ChatGPT wurket aardich goed yn it Frysk, ek al is it noch net hielendal perfekt. De Keunstmjittige Yntelliginsje (KY) kin in soad wurden en sinsstruktueren yn it Frysk begripe en selsstannich generearje. Dêrtroch kin er ynformaasje op in dúdlike wize yn it Frysk oerbringe. Fansels is KY yn it Frysk noch net sa goed ûntwikkele as yn it Frânsk of Ingelsk, mar op it mêd fan Fryske grammatika en wurdskat hat de KY fan ChatGPT it ôfrûne jier hurd byleard.
Drok oan it trainen
Begjin 2024 koe ChatGPT it Frysk amper fan syn buortalen ûnderskiede. Dat probleem liket no wol aardich oplost. Hiel inkeldris slûpt der noch in wurdsje Nederlânsk of Ingelsk yn. Mei de Fryske grammatika giet it lyksa. Sûnt begjin dit jier hat ChatGPT de twa Fryske ynfinitiven ûntsifere. It ferbûgjen fan de tiidwurden slagget ridlik en it liket derop dat ChatGPT ek de regels foar it ferskil tusken nammefoarm en doelfoarm skerp hat.
Hoe kin it wêze dat ChatGPT soks yn in healjier leare kin? KY leart net op deselde wize as minsken; KY ûntwikkelet gjin nije kennis troch petearen mei brûkers. Ynstee dêrfan wurdt it periodyk bywurke troch OpenAI mei nije tekstgevens en ferbettere KY-modellen. Dat betsjut dat de kennisbasis en it begryp fan taal by elke nije ferzje ferbettere wurdt.
Nei it ferbetterjen traint de KY himsels op basis fan in grutte set tekstgegevens. Foar ’t neist binne dat artikelen fan it ynternet en oare online tekstboarnen (û.o. digitalisearre boeken). Dêrtroch kin KY in breed skala oan ûnderwerpen en taaleigen begripe. By elke update wurdt de KY bywurke om te reagearjen op nije ynformaasje, nije wurden en noch finer taalgebrûk. De ferbettering fynt dus plak yn de trainingsfaze, net troch direkt gebrûk.
Yn de trainingsfaze siket KY nei logyske ferbannen tusken KY-modellen en tekstgegevens. It wurket in bytsje as in minskebrein mei syn neuroanen en synapsen. Skynber hat ChatGPT no ridlik yn ‘e gaten dat bepaalde ‘Fryske neuroanen’ by elkoar hearre en ferbynt dy mei ‘synapsen’. Sa wurdt it Frysk fan ChatGPT dus hieltyd better.
Segen foar lytse talen
KY makket it mooglik om yn lytse talen hiel gau nije teksten te generearjen. Tink dêrby oan in nij itensresept, gearfetting, ynstruksje, ensafh. Dat jout sprekkers fan lytse talen mear mooglikheden om de eigen taal yn it digitale domein te brûken. Koartsein, KY kin it gebrûk fan lytse talen befoarje. Alles wat yn it Ingelsk oan ynformaasje beskikber is, kin KY likegoed yn it Frysk generearje.
KY kin ek hiel goed helpe mei it redigearjen fan teksten. Yn grutte talen as it Ingelsk of Dútsk hellet KY suver alle skriuwflaters derút. Dêrneist sjocht KY nei ynterpunksje, styl, idioom, sins- en tekstopbou. Foar it Frysk is der noch gjin KY-platfoarm dat echt helpe kin mei it redigearjen fan teksten. Mar dat kin yn de takomst samar oars wurde. As it safier is, kin KY helpe by it skriuwen fan geve Frysktalige teksten!
Foar minsken dy’t in minderheidstaal leare wolle is KY ek in útkomst. De taallearder kin bygelyks yn it Arabysk of Sineesk freegje oft KY him helpe kin mei it learen fan de doeltaal. Foar KY is it hiel maklik om de basisgrammatika en wurdskat fan it Frysk út te lizzen. Fierders kin de taallearder mei help fan KY dialogen oefenje en teksten yn ˈe doeltaal generearje.
It skriuwen fan in wurkstik of paper yn it Frysk? In Frysktalich Sinteklaas-gedicht meitsje? De Frysktalige notulen korrizjearje litte? Afûk-kursisten dy’t bûten de kursus om noch wat dialogen oefenje wolle? KY kin it allegear en noch folle mear.
Laat een reactie achter