• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Fakatueres: Projektmeiwurker en relaasjebehearder/projektkoördinator Taalpromoasje

21 december 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje, dy’t as doel hat om de Fryske taal oeral yn ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan. Wy hawwe in Fryske boek- en kadowinkel en in útjouwerij, wy jouwe kursussen en workshops en wy ûntwikkelje ûnderwiismetoaden. Dêrneist wurkje wy oan in hiel soad wikseljende projekten en kampanjes foar alle leeftiden. Der wurkje sa’n 35 minsken by de Afûk.

Op dit stuit binne der twa fakatueres by de Afûk.

In sterke ferbining mei it bedriuwslibben, de soarchsektor en oare sosjaal-maatskiplike en kulturele organisaasjes fine wy essinsjeel. Mei ús taalpromoasje-aktiviteiten wolle wy minsken, bedriuwen en organisaasjes bewust meitsje fan har eigen taal en identiteit en harren stimulearje om it Frysk aktyf te brûken en sichtber te meitsjen. Foar dy aktiviteiten sykje wy op koarte termyn in:

Projektmeiwurker Taalpromoasje

Foar 20 oant 24 oeren wyks. In ôfwikseljende baan mei in soad selsstannichheid yn in kreatyf en entûsjast team.

Wat foar dy? Dowload hjir de fakatuere. Sollisitearje kin oant 3 jannewaris 2025.

Relaasjebehearder/projektkoördinator Taalpromoasje

Foar 28 oeren wyks. As relaasjebehearder ûnderhâldsto de besteande kontakten en giesto aktyf op syk nei nije relaasjes en kontakten út boppeneamde sektoaren. Do hast in sintrale rol yn it team Taalpromoasje en betinkst, op basis fan it ferlet fan bedriuwen en organisaasjes, mei dyn kollega’s plannen en strategyen en leist ferbiningen tusken de ferskillende projekten, produkten en aktiviteiten fan de Afûk en tusken de ferskillende partners. As projektkoördinator bist dêrneist ferantwurdlik foar it realisearjen fan projekten binnen de stelde kaders, mar der wurdt ek ferwachte datsto nije plannen ûntwikkelest.

Download hjir de fakatuere. Sollisitearje kin oant 3 jannewaris 2025.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: afûk, fakatuere, Taalpromotie

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d