Diel II (slot) oer it wurk fan Pyt Kramer (89 jier), pionier fan de Sealter stúdzjes. earder ferskynde diel I.

In netwurk om it Sealterlân hinne
Der wie yn 1955 amper in skriuwtradysje yn it Sealterlân en hielendal gjin ûnderwiis yn it Sealtersk. De Sealters koene wol wat help fan har bruorren yn it noarden en westen brûke.
Om dy reden fierde Pyt Kramer yn 1956 in korrespondinsje mei Goasse Groustra (Tresoar, 1956a-c). Groustra wie ommers in sintrale figuer yn it ynterfryske fermidden. Hy koe de plakken en de minsken fan Noardfryslân út ‘e pinne, omdat er dêr alle jierren mei syn bus hinne reizge. Pyt Kramer beseach Groustra blykber as in ferbinende skeakel tusken it Sealterlân en “Midfryslân” (Westerlauwersk Fryslân), want “jo ha mei de Grutfryske reizen ek wol it Sealterlân oandien”, skriuwt Kramer yn april 1956. En wit Groustra miskien ek wa’t yn ‘Midfryslân’ kontakt hat mei it Sealterlân en mei wa? (Tresoar, 1956b).
Kramer hie sels, as radio-amateur en elektrotechnikus, al in idee betocht om de Sealters by te stean: “radio-útstjoerings foar Noardfryslân en Sealterlân fan Midfryslân út. Dat hoecht technysk besjoen gjin probleem te foarmjen.” [ib.]
In Sealter stavering
Yn ‘e simmer fan 1956 soene de Fryske Akademy en de Sealter bewegers inoar moetsje. In delegaasje ûnder lieding fan Jelle Brouwer hat yn ‘e simmer op ‘ferkenningstocht’ (Erkundungsfahrt) yn it Sealterlân west. Skoalmaster Walter Deeken hat by dy gelegenheid alles regele (Klöver, 1998). Blykber hat dy moeting der wol west (Klöver, 1998), mar fan in wiere “útwikseling” is it doe net kommen. “Ik hie tocht, jo yn it Sealterlân te moetsjen”, skriuwt Kramer yn augustus 1956(Tresoar, 1956c). Kurt Löwe woe ommers net ha dat it in fakânsjereiske fan ien dei wurde soe, wêr’t allinnich Dútsk praat waard. (“Ik hie it maklik, want ik koe paktysk gjin Dútsk”, skriuwt Pyt Kramer net sûnder humor.)
Mar der bleau by de Sealters wol in driuwend ferlet fan in standert-stavering foar de skriuwerij en it ûnderwiis, útwikseling of gjin útwikseling. “Ik hie wat lêzen dat der (by de Grutfryske Rie of sa?) plannen wiene foar in stavering yn it Sealtersk” [ib.]. Pyt Kramer hie oant dan syn oantekeningen yn ‘e stavering fan Hermann Janssen makke (Tresoar, 1956b), mar Janssen fertroude sels net mear sa botte op syn eigen Lesebouk-stavering, dy’t er ek net konsekwint brûkte. Kramer hie sels, op ‘e nij, wol in idee wêr’t it hinne moast. Der is folle foar te sizzen om de Mooringer stavering oer te nimmen.” Dy is ommers ienfâldich, konsekwint en sa folle as mooglik oan it Dútsk oanpast. En it soe ek goed wêze foar “de kontakten tusken de Fryslannen” (Tresoar, 1956c). Dy Mooringer stavering wie doe noch mar koartlyn (yn 1955) ynfierd, op grûn fan in útstel fan V. Tams Jörgensen [ib.]