• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

26 july 2025: Muzikale reüny- poëzy fan Obe Postma.

7 juli 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op sneontemiddei 26 july om 15.00 oere feroaret de krekt restaurearre tsjerke fan Koarnwert yn in bysûnder muzikaal en poëtysk poadium. Dan fynt dêr in feestlike reüny plak fan âld-studinten, sjongers en dielnimmers oan literêre bustochten, allegear ea belutsen by muzikale útfieringen om it wurk fan dichter Obe Postma hinne. De middei liket in waarme werbelibbing te wurden fan in unyk stikje Fryske kultuerskiednis.

Oarsprong muzikale tradysje

De oarsprong fan dizze muzikale tradysje giet werom nei 1983, doe’t muzykdosint Hindrik van der Meer tegearre mei kollega’s Jan de Jong en Tom Dykstra in bysûnder projekt opsette om it wurk fan Obe Postma – berne yn Koarnwert hinne. Studinten fan de Snitser Pabo keazen elk in gedicht fan Postma en presintearren dat muzikaal of teatraal. De útfiering, bedoeld as stipe foar it restauraasjefûns fan de tsjerke, luts in ûnferwachts grutte mannichte en krige loovjend omtinken yn de Ljouwerter Krante. Letter folgen in cd mei Obe Postma-lieten en literêre bustochten ûnder begelieding fan Hindrik en Beitske van der Meer.

Reüny

De Obe Postma-kommisje nûget no elkenien út om dizze rike skiednis te fieren. Mei muzyk, poëzy, oantinkens – en foaral: mei elkoar. De organisatoaren hoopje yn it bysûnder âld-dielnimmers werom te sjen fan de Pabo-útfiering, de bustochten en de sjonggroep ‘Auke Roukes’ út de Legeaën. Kenne jo josels of kenne jo ien dy’t belutsen wie? Lit it witte!

Tentoanstelling Obe Postma

Yn de simmer fan 2025 is der in tentoanstelling oer Obe Psstma yn ‘e Koarnwerter tsjerke. De Koarnwerter Obe Postma-kommisje organisearret dêrom eveneminten yn de tsjerke.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: muzyk, Obe Postma, Poëzy

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d