• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

22 maart 2025: presintaasje postume bondel Willem Abma

17 maart 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneontemiddei 22 maart wurdt Willem Abma syn lêste dichtbondel Bewarre postúm presintearre. By dy gelegenheid sil Marcus Veenstra mei in gelegenheidskoar in part fan Requiem ta treast útfiere. De teksten skreaun troch Abma binne troch Veenstra op muzyk set.

Foarich jier simmer ferstoar skriuwer-dichter Willem Abma op twaëntachtichjierrige leeftyd. Abma publisearre by syn libben mear as tweintich dichtbondels, ferskate romans, koarte ferhalen en toanielteksten. Hy skreau ek geastlike lieten. Syn earste dichtbondels ferskynden ûnder it pseudonym Daniël Daen. Foar de earste trije krige er yn 1973 de Gysbert Japicxpriis. Abma wie ek belutsen by Operaesje Fers, dat yn 1968 oprjochte waard, en hy siet jierrenlang yn de redaksje fan it literêr tydskrift Trotwaer.

Op 22 maart 2025 wurdt Abma syn lêste dichtbondel presintearre ûnder de titel Bewarre. Abma seach it as in ferfolch op de bondel Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben (2018). Hy hie it manuskript fan Bewarre krekt foar syn ferstjerren klear. Hy krige dêrby de help fan syn frou Froukje Geertsma en dichter Syds Wiersma. Yn de bondel, dy’t by útjouwerij Wijdemeer ferskynt, beskriuwt Abma hoe’t er him op lettere leeftyd ‘bewarre’ field hat: ‘Myn poëzij is bekentenisliteratuer. Earliker as yn dizze bondel kin ik it net sizze. Foar my is de sirkel rûn. Dit is myn lêste bondel.’

By de presintaasje op 22 maart yn de Mennistetsjerke oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert sille guon fersen fan Abma foardroegen wurde. Freon Philippus Breuker liedt Abma syn literêre wurk koart yn. Nei it skoft is der in premjêre. In part fan Requiem ta treast sil ûnder lieding fan komponist Marcus Veenstra útfierd wurde.

Yn 1995 waard Marcus Veenstra tsjerkemusikus yn De Schakel yn Camminghaburen. Tegearre mei Willem Abma makke hy in oantal lieten, dêr’t God gedachte gefoel en it Liet fan treast (by de sluting fan in tsjerke) de ferneamdste fan binne. Ut dizze gearwurking ûntstie it idee foar it Requiem ta treast. Abma skreau de teksten en Veenstra sette se op muzyk. Foar de útfiering op 22 maart hat Veenstra it gelegenheidskoar Stim gearstald mei njoggen betûfte sjongers. Hy sil harren ek op piano begeliede.

Datum: 22 maart 2025
Tiid: 15.00 – 17.00 oere; ynrin fan 14.30 oere ôf
Plak: Mennistetsjerke, Wurdumerdyk 18, Ljouwert
Tagong: fergees; kom op ’e tiid want fol is fol

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: boekpresentatie, frysk, skriuwer

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d