. Yn de Mooringer staveringskommisje hiene doedestiids de ‘Westfriezen’ Jelle Brouwer en Tony Feitsma in plakje hân (Üüsen äine wäi 5, 1955). Kramer neamde as foarbylden de letter ä yn Fäsper (‘middeismiel’), de letter å yn boake (‘bakke’) en de konsekwinte dûbelspelling foar lange fokalen (bygelyks Täärp, ‘doarp’). Yn 1958 ha de Seelter Buund en de Akademy in stavering ôfpraat, dy’t net tefolle fan Janssen sines ôfwykt (de letter ä hat it net oprêden, bygelyks). De Sealter standerstavering fan no wat ‘Hollânsker’ wurden ûnder ynfloed fan Marron Fort (Klöver, 1998). Mar sokke details binne net sa foarnaam. Twa oare feiten binne dat wol. Yn it foarste plak docht út it Kramer syn brief bliken dat er “hoeden” te wurk gien is (Tresoar, 1956c). It hie ommers gjin doel om de Sealters in stavering op te twingen. Yn it twadde plak is hjir goed te sjen dat de staveringsdiskusjes yn Noard (Mooringer), East (Sealtersk) en West (Frysk) meiinoar ferbûn wiene. Feitsma (1959) soe letter foar nije Westerlauwerske staverings-nwarmen yn ‘e pleit gean, dy’t sûnder mis tebek giene op de stavering fan it Mooringer. Dat is ek te priuwen yn in artikel fan Tams Jörgensen (1958).
Yn ‘e ynlieding fan Pyt Kramer syn Näi seelter woudebouk (1992) stiet in folslein oersjoch fan alle Sealter staveringen oant dan.
Fierder
Nei de earste pioniersjierren hat Pyt Kramer net stil stien. In bibliografy stiet hjirûnder, en dy is net iens folslein. Syn Wikipedia-artikels oer it Sealtersk binne bygelyks net opnommen.
Kramer syn petearen mei ynformanten gongen faak oer âlde ambachten. Pyt wie as bern al yn technyk ynteressearre. Syn heit woe graach skipbouwer wurde, mar it kaam oars (P. Kramer, persoanlike kommunikaasje juny 2025). Syn ynterviews hawwe in protte faktaal oer mûnen, boatebouwerij, eedgreeuwen (‘turfgraven’), ymkerij en sokke saken opsmiten. Pyt hat dêrby in oantal tekeningen makke, mei de faktermen derby (sjoch ôfbylding 1). Yn ‘e trant fan it ferneamde boek Ald ark fan Albert Mulder út 1990. It sil gjin nij dwaan dat Pyt dêr ek oan meiholpen hat (en in foaropwurd skreaun).

Pyt Kramer wurket praktysk en sekuer. Syn wurdboeken beskriuwe it Sealtersk sa’t it praat wurdt, net sa’t it praat wurde moat. Dat stiet mei safolle wurden yn syn wurdboek fan 1992 te lêzen. De foarbyldsintsjes yn dat unvollendete wurdboek (A-E) binne net sels optocht, mar út besteande teksten en petearen opheind. By de wurdboeken en -listen stiet de útspraak ôfprinte. Pyt Kramer makke al gebrûk fan it IPA-alfabet foardat de Fryske Akademy dat die (IPA is in ôfkoarting fan International Phonetic Association). Yn syn Formenwörterbuch fan 2014 komme bûgde foarmen en ferskillende útspraken fan ien en itselde lemma foar (De iene seit muzyk en de oare seit musyk, bygelyks).
Pyt Kramer makke by it gearstallen fan syn wurdboeken al gau gebrûk fan in ienfâldich keyword-in-context-programma dat er earne op it ynternet fûn hie.
Like ynnovatyf is it brûken fan it Sealtersk as beskriuwende (meta-)taal, bygelyks yn it Näi Seelter Woudebouk fan 1992. Dat gebrûk fan de eigen ‘lytse’ taal is yn Westerlauwersk Fryslân al in skoft net ûngewoan, mar dat wie it by de Sealters en Noardfriezen wol (Böhmer et al., s. 100).
