit dat de Berchrede noch altyd gjin fêste grûn yn ús maatskippij fûn hat.
De biografy is te bestellen by Afûk Der is neat om glêd te striken – Biografy fan Trinus Riemersma – Afûk Websjop
Yn it Friesch Dagblad stie moandei in resinsje fan de biografy fan de hân fan Abe de Vries Fij fan flaaien, fan bûgjen frjemd: biografy fan skriuwer Trinus Riemersma | Resinsje – Friesch Dagblad
Op frisistyk en yn letterhoeke ferskynde earder dit artikel fan Marijke de Boer oer Trinus Riemersma Der is neat om glêd te striken.
Reitze Jonkman zegt
Wat in timing: op ‘e dei dat Trump ta nije presidint fan de Feriene Steaten keazen wurdt …..