• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Keninklik Frysk Genoatskip komt mei boek oer 200 Fryske froulju

10 januari 2025 door Redaksje Frisistyk 1 Reactie

Tialda Hoogeveen by it portret fan fersetsfrou en skriuwer Tiny Mulder. Foto: Natalia Balanina.

It Keninklik Frysk Genoatskip (KFG) bestiet yn 2027 200 jier. Om dat te fieren komt it KFG mei in jubileumboek mei dêryn 200 biografyen oer 200 Fryske froulju dy’t libbe hawwe tusken 1827 en 2027. Tresoar is út namme fan it KFG de pinfierder yn dit projekt. De haadredaksje is yn hannen fan Tialda Hoogeveen. De presintaasje fan it boek sil plakhawwe yn it KFG-jubileumjier, sa mooglik op 8 maart 2027: Ynternasjonale Frouljusdei.

Els Kloek

Els Kloek is ‘geastlike mem’ fan dit projekt, want troch de gearstalling fan har boeken 1001 vrouwen uit de Nederlandse geschiedenis en 1001 vrouwen in de 20ste eeuw is sy foar it KFG it grutte foarbyld om in soartgelyk projekt op te starten foar Fryslân. Letter hjoed sil op de webside fan it KFG in list mei 100 froulju beskikber wêze, mei in oprop oan it publyk om nammen oan te leverjen dy’t wat harren oangiet noch ûntbrekke op de list, sadat der in list fan 200 nammen gearstald wurde kin.Oer it boek

Yn it boek wurde biografyen opnommen fan 200 froulju dy’t yn de perioade fan 1827 oant 2027 in wichtich part fan har libben yn Fryslân wenne hawwe of in dúdlike (famylje)bân mei Fryslân hân hawwe en as sadanich ek as ‘Fryske froulju’ beskôge wurde kinne. It giet yn alle gefallen om froulju dy’t foar 2027 ferstoarn binne. De 200 biografyen wurde pleatst ûnder in tal maatskiplike tema’s dy’t yn it boek koart yntrodusearre wurde sille. Sa wurdt de gearhing ferdúdlike en ek froulju’s mienskippen sichtber makke.Sjoen it grutte súkses fan it wurk fan Els Kloek yn Nederlân ferwachtet it KFG dat in ferlykber projekt foar Fryslân ek tige oanslaan sil. It boek sil nammentlik in protte froulju dy’t oant no te min omtinken krigen hawwe, foar it fuotljocht bringe en harren it plak jaan dat sy fertsjinje yn de skiedskriuwing. By alle biografyen komt ien yllustraasje: in foto, skilderij of tekening. It boek wurdt in twatalige útjefte, de kar om in biografy yn it Frysk of Nederlânsk te skriuwen wurdt makke op basis fan de taal dy’t it bêste past by de betreffende frou en har aktiviteiten. Tresoar is út namme fan it KFG de pinfierder yn dit projekt en is fan doel nei 2027 it projekt ek digitaal in plak jaan.

Oer Tialda Hoogeveen

Tialda Hoogeveen is skriuwer en sjoernalist. Sy hat einredakteur fan de Moanne west en hat histoaryske boeken as De geur van hooi, Alstublieft, mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes’ en Oerstoer, over de wolharige mammoet en de rest skreaun. Yn de jierren 2023, 2024 en 2025 is sy as Berneboeke-ambassadeur aktyf op it mêd fan de promoasje fan Fryske berneliteratuer. ‘Geweldich dat der op sa’n grutte skaal omtinken komt foar froulju dy’t wichtich west binne foar Fryslân. It liket my in moaie reis om de takom jierren mei in hiel team skiednissen fan froulju op te dûkeljen en wrâldkundich te meitsjen, sadat se sichtber wurde foar in grut publyk. It boek is hooplik in begjin fan in fierdere reis nei oare publikaasjes lykas dokumintêres, podcasts, artikels of biografyen.’

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Jubileum, keninklik Frysk genoatskip, vrouwen

Lees Interacties

Reacties

  1. Janke Hiemstra zegt

    26 januari 2025 om 11:43

    ..ik fyn dit prachtich…juster ha ik in mail stjoerd, mei in ferhaaltsje oer ús tante Koos….in hele bysûndere Friezinne…spitigernôch kin ik net sjen of dizze meel ferstjoerd is…kinne jo my dêroer út ‘e brân helpe?
    al fêst tige tank,
    groet Janke Hiemstra

    Beantwoorden

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d