Yn diel I waard al sein dat Pyt op trije Fryske fronten aktyf west hat: noard, east en west. Yn 1961 makket er de lêzers fan Üüsen äine wäi better mei it Sealterlân bekend (Üüsen äine wäi 11, 1961). Yn in ynlieding fan dat stik skriuwt Alfred Boysen dat de jonge ‘elektrotechniker’ Pyt Kramer út Eindhoven it blêd al sûnt 1953 lêst. Hi heet dåt gånse stuk aw üüs frasch schraawen. Dat makket Pyt Kramer ta ien fan de meast ynterfryske minsken út ‘e wrâldskiednis. By dat stik stiet in Sealter fers fan Gesina Lechte-Siemer, mei in Noardfryske oersetting. Yn 1962 besprekt Alfred Boysen Pyt syn Seelter Woudebouk fan 1961 (üsen äine wäi 12, 1962). Yn 1964 wurdt yn itselde blêd in lêzersbrief fan Pyt publisearre, oer de literatuer fan lytse folken. De Noardfriezen binne al wekker wurden, wol er hawwe, mar de Sealters noch net (Üüsen äine wäi 14, 1964).
Pyt Kramer hie yn ‘e fyftiger en sechtiger jierren fansels ek in privee-libben en in wurkjend libben, al soene je dat hast ferjitte. Oer syn Philips-tiid (wêr’t er mear as 25 wurke hat) is al in ien en oar sein. Yn 1962 rjochtet Pyt Kramer, yn ‘e mande mei Folkert Binnema en Sikke (Sicko) Doting, de FNP op. De FNP is oars as de Jongfryske Mienskip fan Douwe Kalma west hat. Yn in ynstjoerd stik yn Frysk & Frij (1956) pleitet Pyt Kramer foar gearwurking mei de oare Fryslannen èn mei de Grinslanners. Yn in bryfke yn Tresoar komt dyselde mylde en praktyske geast wer foar it ljocht: ús beweging wol ek Stellingwerfsk, Stedsk en Bilts romte jaan, stiet dêr te lêzen (Tresoar, s.d.). Yn it ynstjoerd stik yn Frysk & Frij (1956) is deselde geast fan gearwurking (dit kear mei Grinslân en de oare Fryslannen) al werom te finen. It is, mei oare wurden, no net mear om it ”groepsegoïsme” fan de standert-fryskpraters allinnich te rêden. Pyt Kramer wennet no yn Mildaam, by de Tsjonger. Hy is lid fan de Stellingwarver Schrieversronte.
Yn maart fan dat jier 1962 trout Pyt Kramer mei syn frou Jetske (Üüsen äine wäi 12, 1962), dy’t yn novimber siik wurdt en ferstjert yn ‘e leeftyd fan 27 jier. “It is sa’t it is”, seit Pyt (persoanlike kommunikaasje, juny 2025). Yn 1964 trout er op ‘e nij, mei syn twadde frou Sieuwke, in “maissy” út it Bildt (1932-2002). Pyt Kramer hat ien soan, dy’t yn Fryslân wennet.
Foar de folsleinens moat hjir oanfolle wurde dat der yn ‘e fyftiger jierren noch in oare bekende Fries op it fytske nei Sealterlân reizge is. Dat wie de skriuwer Trinus Riemersma, yn it jier 1958. Dy hie dêr yn ‘e Ljouwerter Krante in stikje oer sjoen, mei in kaartsje derby, en is doe op syn eigen wize dêrhinne fytst. Underweis sliepte er nachts yn it iepen fjild. Hy hat dêr, foarsafier as bekend, inkeld it wurd Säärke (‘tsjerke’) opheind. Doeke Sijens hat dy episoade yn ‘e biografy Der is neat om glêd striken (2024) beskreaun.
Dit stik hat de auteur yn ‘e Skriuwersarke fan Rink van der Velde skreaun, mei tank oan de Stifting FLMD en it Fryske Gea.
