De lêste tongersdei fan jannewaris is it Gedichtedei. Sûnt 2013 betsjut dat ek de start fan de Poëzywike. De Fryske Poëzywike slút oan by it tema fan de lanlike Poëzieweek, dat is dit jier Liiflikheid.
Ek binnen Taalplan Frysk wurdt der oandacht oan bestege, troch it oanbieden fan materiaal fia de webside fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis. It is bedoeld foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Fryske gedichten foarmje de basis om op in kreative wize mei it Frysk, Biltsk of Stellingwerfsk oan de slach te gean.
Foar alle bouwen wurde der aktiviteiten makke dy’t sammele wurde yn magazines. Dizze binne fergees del te heljen op de webside. Fierder wurde de gedichten dy’t skoallen meitsje by elk tema sammele. Dizze binne werom te finen yn de earegalery en kinne as foarbyld tsjinje. Hjirûnder fynst de tema’s dy’t de ôfrûne jierren sintraal stien ha.
Wolst ek meidwaan oan de poëzywike en de materialen ûntfange op skoalle? Jou dy dan op op de webside fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis.
Laat een reactie achter