Willem Schoorstra hat freed yn in feestlike byienkomst út hannen fan deputearre Eke Folkerts de dr. Obe Postmapriis 2024 útrikt krigen. Hy krige de provinsjale priis foar De Poëtyske Edda.
Yn de foyer fan Tryater lies foarsitter Maaike Andringa it rapport fan de advyskommisje foar, hâlde deputearre Folkerts in taspraak en betanke priiswinner Schoorstra tal fan minsken dy’t belutsen wienen by it meitsjen fan syn boek, lykas syn dochter en syn útjouwer. Muzyk wie der fan it trio Minnewit.
Laat een reactie achter