Bibliografy Kramer
- Kramer, Pyt (1961). Seelter Woudebouk, Seeltersk – Düütsk – Wäästfräisk. Ljouwert: Fryske Akademy.
- Kramer, Pyt (1964). Wörterverzeichnis Deutsch-Saterländisch. Ljouwert: Fryske Akademy.
- Kramer, Pyt (1967a). Saterland – Insel im Moor. Nordfriesland, 9, S. 17-24.
- Kramer, Pyt (1968a). De Sealter lûden. Us Wurk 17, 21-24.
- Kramer, Pyt (1970a). De neffens Minssen koarte lûden yn it Sealtersk. In: T.B. Hoekema e.a. (Hrsg.), Flecht op ‘e koai. Stúdzjes oanbean oan prof. dr. W.J. Buma, 215-220. Groningen: Wolters-Noordhoff.
- Kramer, Pyt (1970b). Siläärge nit. Seelter Trjoue 5, 12.
- Kramer, Pyt (1970d). Bäiden, wuurich. Seelter Trjoue, 5, 12.
- Kramer, Pyt (1971a). Ta de fonology fan it Sealtersk. Us Wurk 20, 42-43.
- Kramer, Pyt (1971b). It âldste Sealtersk. Us Wurk, 20, 44-58.
- Kramer, Pyt (1972-1973). Assibilaasje fan ferlytsings-k yn Sealter lânnammen. Us Wurk 22, 139-146.
- Kramer, Pyt (1974). Djoomersmeeid en Tjoomeer. Us Wurk 23, 119-122.
- Kramer, Pyt (1976). Skraits, maits en mûglike sibben. Us Wurk 25, 77-82.
- Kramer, Pyt (1979). Dät Eedgreeuen. De terminology fan in âld Sealter hantwurk. In: Nils Arhammar & T. Hoekema (Hrsg.), Scripta Frisica. Tinkbondel foar Arne Spenter (1926-1977), 119-126.
- Kramer, Pyt (1981). Eine neue Quelle für das Saterfriesische. Nordfriesisches Jahrbuch 17, 72-183.
- Kramer, Pyt (1982b). Kute Seelter Sproakleere — Kurze Grammatik des Saterfriesischen. Rhauderfehn: Ostendorp.
- Kramer, Pyt (1983). Saterfriesisch baale ‘reden, sprechen’. Us Wurk 32, 70-77.
- Kramer, Pyt (1984). Seeltersk Weer, Wäärf, Wärfte, Woarsene. In: N.R. Århammar et al. (Hrsg.), Miscellanea Frisica, Assen: Van Gorcum, 111-122.
- Kramer, Pyt (1985). De kwaliteit fan brutsene lûden. Us Wurk 34, 37-39.
- Kramer, Pyt (1989a). Mei Aldfrysk a troch it Sealter fokaalsysteem. Us Wurk 38, 118-126.
- Kramer, Pyt (1989b). Sealtersk baale ‘prate’. Us Wurk 38, 145-146.
- Kramer, Pyt (1991). In fonologyske ramp. Bydrage 12e Frysk Filologekongres.
- Kramer, Pyt (1992). Näi Seelter Woudebouk / Neues Friesisches Wörterbuch / Nij Seelter Wurdboek I. A – E, G (unvollendet). Elst (eigen behear).
- Kramer, Pyt (1994a). In Grinswurdboek. Tydskrift foar Fryske Taalkunde 9, 113-115.
- Kramer, Pyt (1993). Lound un Noomen. Die saterfriesische Orts- und Flurnamen in der Landschaft. Band 1. Mildaam (eigen behear).
- Kramer, Pyt (1994b). Lound und noomen. Die saterfriesischen Orts- und Flurnamen in der Landschaft. Band II: Atlas. Mildaam/Mildam. [Auch in: seeltersk.de.]
- Kramer, Pyt (1996). Kuute Seelter Sproakleere — Kurze Grammatik des Saterfriesischen (verbesserte Auflage). Mildaam: eigen behear.
