• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Syktocht nei de echte ‘wylde boerinne’

24 januari 2025 door Froukje Sijtsma Reageer

It is presys hûndert jier lyn dat skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop út Drylts (1865-1925) de novellewedstriid fan literêr tydskrift De Gids wûn mei de Nederlânske oersetting fan syn novelle De wylde boerinne. Yn de podcast ûndersykje ik dit wier barde boeredrama. Wat fertelle histoaryske boarnen ús oer de haadpersoanen fan dit literêre peareltsje? Wa wie de echte wylde boerinne?

De wylde boerinne giet oer in fete tusken twa buorlju, dy’t ein njoggentjinde iuw libbe hawwe soenen yn Drylts. Haadpersoanen binne boerinne Broersma en har buorman, boer Lammers. De lêzer stapt middenyn it ferhaal yn, wannear’t by boerinne Broersma de gekte al ynslein is. De ferteller jout eftergrûn by it nuvere gedrach fan dizze widdo mei twa bern.

As jongeman is Lammers al bot ûnder de yndruk fan frou Broersma, mar hy hâldt syn gefoelens foar himsels. Sy krijt in relaasje mei in oar. Wat gjinien sjocht, is dat Lammers, dy’t goed te boek stiet yn it stedsje, himsels fan binnen opfret en himsels tekoart dwaan wol op de dei dat de boerinne trout. Sy krijt twa bern en hat in lokkich en leafdefol libben. Dan slacht it needlot ta. Har man krijt in ûngemak en ferstjert. Der wurdt sein dat boer Lammers syn buorman mooglik helpe kinnen hie, mar dat er dat neilitten hat.

Nei in perioade fan rou melde frijgeselle manlju út de omkriten har, om’t se wol mei in rike boerinne trouwe wolle. Boer Lammers lûkt de stoute skuon ek oan. Hy docht syn buorfrou it foarstel om tegearre fierder te buorkjen. Dan sille se de grutste boeren fan de Greidhoeke wêze. Wylst de boerinne sit te rekkenjen, siket de boer fysyk kontakt:

‘…Hja lykwols begûn de frijerij ynienen bjusterbaarlik grappich te finen … ‘Krimmenikus,’ tocht hja. ‘Dy earmkes kinne my net ienris omklamme. Ik mei dy frijer wol op ’e skerte nimme, en as ik him ris troch de hannen gean litte wol, moat ik oppasse dat ik him net brek.’ En doe begûn hja te laitsjen, lûd en skatterjend, en hja koe net wer ophâlde. Om ’t hoartsje boarste hja wer út, as in nije foarstelling har geast kidele, en mei muoite koe hja einlings útstammerje: ‘Nee, buorman, it giet dochs net….’

Boer Lammers wurdt opnij ôfwiisd. Earder as jongfeint yn stilte, no pynlik yn it gesicht.

It liket as pakt elkenien it libben wer op, mar der barre ynienen nuvere saken op it hiem fan frou Broersma: jongfee rekket dea, hikken wurde fernield, in daam wurdt trochstutsen. Buorman docht as bliedt syn noas. Dan krijt de boerinne in rekken fan Lammers. It iennichste paad fan har pleats nei de stêd rint oer syn lân. Se moat betelje, mar wegeret. Har ferstoarne man en Lammers soenen ôfspraken makke hawwe oer it rjocht fan paad. It is lykwols net skriftlik fêstlein. Hy pleatst in stek. Sy slacht it stikken. De dûmny, de boargemaster en sels de rjochter komme der oan te pas. Lammers kriget gelyk. Broersma betellet de rekken, mar praat mei harsels ôf dat sy noait wer fan har hiem ôfkomme sil as oer frij lân. Se wurket hurd om genôch jild te fertsjinjen om oait it lân fan har buorman te keapjen as er dea giet. De boerinne ferwaarleazget harsels, har bern, har fee, har pleats. Nei tritich jier bealgjen is se op. Se leit siik op bêd en komt te ferstjerren. Mar net sûnder har twa bern swarre te litten dat se nét oer it lân fan buorman Lammers te hôf brocht wurde sil. Mar om’t it friest en it wetter nei de stêd beferzen is, brekke se dy tasizzing. Buorman Lammers wachtet de kiste al op… Twa dagen letter is er sels ek dea.

Ynspiraasje foar nije ferhalen

Hûndert jier letter sprekt it drama fan De wylde boerinne noch altyd ta de ferbylding. Dat blykt út it feit dat Fryske ferhalemakkers it ferhaal al desennialang foar it fuotljocht bringe, ûnder oaren as harkspul, stripferhaal, audiotoer en muzykteäter. Wat is no krekt wier bard oan it drama fan De wylde boerinne? En wat hat de literêre geast fan Holtrop deroan taheakke? Yn de podcast ‘Syktocht nei de echte wylde boerinne’, gean ik mei regisseur Ypy Zysling fan it yn 2018 opfierde muzykteäterspektakel ‘De wylde boerinne’ op ûndersyk út. We prate mei Kees Zysling, dy’t âlde kaarten fan Drylts hat en mei boerinne Marja de Vries fan de molktaap ‘De wylde boerinne’. Buorket sy op deselde pleats of sit it oars? Wat fertelle de argiven fan Tresoar? Hat it boeredrama wier plakfûn of siet it krekt allegear wat oars?

De podcast wie yn desimber 2024 te hearren by radioprogramma Buro de Vries op Omrop Fryslân. De podcast stiet ek online by Tresoar.

Dit artikel is earder ferskynd yn Letterhoeke, desimber 2024

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: 19e 20e eeuw, letterkunde, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d