• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Trije nominaasjes foar Simke Kloostermanpriis 2025

20 maart 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

De nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis 2025, foar it bêste Frysktalige berneboek fan de ôfrûne trije jier, binne bekend.

De nominearre boeken binne:

De Freon – I.E. Bloem (2023) is de tredde young adult roman fan de skriuwer, dy’t yn 2022 de Simke Kloostermanpriis fertsjinne foar It neidiel fan de twivel. It spannende boek De Freon giet oer in geheim boskfeest yn coronatiid, wylst der yn de buert in oanrander omrint.

Jelle en juf – Mirjam van Houten (2022) is it tredde berneboek fan de skriuwster en yllustratrise. Foar By Beppe útfanhûs wûn se yn 2022 de Diet Huberpriis. Jelle en Juf bestiet út 25 fantasyrike ferhalen oer absurde situaasjes dy’t Jelle mei syn juf belibbet.

Heity! Help!! – Thys Wadman (2024) is if fyfde berneboek fan de skriuwer. Yn 2016 wûn er de Simke Kloostermanpriis foar De oerwinnings fan Tido Houtsma. Heity! Help!! jout in draai oan it ‘meunster ûnder myn bêd’ tema, mei in fertelperspektyf foar it meunster.

De Simke Kloostermanpriis wurdt foar de fyftjinde kear útrikt. De winner wurdt ein maart bekendmakke. 

De priis bestiet út €5000,- mei in hânmakke oarkonde en wurdt op 23 maaie útrikt yn de Petrustsjerke yn Twizel. Foar it earst  ûntfange de skriuwers fan de nominearre boeken in oanmoedigingspriis fan €250,-. Se wurde ek op 23 maaie ek huldige. De sjuery bestie dit jier út Akke Gerlsma, Arjan Hut en Martsje de Jong.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: berneboek, Simke Kloosterman

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Tomke

1 brún sjongfûgeltsje út ‘e famylje fan ‘e winterkeninkjes, Troglodytes troglodytes mûs tommelid winterkeninkje
2 tsjiftsjaf
NL: winterkoning, winterkoninkje
Wft: ferlytsing fan tomme, Nederlânsk duimpje

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

1 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

24 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d