• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

16 mei 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers.

Op 24 april stie it wurk fan Hylkje Goïnga en Trinus Riemersma sintraal

Hylkje Goïnga koe as gjin oar de finger op it seare plak lizze mei de tragykomyske foarfallen fan haadpersoan Martha. Douwe Kootstra wurke jierren mei de skriuwster gear en kin smaaklik fertelle oer wat er mei har meimakke.

Trinus Riemersma stie bekend as skriuwer fan serieuze literatuer, mar faak brûkte er humor (en iroany) om syn figueren te typearjen en kleur te jaan. Foar syn polemyske wurk brûkte er it wapen fan de humor geregeld om syn gelyk te krijen. Syn biograaf Doeke Sijens ljochtet de humor yn it wurk ta.

Op 22 maaie stiet it wurk fan Rink van der Velde en Sipke de Schiffart sintraal

Rink van der Velde skreau tal fan boeken. Syn ferneamdste en bêst ferkochte is Feroaring fan lucht oer wâldman ‘Durk Snoad’ en syn húshâlding. Ek syn Bokwerter kollums wienen hiel bekend. Bouke Oldenhof leit út hoe’t humor wurket en hoe’t dat yn it wurk weromkomt.

Sipke de Schiffart lûkt de lêzer yn syn roman Sjappy de wûndere wrâld fan Jappy yn. Babs Gezelle Meerburg dûkt yn de roman om sjen te litten hoe’t earnst en humor hân yn hân gean en wat de krêft fan kostlike ferhalen mei in tragyske ûnderstream is.

Mear ynformaasje

Kom yn de kunde mei it wurk en lit dy ferrasse. Gniis, glimkje of skatterje mei! By beide jûnen binne ek boeken te keap fan de skriuwers.

  • plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar
  • tiid: 19:30 – 21:30 oere
  • tagong is fergees.

Meld dy oan! https://www.tresoar.nl/bezoeken/agenda/Jun-Humor-yn-Fryske-literatuer-2

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: frysk, humor, literatuer, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d