Op 1 jannewaris 2025 wurdt dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm beneamd ta bysûnder heechlearaar Kultuerskiednis fan it súdlike Noardseegebiet yn de iere midsiuwen en Fikingtiid oan de Fakulteit Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins. De learstoel is ynsteld troch de Fryske Akademy.
Mei de bysûndere learstoel wurdt it ûnderwiis- en ûndersyksprogramma by it Groninger Instituut voor Archeologie (GIA) fersterke. Tagelyk bout de Fryske Akademy as ûndersyksynstitút de relaasjes mei de akademyske wrâld fierder út, ûnder mear op it mêd fan kultureel erfgoed. Boppedat wurdt mei dizze learstoel bydroegen oan in hechtere ynterdissiplinêre gearwurking, fanwegen de reitsflakken mei midsiuwske skiednis, romtlike wittenskippen en Taal en Kultuer stúdzjes, lykas de Frisistyk en de Skandinavistyk.
Regionale kultuer en materiële spoaren
Nelleke IJssennagger-van der Pluijm is wiis mei de beneaming: “It is in grutte eare. De learstoel betsjut in fersterking fan it ynterdissiplinêre ûndersyk nei de rol fan kustregio’s, en yn it bysûnder fan Frisia en de Fikingwrâld, troch it te keppeljen oan it ûnderwiis en ûndersyk fan de RUG. It markearret dêrmei it belang fan gearwurking tusken de RUG en de Fryske Akademy; dat bysûndere ekspertize út lytse fakgebieten op dizze wize in plak krijt yn it universitêre lânskip en beskikber is foar studinten en ûndersikers.”
De bysûndere learstoel konsintrearret him op Noardwest-Europeeske kustgebieten fan de iere midsiuwen oant en mei de Fikingtiid, sa. tusken it jier 600 en 1100. Dizze perioade wie beskiedend foar de foarming fan kultuer en maatskippij yn de kustgebieten, mar ek foar Europa as gehiel, wat wjerspegele wurdt yn histoaryske boarnen en archeologyske resten. Spesjaal omtinken wurdt dan ek bestege oan objekten en struktueren dy’t troch archeologen ûntdutsen binne, mar ek oan ferhalen, gedichten en rjochtstradysjes: de boustiennen yn regionale identiteitsfoarming dy’t mei-inoar in ferbinend kultureel erfgoed fan Noardwest-Europa foarmje. Ut de learstoel wei sil in bydrage levere wurde oan de fernijing fan kurrikula binnen archeology en skiednis, en sil in kurrikulum mei-ûntwikkele wurde op it mêd fan de Frisistyk.
“Ûndersyk útbouwe”
Prof. dr. Daan Raemaekers is ek tige posityf: “Mei de beneaming fan dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm as bysûnder heechlearaar by it GIA fersterkje wy de gearwurking fan de Ryksuniversiteit Grins en Fryske Akademy. Beide ynstellings binne kennisynstellings dy’t ûndersyk dogge nei de archeology en skiednis fan it hjoeddeiske Fryslân, it Noard-Nederlânske kustgebiet en it gruttere súdlike Noardseegebiet. De beneaming fan Nelleke sil beide ynstellings yn steat stelle dit ûndersyk fierder út te bouwen troch fan inoars netwurken gebrûk te meitsjen en mei-inoar nije projekten op te starten. Wy sjogge dernei út dat Nelleke ien dei yn ‘e wike mei de Grinzer kollega’s oplûke sil.”
Oer Nelleke IJssennagger-van der Pluijm
Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA foltôge har oplieding Skandinavistyk, archeology en Aldgermaansk oan de Ryksuniversiteit Grins, wêrnei’t hja har fokus lei op midsiuwske skiednis yn de research master Classical Medieval and Renaissance Studies, dy’t cum laude ôfrûne waard. Dizze fakgebieten kombinearre sy yn har PhD-ûndersyk: ‘Frisia in a Viking Age North Sea World’.
IJssennagger-van der Pluijm is sûnt maart 2021 direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, it ûndersyksynstitút foar de Fryske kasus en it Mercator European Research Centre. Binnen de Fryske Akademy docht har team ûndersyk nei Fryske taal, kultuer, skiednis, erfgoed, meartaligens en lânskip. Hjirneist hat sy in tal tafersjochhâldende / bestjoerlike funksjes, û.o. as lid fan de Rie fan Tafersjoch by de stifting Oude Groninger Kerken.
Laat een reactie achter