• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

‘Ik ha echt in bân mei dit plak’

16 januari 2025 door Marijke de Boer Reageer

Al fiif kear siet Remco Kuiper simmers in skoft yn de Skriuwersarke. Dêrmei is er in geregelde gast yn de arke dy’t earder fan Rink van der Velde (1932-2001) wie. It plak oan it petgat tusken De Wylgen en De Feanhoop biedt al moai wat jierren romte oan alle skriuwers dy’t yn alle rêst mei Frysk literêr wurk dwaande wolle.

Remco Kuiper (1971) komt der graach. ‘It ljocht dêr is sa moai, sa boppe dat petgat. Dizze simmer ha ik dat ek wer sjoen. Dy loften dêr binne unyk. It is sa rêstich, middenyn de natuer en dat wetter. En sjochst de sinne dêr sa moai ûndergean.’ It wurket foar him o sa ynspirearjend. ‘Fansels is skriuwen gewoan sitten gean, kontakt meitsje en dermei dwaande wêze, mar sa’n moaie omjouwing helpt dêrby en datst in skoft út de deistige gong fan saken fan wurk en húshâlding bist.’

Al op de middelbere skoalle yn Ljouwert begûn er te skriuwen. ‘Ik wie yn it begjin mear fan de muzyk en fan it songteksten meitsjen. Noch altyd is muzyk belangryk. Ik hie de gitaar mei nei de arke en bin de lêste jierren dwaande om it keyboard ûnder de knibbel te krijen.’ It skriuwen fan lietsjes die er earst yn it Ingelsk en letter yn it Frysk doe’t er syn memmetaal better skriuwen leard hie. ‘Ik sette wolris lietteksten oer, bygelyks fan Daniel Lohues út it Drintsk.’ It boartsjen mei de taal fynt er moai. ‘Klank fyn ik belangryk, ik hâld fan it muzikale yn de taal.’

Kreatyf fermidden

Remco komt út in kreatyf fermidden. Heit Henk Kuiper wie fotograaf en mem Akky van der Veer wie skriuwster. Broer Elmar is skriuwer, sjonger en skilder en ek sus Welmoed skriuwt en skilderet. It wie suver net de fraach oft Remco him kreatyf uterje soe, mar wannear. ‘Haha, sa soest it wol sjen kinne, mar foar my fielt dat net sa. It komt út mysels, it fielt net as in lêst of sa fan ‘hy moat ek sa nedich’.’ It kreative wie gewoan doe’t er opgroeide yn it Marsumer Aldlân, in plak middenyn de natuer. ‘De natuer yngean is hiel fanselssprekkend foar my. Dat streamt altyd wol en jout ynspiraasje, ek by it arkje.’

Nei de dea fan syn heit yn 2005 en de berte fan syn bern krige it skriuwen hieltyd mear in plak yn syn libben. Yn it skriuwen fan poëzy siket er nei hoe’t er gefoelens en gedachten ferwurdzje kin. ‘Kinst der net echt hielendal by yn gewoane taal. Ik hâld derfan om te sykjen nei wat ferrassends, dat it meardere lagen hat bygelyks.’ It wie logysk om yn syn memmetaal te skriuwen. ‘Ik bin dermei opgroeid. It Frysk is in rike taal mei moaie klanken. By it skriuwen brûk ik soms bewust in âldfrinzich wurd om’t it sa moai klinkt, mar tagelyk is der in spanningsfjild. Wolst it ûnbegryplik foar de lêzer litte? Oars moatst it oars fertelle. In hiel soad boerewurden binne út ús taalgebrûk ferdwûn om’t se net mear yn it lânskip foarkomme. Earder hiest blaugerzen en healannen. Dat lânskip, de natuer feroaret. Poëzy is in moai middel om dy rykdom sjen te litten.’