- Kramer, Pyt (1997), Kuute Seelter Sproakleere. 3e Auflage. Mildaam.
- Kramer, Pyt (1996b). Düütsk-Seeltersk. Provisoriske Woudeliste. Mildaam, eigen behear.
- Kramer, Pyt (1999a). Eastfryske taalkunde. Yn: Anne Dykstra & Rolf H. Bremmer (red.), In skiednis fan ‘e Fryske taalkunde (Ljouwert: Fryske Akademy), 301-327.
- Kramer, Pyt (1999b, 8.-10. Dezember). Hoe Frysk is it Frysk? Bydrage oan: It fyftjinde Frysk filologekongres, Ljouwert.
- Kramer, Pyt (2005). D(e)-deleesje yn it Sealtersk. Bydrage oan: Frysk filologekongres (14, 15, 16 desimber 2005). (‘Abstract’ yn it boekje.)
- Kramer, Pyt (2000). Hoe Frysk is it Frysk? Philologica Frisica anno 1999, 127-163.
- Kramer, Pyt (2010). Düütsk-Seeltersk. Provisoariske Woudelieste. [https://www.seeltersk.de/deutsch-saterfriesisch/]
- Kramer, Pyt (2014). Formen-Wörterbuch des Saterfriesischen.[https://www.seeltersk.de/wp-content/uploads/EINSOM-9.pdf]
- Kramer, Pyt (2015, 30. Januar). Näie Seelter Siede fon Pyt Kramer. [https://web.archive.org/web/20150617215157/http:/seelter.16mb.com/]
- Kramer, Pyt (o.D.). Kursus Saterfrysk. Abgerufen am 13. Dezember 2021, von [https://seeltersk-kursus.oostfraeisk.org]
- Kramer, Pyt & Griep, Theodor (1999a). Seelter Materioal uut dän Ätterläit fon Ehrentraut. In: Theodor Griep und Pyt Kramer, Seelter Seeken. Mildaam: [Selbstverlag]. Kramer, Pyt (2023). D-Ausfall in saterfriesischen Vergangenheitsendungen. Yn: Henk Wolf (red.), Saterfriesische Beobachtungen. Festschrift zum Anlass des 50-jährigen
Referinsjes
Böhmer, F. et al. (2022. En uuning fuar di Taachten (die Nordfriesische Literatur). Nordfriisk Instituut.
Feitsma, A. (1959). Om in nije stavering. Us Wurk, 8-15
Klöver, H. (1998). Spurensuche in Saterland. Saterland, s. 504, 505f en 582 n. 51
Kramer, P. (1956, 12 jannewaris). Nasionale polityk moat ôfbritsen trie fan de skiednis wer opfetsje. Frysk & Frij.
Tams Jørgensen, V. (1958). ‘Staveringsfraechstikken sjoen út Noardfryslân wei’. Us Wurk 1958, 54-60
Tresoar. (1956a, 22 jannewaris). Brief Pyt Kramer oan Goasse Groustra.
Tresoar. (1956b, 8 april). Brief Pyt Kramer oan Goasse Groustra.
Tresoar. (1956c, 15 augustus). Brief Pyt Kramer oan Goasse Groustra.
Tresoar. (s.d.). Bryfke Pyt Kramer (bondeltsje “Greatfryske Rie”)
Üüsen äine wäi 5 (1955) augustus-nr. ‘Naie regle for e schriwwise’
Üüsen äine wäi 11 (1961) nr 5. Pyt Kramer, ‘Seelterlönj’.
Üüsen äine wäi 12 (1962) nr 6/7. Besprek fan “Seelter Woudebouk” troch Alfred Boysen.
Üüsen äine wäi 14 (1964) nr 3. Pyt Kramer (lêzersbrief): ‘Dåt uurd as fri (‘it wurd is frij’): Jü literatuur foon latje följke’

Laat een reactie achter