• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Skriuwer Ulke Brolsma ferstoarn

1 november 2024 door Tresoar Reageer

Op 21 oktober 2024 is Frysk skriuwer Ulke Hessel Brolsma (1943) út Zaandam ferstoarn. Hy skreau koarte ferhalen en romans, en wûn yn 2000 in Rely Jorritsmapriis.

Brolsma groeide op yn Grou en folge in oplieding ta ûnderwizer en sjoernalist. Hy wie wurksum as gemeentefoarljochter. Hy kaam út in skriuwerslaach, mar stapte sels pas op lettere leeftyd yn de literêre spoaren fan syn heit Liuwe Brolsma (1912-1976) en pake Reinder Brolsma (1882-1953). Syn pake wie lange tiid ien fan de produktyfste en meast lêzen Fryske skriuwers. It wie Doeke Sijens, biograaf fan syn pake Reinder, dy’t him op bysûndere wize oantrúnde om ek ris kreätyf te skriuwen.

‘Doeke Sijens makke in boek oer myn pake, hy kaam dêrfoar wol by ús oer de flier. Ik krige ris in krystkaart fan him en dêr stie op: ‘Dyn heit en pake koene skriuwe en do makkest der neat fan. Bêste lokwinsken foar it nije jier, Doeke Sijens.’ Doe waard ik in bytsje lilk en bin ik achter de kompjûter sitten gien, haw in pear sinnen skreaun en foar’t ik it wist hie ik in ferhaal ôf’, sa fertelde er yn 2016 (webside Ensafh).

Brolsma begûn mei it skriuwen fan koart ferhaal ‘It hûs’, dat publisearre waard troch literêr tydskrift Trotwaer. It wie foar Brolsma in stimulâns om fierder te gean. Ferhalen fan syn hân ferskynden njonken Trotwaer ek op de ynternet-tydskriften Kistwurk en Farsk. Yn 2000 krige er foar syn ferhaal ‘Ioana’ in Rely Jorritsmapriis.

Yn boekfoarm debutearre hy yn 2001 mei de ferhalebondel Ioana: in samling fan syn earder skreaune koarte ferhalen. Se spylje harren net allinnich ôf yn Fryslân, mar guon ek yn Roemenië, Frankryk of Peru. Ien fan de sintrale tema’s is de relaasjeproblematyk en ûnmooglike leafdes. Syn styl wie koart en direkt en hy wist fakentiids in bysûnder soarte spanning op te roppen.

As Fries om utens skreau Brolsma ek geregeld oer syn heitelân, en dan benammen oer syn bertedoarp Grou. Yn 2016 ferskynde Oarloch yn en om Grou, oer de Twadde Wrâldoarloch sa’t dy yn Grou belibbe waard. Yn ’e rin fan de oarloch kamen der hieltyd mear ûnderdûkers, mar ek it ferset naam ta. Yn septimber 1944 lei de besetter beslach op de filla fan fabryksdirekteur Halbertsma. De Grüne Polizei iepene de jacht op Joaden en fersetsminsken, fan wa’t de measten begjin maart 1945 oppakt waarden. Brolsma gie nei wa’t dizze minsken úteinlik ferret hie.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: In Memoriam, rely jorritsmapriis

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d