Rêst

Foar Remco wie de Skriuwersarke in útkomst doe’t er der yn 2015 foar it earst ferbliuwe mocht. ‘We wennen yn in lyts hûs en mei trije jonge bern hie ik net in eigen plak. No wenje we wat grutter en ha ik in eigen keamer. Dy needsaak om fuort te gean om skriuwe te kinnen is dus minder grut, mar ik fiel my bot ferbûn mei de arke en dy omjouwing dêr. It is fan grut belang dat der sa’n plak foar Fryske skriuwers is.’ De rêst wurket goed foar him. ‘Der binne dagen by datst allinne bist, dat kin ik goed úthâlde. Moandeis komme de minsken fan It Fryske Gea, dy’t it ûnderhâld dogge, om in bakje kofje, in praatsje en as it heal kin in stik koeke. Se witte in soad oer de omjouwing te fertellen. Ek oare skriuwers of kunde fan Rink komme wolris del. In kear kaam in man dy’t fertelde dat Rink mei in griper it petgat úthekkele hie, moaie ferhalen binne dat. Doe’t de bern lyts wienen, kamen se del om te boatsjefarren. Yn it begjin tocht ik dat it boatsje en de fyts by it arkje echt fan Rink west hienen, mar dat is hielendal net sa. De arke dy’t der no leit, is fernijd en der is sels wifi.’ Yn de kast stiet it wurk fan eardere gasten en der is in lochboek fan de tydlike bewenners. ‘Datst yn in literêre omjouwing sitst, ynspirearret, mar tagelyk moatst it sels dwaan. Ik ha echt in bân krigen mei it plak, om’t it der sa moai is en om’t ik der ta kreative dingen kaam bin. Hooplik mei ik noch wer ris in kear, seis wiken liket my ek wol wat.’

Bondel

Yn sa’n tweintich jier hat er aardich wat skreaun. De tiid is no ryp om in bondel gear te stallen. ‘It mei der wêze en ik wol it útbringe. Ik stean mysels ta om my skriuwer te neamen. Ik kin goed sûnder in boek hear, mar it helpt wol. It jout in foarm fan besteansrjocht.’ Fan it simmer hat er yn it arkje al dy losse notysjes, fragminten en briefkes troch de hannen hân. Sa geandewei ûntstie in reade tried. ‘It wurk giet oer de tiid, weromsjen op myn jeugd, it sels bern krijen en wat joust troch, it giet oer ús heit, it opgroeien op de romte, oer de natuer. It binne pynlike saken soms, mar it moat net te swier wurde. De lichte kant wol ik ek hearre litte, it libben en de leafde moatte der yn trochklinke.’

Yn de bondel komt wat âlder wurk en nij wurk. De seleksje fan al it materiaal is in nijsgjirrich proses. ‘Ik hie fierstente folle, woe ek tefolle, mar kin no folle makliker dingen fuortgoaie. Blykber ha ik al dy tiid nedich hân om safier te kommen. Datst fan tsien losse ideëen mei ien fierder giest. Dan ha dy njoggen ideeën har wurk wol dien. Ik bin no skerper op myn ‘eigen stim’. As ik skriuw ‘do seist’, wa is dan dy do? Praatst tsjin dysels of giet it om in oar? Om of in beam of in heit? Dus wa is oan it wurd? Ik fernim dat ik no folle makliker oer ‘ik’ praat. Earder wie de ‘ik’ wat diffuser en wat mear in ‘do’.’ Dy ûntjouwing komt troch in soad oare dichters te lêzen en nei se te hearren. ‘En wurdst ek âlder, sjochst oars tsjin dingen oan. Ik ha altyd al in pear krityske eagen fan mysels hân dy’t meilêze, mar dat is no oars as yn it begjin. Soms sit it my yn it paad, mar it makket it faak ek sterker. Dy balâns ha ik no mear fûn.’

Wolst ek yn de Skriuwersarke?

Ek yn 2025 wurdt de arke beskikber steld foar skriuwers/dichters dy’t yn alle rêst dwaande wêze wolle mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2025 skriftlik oppenearje by Hein Jaap Hilarides (ynfo@stiftingflmd.frl).

Dit artikel is earder ferskynd yn Letterhoeke, desimber 2024

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: Rink van der Velde, schrijverschap, skriuwersarke, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d