• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis

2 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

WOW Frysk ûnderweis is it evenemint foar Frysk en meartalich ûnderwiis. WOW is der foar alle profesjonals yn it wurkfjild fan it foarskoalske en it primêr ûnderwiis om har ynspirearje te litten ta ryk taalûnderwiis. De edysje fan 2025 is op 21 maaie yn Wergea en hat as ûnderwerp it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer, wêrby’t wy longerje nei rike taal foar alle bern.

WOW Frysk ûnderweis, dêr wolst dochs by wêze? Jim binne fan herte wolkom. Jou dy gau op, want fol is fol. De ynskriuwing slút op 7 maaie 2025.

Dielname fan profesjonals út it wurkfjild yn Fryslân is fergees. Jim krije dizze dei kado fan de provinsje Fryslân foar jim ynset foar en ta stipe fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis en de berneopfang.

Programma

  • 14:30 oere: ynrin en ûnderwiismerk (lokaasje: De Bidler)
  • 15:15 oere: wurd fan wolkom troch deputearre Eke Folkerts.
  • 15.30 oere: Longerje nei Taalrykdom; It nije kurrikulum Frysk taal en kultuer, wat hâldt dat yn? Troch Ferdau Terpstra, mei taalsjeu fan Sigrid Kingma
  • 16:15 oere: wurkwinkelomloop 1 (op ferskate lokaasjes yn it doarp)
  • 17:20 oere: wurkwinkelomloop 2 (op ferskate lokaasjes yn it doarp)
  • 18:20 oere: in lekker hapke iten, mei in fijn lokaal stikje muzyk (lokaasje: De Bidler)

Longerje nei taalrykdom

Yn de sintrale lêzing wurdt it tema fan WOW 2025 ferbûn oan de oankommende nije kearndoelen foar Fryske taal & kultuer. Yn it koart sil de fyzje en de efterliggende ambysjes úteinset wurde, de opset en ynhâld fan de nije kearndoelen wurdt taljochte en ta beslút sil in skets jûn wurde hoe as de nije kearndoelen foarm krije kinne yn it takomstige taalûnderwiis: lykweardich oan it Nederlânsk en yntegrearre yn it ûnderwiisprogramma.

De sintrale lêzing leit in boaiem ûnder de WOW middei, mei dizze foarkennis kinsto tidens de WOW middei dyn rêchsek noflik folgoaie mei weardefolle ynspiraasje foar betsjuttingsfol ûnderwiis.

Ûnderweis nei de wurkwinkels kuierje we troch moai Wergea en priuwe we de omjouwing en kultuer fan it doarp. Oan de ein fan de middei, as we weromkomme by de Bidler treffe we mekoar, sadat we noflik neiprate kinne oer it tema fan de dei om ûnderfinings en ynspiraasje te dielen. Tagelyk toant Wergea ús har rike kreative kultuer mei in fleurich stikje lokale muzyk fan it duo ‘Weima & van der Werf’. Muzikale taalwille by ‘Longerje nei Taalrykdom’ yn Wergea, by WOW Frysk ûnderweis 2025!

Wurkwinkels

  • Foarskoalsk en ûnderbou pû/sbaû:
    • Rike taalomjouwing? Gean nei bûten!
    • Brûk dyn materiaal en ynrjochting as kapstok foar it Frysk
  • Underbou pû/sbaû:
    • Boartsje dy Taalryk
    • Lêsbefoardering mei Keimpe: pop up!
  • Middenbou pû/sbaû:
    • Fertel dyn ferhaal
    • Oan de slach mei Tsjil foar de middenbou
  • Boppebou pû/sbaû:
    • Lesmateriaal SjONG junior
    • Frysk yn de Gouden wiken
    • Yntegrearre taalûnderwiis mei Spoar 8
  • Direkteuren, IB-ers en taalkoördinatoaren:
    • De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer: wat betsjut dat foar it ûnderwiis op ús skoalle(n)?
    • Fryske taal en kultuer yn prosesrjochte en betsjuttingsfol ûnderwiis

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: Frysk yn it ûnderwiis, lezing, workshop

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d